Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 2 | De messeslikker

De messeslikker

De messeslikker

Doele, Sikke
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2001
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
143
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • leafde
  • fakânsje
  • waadeilân
  • jongerein
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Sikke Doele (1942-2002) debutearre yn 1976 as dichter yn it moanneblêd De Strikel. In jier letter ferskynde syn earste fersebondel It swiet geniet. Pas yn 1999 kaam Doele mei nij literêr wurk: de ferhalebondel De gouden teeman. Dêrnei ferskynde yn 2001 de roman De Messeslikker en yn 2002 wer in ferhalebondel, mei de titel It apparaat. Postúm ferskynde fan syn hân de dichtbondel Longereilân. Sikke Doele kaam út in tige Frysksinnich fermidden. Syn heit wie ien fan de oprjochters fan de folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Sikke Doele hat lange tiid ferbûn west oan de keunstredaksje fan de Ljouwerter Krante.

Inhoud

It is simmer en de tweintichjierrige Wierd giet nei in waadeilân om fakânsjewurk te dwaan: hy giet oan de slach as iiskoman. Op it eilân treft er de achttjinjierrige Lucy; der bloeit in hertstochtlike leafde op tusken de twa, mar de leafde tusken de yntelliginte Lucy en de puberachtige Wierd hâldt gjin stân. Wierd kin it net ferdrage dat se by him weigien is en besiket har werom te winnen.   

Leesaanwijzingen

De Messeslikker fan Sikke Doele is net lestich skreaun: de sinnen binne bytiden lang, mar der steane net in soad lestige wurden yn de roman. De dialogen soargje foar tempo en de struktuer is reedlik ienfâldich. It ferrin fan de leafde tusken Wierd en Lucy is in spannend elemint yn it ferhaal. De prolooch en de epilooch jouwe dit ferhaal wol ferdjipping en sette dy oan it tinken.

Om over na te denken

Hasto wolris in fakânsjeleafde hân? Wat soest dwaan as dyn leafde it útmakket en samar ferdwynt? Kinst oer leafdesfertriet hinne komme?

Waardering

‘Ik haw de yndruk dat Doele it himsels dizze loop wat te maklik makke hat. Miskien hat er dat sels nammes wol in bytsje oanfield doe't er yn it parseberjocht fan syn útjouwerij oankundigje liet dat it hjir net gong om in roman of in novelle, mar om in 'românse.’
Jabik Veenbaas yn de Leeuwarder Courant

De Messeslikker [bliuwt] wol in hiel noflik boek om te lêzen; poergeskikt om op in eilân foar de tinte yn fuort te dreamen.’
Gerbrich van der Meer yn Friesch Dagblad

Leestips/meer weten

Oer de skriuwer: biografyske skets Tresoar
Besprek De Messeslikker yn de Leeuwarder Courant
Besprek De Messeslikker yn it Friesch Dagblad

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Doele, Sikke De messeslikker
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei de personaazjes

Opdracht

Yn De Messeslikker is Wierd nei in waadeilân tein foar in baantsje as iiskoman. Meitsje mei dyn mobyl in vlog fan seis minuten oer it ûnderwerp ‘bybaantsje’.

1. Yn de earste trije minuten fertelst oer dyn eigen bybaantsje.

  1. Wat is it foar in baantsje?
  2. Hoefolle oeren per wike wurkest?
  3. Hoe bist oan it baantsje kaam?
  4. Hast wat aardichheid oan it baantsje?

Ast sels gjin baantsje hast, meist yn dyn vlog ek in meilearling, broer of sus mei in bybaantsje ynterviewe oer dit ûnderwerp.

2. Yn de oare trije minuten fertelst oer it baantsje fan Wierd út De Messeslikker.

  1. Hoe sjocht syn dei as iiskoman der út?
  2. Fynt er it baantsje leuk?
  3. Hoe giet er mei syn baas Thijs Ruijg om?
  4. Hoe reagearret Wierd op syn klanten?
Makke trochBart Temme
Boek Doele, Sikke De messeslikker
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de personaazjes

Opdracht

De leafde tusken Wierd en Lucy hâldt gjin stân. Wierd kin dat net ferdrage, mar der komt fêst in tiid dat hy ta is oan in nije freondinne (de epilooch ferklapt al wat…).

