De fûgel
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2006
- Uitgeverij
- Utjouwerij Venus
- Plaats
- Frjentsjer
- Aantal pagina's
- 77
- Genre
-
- novelle
- Tags
-
- doarpslibben
- fûgel
- bûtensteander
- mienskip
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Trinus Riemersma is ien fan ús grutte Fryske skriuwers. Hy hat in soad titels op syn namme stean: proaza, poëzy, toaniel, essees, wittenskiplik wurk en kollums. Hy skriuwt faak eksperiminteel en dat kin dan ‘alle kanten opgean.’ Hy is berne yn Ferwert (1938). Hy wie earst skoalmaster yn Gau en Hjerbeam. Dat paste net goed. Hy lei him ta op de stúdzje fan de Frisistyk en op syn skriuwerskip. Yn syn literêre boeken besocht er hieltiten wer wat nijs út mei de foarm en de ynhâld. Yn Fryslân waard er besjoen as literêr firtuoas, mar net elkenien wurdearre syn wurk. Hy krige twa kear de Gysbert Japicxpriis, ien kear foar de roman Fabryk (1964) en ien kear foar de roman De reade bwarre (1995). Riemersma hat hast syn hiele libben yn Frjentsjer wenne. Hy stoar yn 2011 yn it sikehûs fan Ljouwert.
Inhoud
It ferhaal spilet him ôf yn in typysk Noard-Italjaansk doarpke dat idyllysk boppe-op in heuvel leit. Hiel lang lyn wie it in doarp fan oansjen, mar no is it der wat ynsliept en stil. Op in dei hinget der in hiel grutte fûgel yn de loft. De ynwenners witte wol dat dat net folle goeds bringt, want de âlderen kenne dy kolossale fûgel noch út harren bernetiid.
Leesaanwijzingen
Fuort op de earste side silst foar dy sjen wat der op in dei yn in rêstich en stil Italjaansk doarke bart: ‘As in helikopter hong er yn de loft.’ It ferhaal sil dy pakke en meinimme.
Der is yn de novelle net ien spesjaal persoan dy’t de haadrol hat en yn wa’tst dy ynlibje kinst. It is earder in ‘doarpstoaniel’ mei in protte personaazjes.
Om over na te denken
Wat soesto dwaan ast witst dat earne in grizelich bist ferskûle lei, klear om dy te pakken? Soest safolle mooglik yn 'e hûs bliuwe, soest der ien op ôf stjoere of soest wat oars dwaan?
Waardering
"Ek dyn wenplak hat sa'n fûgel, sa'nien dy't samar komt en like hurd wer fuort is. Ien dy't saken ferdwine lit en minsken bang makket."
Hessel Yntema, studint learare-oplieding Frysk
"In novelle neamt Trinus Riemersma it … Dêrby giet om de doarpsmienskip, net sasear om it yndividuele belibjen: net allinne troch de yllustraasjes, ek yn de sfearfolle beskriuwing sjochst it doarp sa foar dy."
Elske Schotanus op har eigen webside
Opmerkingen
De novelle hie as wurktitel De wrekingel. Dat is dus úteinliken De fûgel wurden. It ferhaal is ek te beharkjen as mp3. Sjoch dêrfoar www.luisterrijk.nl of op de webside fan de bibleteek.
