De gouden swipe
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 1941 [15de pr. 2010]
- Uitgeverij
- A.J. Osinga
- Plaats
- Boalsert
- Aantal pagina's
- 260
- Genre
-
- boereroman
- Tags
-
- heit-soanrelaasje
- hynders
- jierren '30
- stânsferskil
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Abe Brouwer wurdt berne op Burgumerheide (no: Noardburgum) yn 1901. As arbeidersbern moat Abe sa gau mooglik oan it wurk en giet er der op syn alfde jier al mei syn heit op út om te strjitlizzen. Sa komt er rûnom yn Fryslân en leart er it goed kennen. Syn heit fertelt him oer de skiednis en it lânskip en Abe docht in grutte leafde foar Fryslân en it Frysk eigene op. As er yn Eindhoven yn de swaksinnigensoarch wurket, docht bliken dat er eins net bûten Fryslân kin. Hy siket ôflieding yn toanielspyljen en it skriuwen fan stikken en ferskes yn it Hollânsk oer Fryske gebrûken. Dy wurde opnommen yn pleatslike krantsjes. Oantrune troch syn âldste suster om Frysk te skriuwen, skriuwt er in hiele rige sketsen, toanielstikken, romans en ferhalen. De gouden swipe wurdt earst as fúljeton publisearre yn it wykblêd Sljucht en Rjucht. Yn 1941 ferskynt it as roman, Abe Brouwer syn debút. It skerp tsjinoer inoar stellen fan karakters makket syn boeken populêr. It giet him mear om it ferhaal fan de minsken as om de literêre boeken.
Inhoud
Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats en syn frou Lysbet en krijt er spul mei syn soan Ate. Lange tiid prate heit en soan net mei elkoar, oant Douwe tajout dat Ate gelyk hat. De beide mannen fersoene har mei elkoar. Mar as stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider komt der op 'e nij spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút mei de hynstedraverij om de gouden swipe útfochten.
Leesaanwijzingen
Hynstedraverijen, belslydzje, reedride, leafde, ferrie troch in freon, ferskil yn achtergrûn, in generaasjekonflikt, in draverij om de gouden swipe tusken it hynder Marja fan Douwe Wallinga en Mr X. fan wa? Der sit in soad aksje yn De gouden swipe. De koarte haadstikken litte har lêze as koarte ferhaaltsjes. In rûzje tusken heit en soan of spanningen tusken âlden en bern hast miskien wol ris by oaren of thús meimakke. En miskien sels wol spul om in freondinne of freon. Wat soks oanbelanget jout dit boek in ferhaal fan alle tiden. De taal en de lange sinnen yn de beskriuwende dielen binne dreech mar ast dy fêsthâldst oan de ferhaalline kinst wol genietsje fan De gouden swipe. Faaks libbest mei mei Ate dy't by syn heit net mear yn tel is om't er gedoente hat mei in arbeidersfamke. En miskien krijst by it lêzen wol each foar de moaie beskriuwings fan Fryslân en fan de âlde wize fan buorkjen.
Om over na te denken
Hasto wolris konflikten (hân) mei dyn âlden? Om wat foar saken gie dat dan? En hoe heech rûnen dy rûzjes op? Wat soesto oer hawwe foar de leafde fan dyn libben?
Waardering
"Abe Brouwer is in earste klas ferteller. Hy wit sa byldzjend te skriuwen dat it ferhaal by de lêzer as in film oerkomt. Dat filmyske is ien fan de geheimen fan it sukses fan dizze roman."
Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad
"Een groot compliment aan dit boek, dat is geschreven met een grote vaart en dat ons een bewogen verhaal geeft met sterke figuren en een spannende handeling van de eerste tot de laatste bladzijde."
M. Wolters yn de Volkskrant
Opmerkingen
Abe Brouwer bewurke De gouden swipe ta in toanielstik. Op basis fan roman en toanielstik makke Steven de Jong yn 1996 de film De gouden swipe. Yn de film spylje ûnder oaren Rense Westra, Steven de Jong en Maaike Schuurmans in haadrol. Mei de titelsong 'In nije dei' bruts De Kast lanlik troch. De tekst fan De gouden swipe is ek yn te sjen op de dbnl.
