Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 2 | De lêste trúk

De lêste trúk

De lêste trúk

Jong, Ferdinand de
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
2012
Uitgeverij
Friese Pers Boekerij
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
224
Genre
  • misdiedroman
Tags
  • famylje
  • freonskip
  • leafde
  • misdied
  • autisme
Taalniveau
A2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Ferdinand de Jong debutearre yn 2010 mei Guozzeflecht. Foar It dak fan de wrâld krige er de Rink van der Veldepriis 2012. Yn al syn boeken sit humor, spanning en romantyk. Ferdinand de Jong wurdt beskôge as de nije Fryske folksskriuwer. Dat betsjut dat er skriuwt foar in breed publyk yn de trant fan Rink van der Velde en Hylke Speerstra. Hy seit: 'Foar heech-literêre teksten bin ik fierstente dom… Myn boeken moatte lêzen wurde, dêr doch ik it foar. It is moai meinaam dat de minsken dêrtroch nochris wat Frysk ûnder eagen krije.' (LC, 16-2-2012).

Inhoud

Evert Jaarsma sit by de plysje. Mei syn kollega Sigert wurket er oan twa mysterieuze saken: de dea fan twa jonge froulju dy't harsels de feart ynriden hawwe en de moard op syn sweager Ernie. Evert giet alle kearen mei syn autistyske maat Henk op stap as dy optreedt mei syn Tommy Cooper-act. Sa ferjit Evert even it fertriet om de iere dea fan syn frou Janna. Yn de pleatslike snackbar treft er syn nije leafde Nicole, dy't even net de persoan is, dy't se liket te wêzen.

Leesaanwijzingen

De roman is tige tagonklik. De personaazjes en situaasjes binne werkenber en it sjenre fan de plysjeroman en leafdesroman leveret gjin grutte ferrassingen op. It taalgebrûk is konkreet. De sinnen binne koart en der binne in protte dialogen.
De lêste trúk is in betreklik tsjok boek mei in protte grutte en lytsere ferhaallinen. Dat is soms wol even trochsetten.

Om over na te denken

Soest sels in nije leafde sykje as dyn âlde leafde ferstoarn is? Wannear soe dat meie? Hoe is it om befreone te wêzen mei in autist?

Waardering

'It boek lêst flot wei, en hat de meast ûnfoarsjoene kearen, sadat pas yn it alderlêst de klû trochkomt.'
Jaap Krol yn it Frysk Deiblêd

'It is De Jong wer slagge om in wiere pageturner te skriuwen'
Tryntsje van der Steege op Ensafh.nl

Opmerkingen

It bloch fan de skriuwer is Stikelstekker.




Leestips/meer weten

Ferdinand de Jong hat in eigen bloch, Stikelstekker. Dêr kinst in protte te witten komme oer de skriuwer en syn wurk. Oare ynformaasje stiet op Wikipedia  By Tresoar: biografyske skets en boekprofyl mei resinsjes

Samengesteld door

Babs Gezelle Meerburg

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Jong, Ferdinand de De lêste trúk
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusplak en rûmte
Learst

om te sjen hoe bepalend beskriuwingen fan plak en rûmte binne foar in roman

Opdracht

Stel dy foar De lêste trúk soe ferfilme wurde.

1. Skriuw fiif plakken op dêr't sênes har ôfspylje.

2. Neam trije dingen dy't karakteristyk binne oan elk plak. Brûk by dyn antwurd sitaten of fragminten út de roman en ferwiis nei de bledsidenûmers.

3. Yn watfoar Frysk doarp soe in ferfilming fan De lêste trúk him ôfspylje kinne? Neam de namme fan in echt besteand doarp en lis dyn antwurd út oan de hân fan in foto (foto's) of in plattegrûn.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Jong, Ferdinand de De lêste trúk
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om ynformaasje oer in personaazje út de roman te keppeljen oan dyn eigen foarstelling dêrfan en in miening te jaan oer it personaazje.

Opdracht

De mem fan Henkie, Klaske de Vries, spilet in kaairol yn de oplossing fan de moard op Ernie Oosthuizen. Kinst ynformaasje oer har fine op de siden 13-15, 18, 35-36, 41-42, 62, 77, 87, 128, 207, 212, 217-224.

1. Tekenje har sa'tst har foar dy sjochst. Plak der fiif plaatsjes by dy't by har passe, bygelyks klean, kleuren, spullen dy't se hat, hoe't se wennet, relaasjes, bern. Nûmerje de plaatsjes.

2. Sykje by elk plaatsje in passend sitaat út de roman en lis op dy manier út wêrom't it plaatsje karakteristyk is foar har, sa'tsto har sjochst.