  1. Meitsje op papier in Tinder-profyl oan foar Wierd.
    1. Hoe âld is er?
    2. Hoe sjocht er der út?
    3. Wat binne syn hobby’s?
    4. Wat binne belangrike karaktereigenskippen fan him?
    5. Watfoar in famke siket er?

Wat fynt er belangryk yn in relaasje?

Makke trochBart Temme

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Doele, Sikke De messeslikker
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om te reflektearjen op de titel

Opdracht

De titel De Messeslikker is in bysûndere titel. De titel jout fan tefoaren gjin dúdlike oanwizing wêr't it boek oer giet.

1. Nei hokker foarfal(llen) yn it boek ferwiist de titel De Messeslikker?

2. Is dat belangryk genôch dat it boek der syn titel oan ûntlient? Lis út.

3. Op Sirkwy.frl stiet: ‘In Fryske messeslikker is hiel wat oars as in Hollânske messenslikker. De titel fan it boek jout in moai foarbyld fan 'falske freonen'. Wat betsjut it wurd yn it Nederlânsk en wat yn it Frysk? Bist it dêrmei iens? Behelje yn it antwurd ek trije foarbylden út it boek.

4. Betink sels ek noch in titel en lis út wêrom't dy titel goed by it boek past.

Makke trochBart Temme
Boek Doele, Sikke De messeslikker
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om nei te tinken oer de personaazjes

Opdracht

1. Yn De Messeslikker komme twa wichtige personaazjes foar: Wierd en Lucy. Hokker personaazje út de roman is dyn favoryt? Lis dyn antwurd koart út.

2. Ut it boek krijst in byld fan de opfettingen, de prakkesaasjes en gefoelens fan Wierd en Lucy. Notearje dy punt foar punt.

 

Opfettingen:

Prakkesaasjes:

Gefoelens:

Wierd:

 

 

 

Lucy:

 

 

 

3. Hoefolle ferskille Wierd en Lucy fan inoar ast nei boppesteande skema sjochst?

4. Fynst dat de twa personaazjes in ûntwikkeling trochmeitsje yn it boek? Lis dyn antwurd út.

5. Fynst sa’n ûntwikkeling belangryk? Lis dyn antwurd út.

Makke trochBart Temme

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Doele, Sikke De messeslikker
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusiepen plakken
Learst

om nei te tinken oer iepen plakken en dêrop te reflektearjen

Opdracht

In skriuwer docht syn bêst om spanning te kreëarjen yn in ferhaal. In manier om dat te dwaan is troch iepen plakken te kreëarjen.

  1. Bestudearje de teory oer it iepen plak yn de ‘Boarnen’.
  2. Notearje trije iepen plakken út De Messeslikker. Bygelyks: wêrom is Lucy sa bang foar messen?
  3. Notearje foar elk iepen plak oft dy letter yn de roman ynfold wurdt.
  4. Roppe de iepen plakken ek in spanningsbôge op? Lis dyn antwurd koart út.
  5. Is dyn idee oer wat 'spanning' yn in boek is, feroare troch it meitsjen fan dizze opdracht? Lis dyn antwurd út.
Bronnen

Fryske Wikipedia, Iepen plak

Makke trochBart Temme
Boek Doele, Sikke De messeslikker
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmtrijetal
Fokusmiening
Learst

om dyn miening ûnder wurden te bringen

Opdracht

De Messeslikker spilet him ôf op in waadeilân. It eilân wurdt yn de simmer oerstreamd troch jongerein. Jim sille in diskusje fiere oer de stelling: ‘Ferlike mei doe is de jongerein fan no hiel braaf.’

  1. Gean op syk nei de dizze ynformaasje:
    a. Yn hokker tiid spilet it boek?
    b. Wat wie typearjend (klean, muzykstyl, ynteresses, ensfh.) foar dizze tiid?
    c. Hoe hannelje de personaazjes en hoe reagearje folwoeksenen dêrop?
    d. Wie dat typearjend foar dy tiid?
    e. Hoe grut is it ferskil tusken jongerein fan doe en no?