Leestips/meer weten
Biografyske skets fan de skriuwer op tresoar.nl
Samengesteld door
Lieukje Leistra-ReidsmaAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Brouwer, Abe De gouden swipe |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | poster |
Learst | om nei te tinken oer it ûnderwerp, de sfear en de tematyk |
Opdracht | Meitsje in opfallende poster by De gouden swipe. De poster is bedoeld om it boek ûnder de oandacht fan de learlingen te bringen, sadat sy it boek lêze sille. De poster moat net allinne de oandacht lûke en oantreklik foarmjûn wêze, mar moat ek in yndruk jaan wêr't it boek oer giet. Dyn doelgroep is dus: leaftiidsgenoaten. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Brouwer, Abe De gouden swipe |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | betsjutting |
Learst | om nei te tinken oer de betsjutting fan it boek |
Opdracht | Hjirûnder sjochst by Downloads sân ferskillende omkaften fan De gouden swipe: fjouwer fan Fryske edysjes, twa Nederlânske en ien Amerikaanske (mei de achterflap derby). |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Brouwer, Abe De gouden swipe |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst | om te reflektearjen op de titel |
Opdracht | 1. Wat fynsto fan de titel fan it boek De gouden swipe? Lis út watst der goed oan fynst en wat minder goed. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Brouwer, Abe De gouden swipe |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal as it mooglik is, oars yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst | om personaazjes en relaasjes te analysearjen |
Opdracht | Yn dizze opdracht meitsje jim in sosjogram ('sociogram') fan de acht foarnaamste personaazjes. Sjoch hjirûnder by de Downloads.
|
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Brouwer, Abe De gouden swipe |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 3 slu |
Wurkfoarm | twatal (kin ek yndividueel dien wurde) |
Fokus | ferfilming |
Learst | om te reflektearjen op ferskillen tusken boek en film |
Opdracht | De gouden swipe is yn 1996 troch Steven de Jong ferfilme. De film hat deselde titel as it boek. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Boek | Brouwer, Abe De gouden swipe |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | tematyk |
Learst |
om te reflektearjen op de tematyk yn it boek en it liet út de film |
Opdracht |
It liet 'In nije dei' fan De Kast is nei't it brûkt waard yn de
film De gouden swipe in grutte hit wurden. |
Makke troch | Lieukje Leistra-Reidsma |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Abe Brouwer waard berne op Burgumerheide (no: Noardburgum) yn 1901. Syn heit wie strjitmakker. In arbeidersbern moast yn dy tiid sa gau mooglik oan it wurk. Op syn alfde jier gie Abe der al mei syn heit op út om te strjitlizzen. Sa kaam er yn hast alle hoeken fan Fryslân en learde er it goed kennen. Syn heit fertelde him oer de skiednis en it lânskip yn elke streek en Abe die in grutte leafde foar Fryslân en it Frysk eigene op. Fan 1920 oant 1925 wurke er yn Eindhoven yn in gesticht foar swaksinnigen. Dêr die bliken dat er eins net bûten Fryslân koe. Hy socht ôflieding yn toanielspyljen en it skriuwen fan stikken en ferskes yn it Hollânsk oer Fryske gebrûken. Dy waarden opnommen yn pleatslike krantsjes.Oantrune troch syn âldste suster skreau er in hiele rige sketsen, toanielstikken, romans en ferhalen yn it Frysk. De gouden swipe waard earst as fúljeton publisearre yn it wykblêd Sljucht en Rjucht.Yn1941 ferskynde it as roman, de earste dy't Abe Brouwer skreau. It skerp tsjinoer inoar stellen fan karakters makke syn boeken populêr. It gie him mear om it fertellen fan ferhalen foar in breed publyk as om literêre boeken.
Ynhâld
Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats en syn frou Lysbet en krijt er spul mei syn soan Ate. Lange tiid prate heit en soan net mei elkoar, oant Douwe tajout dat Ate gelyk hat. De beide mannen fersoene har mei elkoar. Mar as stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider komt der op 'e nij spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút mei de hynstedraverij om de gouden swipe útfochten.
Swierte