3. Sis yn ien wurd watst fan har fynst.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Jong, Ferdinand de De lêste trúk
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusferhaallinen
Learst

hoe't dit ferhaal opboud is en dat ferskillende ferhalen kombinearre wurde

Opdracht

De lêste trúk is it ferhaal fan resjersjeur Evert. Hy wurket oan twa saken. Hy is op syk nei de moardner fan syn sweager Ernie én hy wol witte wêrom't twa auto's de feart ynriden binne. De roman hâldt it midden tusken in snackbarromance en in plysjeroman.

1. Wat heart by welke ferhaalline? Set in krúske yn de kolom dêr't it tekstfragmint by heart.

 

snackbarromance

plysjeroman

Auto-ûngemak fan syn earste frou, Janna (s. 11)

 

 

De earste auto rydt yn de feart (s. 19). Twadde auto rydt yn de feart (s. 61)

 

 

Lyske en Ernie Oosthuizen maile dat se by Evert op besite komme wolle (s. 27)

 

 

Henk jout Evert syn earste stik fan In boek oer Henk (s. 79)

 

 

Evert en syn kollega Sigert geane nei de sporthal. Ernie wurdt fûn yn de kontener (s. 97-100)

 

 

De earste moeting fan Nicole / Sil en Evert (s. 115)

 

 

Sil wol op 'e nij begjinne (s. 180)

 

 

Evert sjocht in foto fan de lytse Henk mei syn mem (s. 212)

 

 

Evert ûntdekt it grêfke fan Henk syn twillingsuske (s. 6, s. 214) en de wierheid komt oan it ljocht (s. 218-222)

 

 

De allerlêste Tommy Cooper-act fan Henkie (s. 224)

 

 



2. Is der in personaazje yn de roman dat beide ferhaallinen ferbynt? Lis dyn antwurd út oan de hân fan bewizen út de roman.

3. Wêrom komt de prolooch op side 6 werom op side 214?

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Jong, Ferdinand de De lêste trúk
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om ien romanpersonaazje derút te ljochtsjen en de ynformaasje dy't de roman oer him jout te kombinearjen.

Opdracht

Beantwurdzje de folgjende fragen:

Plysjeresjersjeur Evert is al hiel lang befreone mei Henkie.

1. Neam fiif bynammen fan Henkie.

2. Besjoch de foarkant fan it boek. Past dy by it ferhaal?

3. Henkie spilet Tommy Cooper-acts. Wa wie Tommy Cooper? Besjoch ien act fan him op YouTube. Skriuw op watfoar filmke oftst besjoen hast.

4. Neam trije typyske gewoanten fan Henk.

5.  Is de Henk yn it earste haadstik fan de roman (Tommy Cooper) deselde as de Henk yn it lêste haadstik fan de roman (Tommy Cooper!)?

6. Wêrom stiet der in útropteken achter de titel fan it lêste haadstik?

7. Wêr giet Henk syn eigen boek oer? Belûk yn dyn antwurd de skeanprinte fragminten op side 78-80, 198-203.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Jong, Ferdinand de De lêste trúk
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusskriuwersopfetting
Learst

om te sjen nei de bedoeling fan de skriuwer en nei te gean oft er yn syn opset slagget.

Opdracht

1. Googelje de skriuwer Ferdinand de Jong.

2. Wêrom hat de skriuwer dit ferhaal sa op papier setten, tinkst? Lis dyn antwurd út oan de hân fan de ynformaasje dy'tst op ynternet fûn hast.

3. Lês it motto op de earste side. Wat is it arkje fan Rink? Wat binne foar dy tsien bepalende wurden yn dit motto? Skriuw se op.

4. Ferdinand de Jong seit yn in ynterview: 'Foar heech-literêre teksten bin ik fierstente dom… Myn boeken moatte lêzen wurde, dêr doch ik it foar. It is moai meinaam dat de minsken dêrtroch nochris wat Frysk ûnder eagen krije.' (LC 16-02-2012).

Jou oan op wat foar manieren Ferdinand de Jong mei De lêste trúk besiket om in breed publyk te lûken. Sykje dêr trije bewizen foar yn de tekst.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg
Boek Jong, Ferdinand de De lêste trúk
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaad- en bysaken
Learst

om haad- en bysaken te skieden en op in mear ôfstanlike manier nei it boek te sjen

Opdracht

Oan 'e ein fan it ferhaal, yn it haadstik 'Tommy Cooper!', wurdt ferteld oer de show dy't Henkie opfiert yn de bibleteek fan syn doarp en as er syn boek presintearret.
Opdracht: do bist sjoernalist by de pleatslike krante en dochst ferslach fan it programma. Skriuw in kranteberjocht tusken de twahûndert en trijehûndert wurden en jou koart en feitlik wer wêr't it programma út bestie en wat de achtergrûn dêrfan wie. Foar it lêste moatst goed witte wat wichtich is yn it ferhaal.