  2. Hâld in diskusje oer de stelling. Meitsje gebrûk fan de regels fan in diskusje. Bygelyks: lit inoar útsprekke, kom mei arguminten, ensfh.
Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje

Sikke Doele (1942-2002) debutearre yn 1976 as dichter yn it moanneblêd De Strikel. In jier letter ferskynde syn earste fersebondel It swiet geniet. Pas yn 1999 kaam Doele mei nij literêr wurk: de ferhalebondel De gouden teeman. Dêrnei ferskynde yn 2001 de roman De Messeslikker en yn 2002 wer in ferhalebondel, mei de titel It apparaat. Postúm ferskynde fan syn hân de dichtbondel Longereilân. Sikke Doele kaam út in tige Frysksinnich fermidden. Syn heit wie ien fan de oprjochters fan de folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Sikke Doele hat lange tiid ferbûn west oan de keunstredaksje fan de Ljouwerter Krante.

Ynhâld

It is simmer en de tweintichjierrige Wierd giet nei in waadeilân om fakânsjewurk te dwaan: hy giet oan de slach as iiskoman. Op it eilân treft er de achttjinjierrige Lucy; der bloeit in hertstochtlike leafde op tusken de twa, mar de leafde tusken de yntelliginte Lucy en de puberachtige Wierd hâldt gjin stân. Wierd kin it net ferdrage dat se by him weigien is en besiket har werom te winnen.   

Swierte

De roman De Messeslikker is in oantreklik boek foar N2-lêzers: it boek is net dik, de haadstikken binne koart en de tematyk sil jongerein oansprekke. Troch it auktoriale perspektyf bliuwt it ferhaal en de gefoelens fan de haadpersonaazjes bytiden wol op ôfstân. Dêr moatte N1- en N2-lêzers rekken mei hâlde. Yn de roman komme psychologyske kwestjes oan bod dy’t lêzers oan it tinken sette kinne. Watfoar ynfloed hat in jeugdleafde op dyn libben? Foar N1-lêzers binne soartgelike fragen miskien in útdaging. It boek hat ferskate iepen plakken; N1- en N2-lêzers kinne har dêr yn fêstbite, foar N3-lêzers sil dat makliker wêze, mar ek foar dy lêzers sil dat wis útdaagjend wêze.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

 

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in realistysk leafdesferhaal tusken twa personaazjes; foaral de prakkesaasjes fan haadpersonaazje Wierd freegje reewilligens fan de lêzers fan dizze roman.

Ynteresses

N2-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen. De Messeslikker jout har sa'n ferhaal. Se sille har maklik identifisearje kinne mei de haadpersoanen, twa adolesinten. Dat is foar in N2-lêzer belangryk. It tema fakânsjeleafde sil ek in protte lêzers ynteressearje.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net nedich, wol steane yn De Messeslikker ferwizingen nei de mienskip en de kultuer út de santiger jierren (hbs, Bastos, Fats Domino, Buddy Holly), mar de lêzers kinne har ek rêde sûnder kennis dêrfan. Psychyske kennis is belangriker: haadpersoan Wierd tinkt nei oer leafdesfraachstikken.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Yn De Messeslikker steane net in protte lestige wurden. Trochdat dy wurden yn in kontekst steane, hoecht it wurdboek der net altyd fuortendaliks by pakt te wurden. Dat is oantreklik foar de N1- en N2-lêzer.

Sinskonstruksjes

De lingte fan de sinnen yn it boek fariearret sterk. Doele brûkt bygelyks hiele lange bysinnen, mar syn sinnen binne bytiden ek koart (twa of trije wurden per sin).