De gouden swipe bestiet út trije dielen mei oan begjin en ein in koart stik dat it ramt is fan it ferhaal en dat fierder amper fan belang is. De trije dielen hawwe elk tsien haadstikken. De lingte fan de haadstikken fariearret fan sa'n fiif oant tsien siden. Foar benammen de N1-lêzers binne dat hânsume brokken tekst. De dialogen binne yn koarte sinnen werjûn en foar N1- en N2-lêzers goed lêsber. Oars is dat mei de beskriuwende stikken. Se jouwe in prachtich byld fan Fryslân en it libben en wurk op en om de pleats. Mar eart in lêzer dat sjocht, moat er him earst troch lange sinnen wrakselje, mei njonken in haadsin in soad bysinnen, en in protte, faak drege, wurden. Foar in N1-lêzer is dat hast net te dwaan en ek in N2-lêzer sil alle war dwaan moatte en kom troch de tekst hinne. Dat wurdt noch dreger om't der yn dit boek út 1941 in soad wurden brûkt wurde foar boerewurk, -ark en -libben dy't troch it modernisearjen fan de lânbou tsjintwurdich net mear bekend binne. N3-lêzers kinne dêr ek lêst fan hawwe.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N1- en N2-lêzer sil boeid wêze moatte troch it ferhaal fan Douwe Wallinga en syn hâlden en dragen benammen tsjin syn soan oer. Oars sil er it boek oan kant lizze om't de beskriuwende stikken sa dreech binne. Mar it ferhaal is wol meinimmend: striid tusken heit en soan en in ferbeane relaasje. It is in ferhaal fan alle tiden. N3-lêzers sille djipper sjen kinne yn: de achtergrûn, de karakters, it âlde dat bliuwe moat yn feroarjende tiden. |
Ynteresses |
In lêzer dy't affiniteit hat mei buorkjen, út in boerefermidden komt of op it plattelân wennet, sil faaks wat mear ynteresse hawwe yn De gouden swipe. |
|
Algemiene kennis |
Algemiene kennis is net fereaske. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Literêre kennis is net fereaske. Kennis oer it boerelibben benammen yn de tiid foar de meganisaasje kin it lêzen fan it boek makliker meitsje. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk yn de dialogen is tagonklik, yn de beskriuwende stikken is it dreech. It brûken fan wurden fan foar de Twadde Wrâldoarloch en foaral wurden dy't te krijen hawwe mei it boerewurk binne foar in soad lêzers dreech nei te kommen. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen yn de dialogen binne koart. De beskriuwende teksten binne mei lange gearstalde sinnen en wiidweidich en âlderwetsk wurdgebrûk foar N1- en N2-lêzers dreech om troch te kommen. |
|
Styl |
De styl is foar N1-lêzers troch wurdgebrûk en sinskonstruksjes yn de beskriuwende teksten sa dreech dat it oanlieding wêze kin en lis it boek oan kant. In N2-lêzer sil him fêstbite moatte yn de ferhaalline en in N3-lêzer krijt miskien ûnderwyls wol each foar it moaie yn dy beskriuwingen. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Hynstedraverijen, belslydzjen, reedride, leafde, ferrie troch in freon, generaasjekonflikt, in draverij om de gouden swipe dy't alles besljochtet: der sit genôch aksje yn De gouden swipe. |
Gronology |
It ferhaal wurdt yn de dielen I, II en III gronologysk ferteld. Oanrin en Ofskie spylje dêrnei en foarmje it ramt fan it ferhaal. |
|
Ferhaalline(n) |
De fernaamste ferhaalline is it generaasjekonflikt. De ferhâlding tusken heit en soan komt troch konflikten oant twa kear ta faai te stean. Beide kearen hat in frou dêr in belangryk oanpart yn: mem Wallinga en de faam Janke. De gouden swipe spilet ek in rol. Oan it begjin kostet dy Douwe hast syn pleats en syn frou. By it earste konflikt tusken heit en soan wurdt de swipe brûkt om de soan lústerje te litten. Oan 'e ein wurdt mei de hurddraverij om de gouden swipe it konflikt besljochte. |
|
Perspektyf |
It perspektyf is de auktoriale ferteller. |
|
Betsjutting |
N1-lêzers kinne De gouden swipe lêze as in oanienskeakeling fan koarte ferhaaltsjes dêr't fan alles yn foarkomt. De N2-lêzer sil meilibje kinne mei Ate dy't sa folle te ferduorjen krijt fan syn heit om't er net docht sa't heit wol. Dat kin hiel werkenber wêze. N3-lêzers kinne har dêrnjonken ferdjipje yn de motiven fan heit Douwe en hoe't hy komt ta it gedrach dat er sjen lit. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Haadpersonaazjes binne Douwe Wallinga en syn soan Ate. Lysbeth, de frou fan Douwe, en Janke, de faam fan Ate, spylje in belangrike rol. Jouk, faam/húshâldster en omke Ids binne fan belang as riedslju. Wilco Hearema is de kweade genius. Doutzen, syn dochter wurdt fan syn hâlden mei de dupe. |
Oantal karakters |
Der spylje in grut tal karakters yn it boek. De by 'karakters' neamde persoanen spylje de belangrykste rollen en hawwe in dúdlike funksje. De oare karakters, meast folk op en om de pleats, binne mear sydlings belutsen. De skriuwer Waling Dykstra komt yn it ferhaal ek foar as freon fan omke Ids. |
|
Untjouwing fan de karakters |
De grutste ûntjouwing sit yn it karakter fan Douwe Wallinga. Syn grutte dream, it winnen fan de gouden swipe, soarget dat er hast de pleats, syn frou en syn soan kwytrekket. It stânsferskil en syn hurde kop moat er oerwinne om it foar de twadde kear wer goed te krijen mei Ate. Dat kostet de grutske boer in soad muoite. De oare karakters binne flak, it binne statyske figueren mar wol mei heftige emoasjes. Om't der gjin djippere lagen yn it boek foarkomme -der stiet wat der stiet - wurdt it boek as triviaal sjoen fol mei 'boere- en Fryslânromantyk'. Foar N1- en N2-lêzers kin dat genôch foldwaning jaan. Foar N3-lêzers sit de útdaging miskien net sa sear yn de personaazjes mar krekt yn de beskriuwingen fan boerewurk, natuer en Fryslân yn dy tiid. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Biografyske skets op tresoar.nl |