Makke trochBabs Gezelle Meerburg

Docenteninformatie

Yntroduksje 

Ferdinand de Jong debutearre yn 2010 mei Guozzeflecht. Foar It dak fan de wrâld krige er de Rink van der Velde-priis 2012. Yn al syn boeken sit humor, spanning en romantyk. Ferdinand de Jong wurdt beskôge as de nije Fryske folksskriuwer.

Ynhâld

Evert Jaarsma sit by de plysje. Mei syn kollega Sigert wurket er oan twa mysterieuze saken: de dea fan twa jonge froulju dy't harsels de feart ynriden hawwe en de moard op syn sweager Ernie Oosthuizen. Evert giet alle kearen mei syn autistyske maat Henk op stap as dy optreedt mei syn Tommy Cooper-act. Sa ferjit Evert even it fertriet om de dea fan syn frou Janna. Yn de pleatslike snackbar treft er syn nije leafde Nicole, dy't even net de persoan liket te wêze dy't se is.

Swierte

De roman freget fan de lêzer basale algemiene kennis en minskekennis. De personaazjes en situaasjes binne werkenber en it sjenre fan de plysjeroman anneks leafdesroman is net ferrassend. It draait om aksje en de roman einiget mei in haadstik oer wat der fan de personaazjes wurden is. Dat makket de roman geskikt foar N1- en N2-lêzers. N1-lêzers kinne it boek wat it taalgebrûk oangiet maklik oan. De sinnen binne koart en ienfâldich mei in protte dialogen. Wêr't sy faaks tsjinoanrinne sille, is de hoemannichte ferhaallinen en personaazjes en net te ferjitten: it relatyf hege oantal siden. N3-lêzers sille it ferhaal en de ferhaallinen goed folgje kinne en kinne it ferhaal en it sjenre mei mear ôfstân besjen. Se kinne begjinne nei te tinken oer ferskillen tusken 'echte' literatuer en lektuer.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N1-lêzer moat him meislepe litte troch de plot en him net op 'e doele bringe litte troch details dy't it ferhaal soms wat yngewikkeld en lang meitsje. Foar de N2-lêzer is it wat taal en tema oangiet in prima lêsber boek. De N3-lêzer kin yn de ferhalen dûke, kin neitinke oer it sjenre en oer de fraach oft it in slagge en oannimlik ferhaal is of net.

Ynteresses

Foar lêzers dy't graach romantyske ferhalen en plysjeromans lêze (of in komby dêrfan), is De lêste trúk in nijsgjirrich boek.

Algemiene kennis

Net fereaske

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Net fereaske

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is deistich.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart en net kompleks.

Styl

De manier fan útdrukken is konkreet.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de roman fynt in protte hanneling en aksje plak.

Kronology

De roman is gronologysk ferteld mei inkelde langere flashbacks.

Ferhaalline(n)

 Der binne ferskillende ferhaallinen:
- Evert is mei syn kollega's op syn nei de moardner fan syn sweager Ernie
- Evert fynt syn nije leafde Nicole dy't eins Sil hjit.

Dêrnêst binne der minder wichtige ferhaallinen:
- Evert is op syk nei de achtergrûn fan twa deade famkes (wurdt net oplost)
- Evert krijt besite fan syn suster út Súd-Afrika en de lêzer krijt ynformaasje oer har ferline dêr en oer famylje ferhâldingen
- Evert syn earder houlik mei Janna, dy't troch in auto-ûngemak om it libben kaam is
- De skiednis fan Henkie en syn mem, ek yn relaasje ta Evert

Perspektyf

 It ferhaal wurdt ferteld troch 'ik'-ferteller Evert.

Betsjutting

 It ferhaal hat gjin djippere betsjuttingslagen. It giet om de aksje.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

Der binne in protte personaazjes:
Evert Jaarsma
Evert syn kollega's Sigert Tamminga en syn kommissaris Houksma
Evert syn âlden Fekke en Gepke Jaarsma
Evert syn suster Lyske en har man Ernie Oosthuizen
Henkie de Vries en syn mem Klaske
Evert syn nije leafde Nicole / Sil.

Hoemannichte

Der binne frijwat personaazjes, allegearre mei in eigen ferhaal. Evert is it haadpersonaazje en dat moatte N1-N3 lêzers goed yn de gaten hâlde.

Untwiklingen fan de karakters

De karakters binne flat, nettsjinsteande dat guon personaazjes har fan in oare kant sjen litte (Henkie en syn mem, Nicole/Sil).

Relevante  boarnen foar dosinten

Ynformaasje oer de skriuwer is te finen op Wikipedy en Tresoar.
Ferdinand de Jong hâldt in bloch by en dêr binne ek besprekken fan syn romans op te finen.