Styl

De styl is tagonklik foar N2-lêzers. Der stiet net in soad byldspraak yn 'e roman, Doele brûkt net in protte metafoaren. De tema's binnen eksplisyt beskreaun. Foar N2-lêzers is dat moai. Wol brûkt Doele bytiden in iroanyske styl (‘Elts wie frij om it libben yn te rjochtsjen op syn eigen wize en as se miende, dat se gelokkich wurde koe mei immen dy’t foarhinne de bist úthong mar him noch yn C&A-pakken hise om opgong te meitsjen yn it libbensfersekeringswêzen dan hie se syn seine.’); foaral foar N1- en N2-lêzers kin dat lestich wêze. Itselde jildt foar de drûge humor fan Wierd yn de dialogen. N3-lêzers kinne dat miskien better wurdearje.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de haadstikken bart in soad, mar fan echte askje is gjin sprake. Dat is minder oantreklik foar N1- en N2-lêzers. It giet foaral oer de psychologyske ûntwikkeling fan de haadpersonaazjes. De dialogen soargje foar bespegelingen fan de karakters, dat is miskien lestich foar N2-lêzers, mar se soargje ek foar tempo. Uteinlik is der wol sprake fan in plot: wint Wierd syn leafde Lucy werom?

Gronology

De struktuer fan De Messeslikker is ienfâldich. De gronology slút oan by de N2-lêzer: koarte haadstikken en der is dúdlik in begjin en in ein. Yn it ferhaal sitte net in soad werom- of foarútferwizings. Se binne dúdlik oanjûn mei wytrigels. De prolooch (oer de simmertiid op in waadeilân) liket los te stean fan it ferhaal tusken Wierd en Lucy, mar slút efternei wol oan by de romte binnen it ferhaal; dêr moatte N2-lêzers miskien wol goed oer neitinke. Yn de epilooch is in grutte tiidsprong makke. Ek dat kin lestich wêze foar N2-lêzers.

Ferhaalline(n)

De ferhaalline yn de roman is goed te folgjen foar N2-lêzers: de leafde tusken Wierd en Lucy. Ek de ferhalen dêr trochhinne (it fakânsjebaantsje fan Wierd, útgean op it waadeilân) binne goed te folgjen. It ferhaal is dêrtroch net kompleks foar N1- en N2-lêzers.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld út it auktoriale perspektyf wei. Dêrtroch komt it ferhaal soms wol op ôfstân te stean fan de lêzers. In ik-perspektyf kin tagonkliker wêzer. De lêzers wurde twongen om har te identifisearjen mei Wierd en him te folgjen yn syn prakkesaasjes. Net foar elke N2-lêzer is dat maklik, foar in N1- lêzer kin dat ôfstanlik wêze.

Betsjutting

It tema, de leafde tusken Wierd en Lucy, is daliks dúdlik. Doele beskriuwt it tema eksplisyt. (‘De brune wie Wierd mear nei it sin. Se wie net allinne stikken moaier as de blonde, mar hie ek wat bysûnders oer har, in wûnderlike mingeling fan iiskâldens en gefoeligens.’). De N2-lêzer hoecht dêr net op om te stinnen.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

Yn de roman folget de lêzer foaral de hannelings fan ien personaazje, Wierd. De N2-lêzer sil in protte fan syn hannelings begripe kinne (de leafde foar in famke, fakânsje op in waadeilân, ensfh.). Lucy hat in kompleks en ûngrypber karakter; dat kinne N1- en N2-lêzers lestich fine, foar N3-lêzers is dat in moaie útdaging.

Hoemannichte

De hoemannichte personaazjes is net grut. Wierd is de sintrale persoan. Ek Lucy stiet op 'e foargrûn. De minsken om Wierd hinne binne byfigueren (syn broer Jitse, Chris, Sorgdrager, Mieke). Sawol N1-lêzers as N2-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes maklik oersjen.

Untjouwing fan karakters

De prakkesaasjes fan Wierd oer de leafde foar Lucy sille jonge lêzers befetsje kinne. Dat is har net frjemd. Dat makket Wierd net kompleks; yn syn karakter sit ek in ûntjouwing; dat is útdaagjend foar N2- en N3-lêzers.

Relevante  boarnen foar dosinten

Jabik Veenbaas, ‘Sikke Doele syn twadde mist substânsje’, Leeuwarder Courant, 08-06-2001.
Gerbrich van der Meer, ‘Noflike leafdesromânse’,  Friesch Dagblad, 02-08-2001.