Leestips/meer weten
- Besprek fan Jelle van der Meulen, De fûgel. Yn: Besprekingen van het werk van de Friese auteur Trinus Riemersma (frieseliteratuur.nl)
- Besprek fan Elske Schotanus, De fûgel. Yn: De fûgel, Trinus Riemersma – Elske Schotanus
- Fragmint oer De fûgel yn it onlinedeiboek fan Henk van der Veer (16 maart 2011): Henk van der Veer
- Beskriuwing fan de skriuwersbiografy op Sirkwy: Riemersma, Trinus (tresoar.nl)
Samengesteld door
Babs Gezelle MeerburgAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Riemersma, Trinus De fûgel |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | wurden omsette yn lûd en byld |
Learst | de beskriuwingen fan de fûgel nochris yn detail te lêzen en gear te fetsjen |
Opdracht | Fuort op de earste bledside komst al mei de heimsinnige grutte fûgel yn oanrekking. Sa no en dan komt er werom. 1. Mario en Enrico binne de earsten dy’t de fûgel sjogge. Nim fan de earste twa siden de beskriuwing fan de fûgel oer. Wat sizze Mario en Enrico as earste reaksje? |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Riemersma, Trinus De fûgel |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynlibje yn in personaazje |
Learst | om te sjen nei hoe’t de skriuwer in personaazje delset (en ynformaasje weilit) |
Opdracht | Allesandra is in bûtensteander yn it doarpke. Se is in frou-allinne. Se wurdt aardich berabbe, der wurdt dus in soad oer har praten. |
Bronnen | Besprek fan Elske Schotanus, De fûgel. Yn: De fûgel, Trinus Riemersma – Elske Schotanus |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Riemersma, Trinus De fûgel |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | spanning opbouwe yn in ferhaal |
Learst | hoe’t yn in ferhaal spanning oproppen wurde kin |
Opdracht | Besjoch dit filmke op YouTube: Meisje (8) gegrepen door mega-arend - YouTube. 1. Komt it neffens dy faker foar dat grutte fûgels bern oanfalle of meinimme? Kenst in ferhaal of in film dêr’t dat ek bart? As dat sa is, neam dan in foarbyld. |
Literaire theorie | Spanning In wichtige reden om troch te lêzen yn in boek is datst benijd bist nei de ôfrin. In avontuereroman is faak spannend, omdatst witte wolst hoe’t de held him út lestige sitewaasjes rêdt en in leafdesroman is spannend, omdatst witte wolst oft se inoar krije. Foar elk soart ferhaal is spanning dus wer wat oars. Der binne ferskate techniken om spanning yn in ferhaal te bringen:
Nei: Basisboek literatuer (2015) |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Riemersma, Trinus De fûgel | |||||||||||||||||||||
Nûmer | N2/2 | |||||||||||||||||||||
Nivo | 2 | |||||||||||||||||||||
Stúdzjelêst | 2 slû | |||||||||||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | |||||||||||||||||||||
Fokus | lokaasje | |||||||||||||||||||||
Learst | om te sjen nei it belang fan in goede lokaasjebeskriuwing | |||||||||||||||||||||
Opdracht | Foar in lêzer fan in boek is it fan belang dat er him in foarstelling meitsje kin fan it plak dêr’t it ferhaal him ôfspilet. De lêzer moat rûke, fiele, hearre en priuwe wêr’t it ferhaal him ôfspilet. Lês de ynformaasje dy’tst oer lokaasje en romte fynst ûnder it kopke Literêre teory. 1. Hjir flak boppe steane de fiif sintugen neamd: sjen, rûke, fiele, hearre en priuwe. Nim de novelle De fûgel derby en neam foarbylden wêr’t de skriuwer ien fan de personaazjes sjen, rûke, fiele, hearre en priuwe lit (en dy as lêzer dus ek). Neam fiif sitewaasjes en de bledsidenûmers. Foarbyld:
3. Fryske boeken spylje har meastal ôf yn Fryslân. Betink in koart ferhaal of reportaazje foar Omrop Fryslân fan ûngefear 300 wurden dêr’tst it ferhaal fan De fûgel ferpleatst nei Fryslân. Meist in ferhaal skriuwe, in reportaazje of in opname meitsje. | |||||||||||||||||||||
Literaire theorie | Lokaasje/Romte Lokaasje of romte is tige fan belang yn in ferhaal. It is in breed begryp en kin gean oer bygelyks in keamer, hûs, strjitte, doarp, stêd, lân of lânskip. Ast de romte yn in ferhaal beskriuwst, sjochst watfoar sfear der hinget en hoe’t it personaazje de romte belibbet. Dat seit ommers ek in soad oer himsels. De romte kin ek helpe om de beskriuwing fan in sitewaasje of hanneling krêft by te setten. | |||||||||||||||||||||
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Riemersma, Trinus De fûgel |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slû |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | op de titel fan it boek |
Learst | te tinken yn alternativen |
Opdracht | Skriuwer en dichter Henk van der Veer hat Trinus Riemersma goed kennen. Hy skriuwt syn bloch yn it Snekers: ‘In november 2005 krij ik yn novelle fan Trinus onder ogen met ut fersoek om hem te fertellen ‘oft dit ferhaal de muoite fan it útjaan wurdich is?’. In de brief skrieft Trinus: Hjirby de novelle De wrekingel. As titel fan it manuskript lees ik De wrekfûgel en as it boekje in 2006 ferskynt ut met as titel De fûgel.’ Dit deiboekfragmintsje lit sjen dat de novelle earst De wrekingel hiet, doe De wrekfûgel en dêrnei útkaam as De fûgel. 1. Watfoar fan dizze trije titels fynsto it bêste passen by dit boek? Jou fan elke titel in pluspunt en in minpunt. |
Bronnen | Deiboek 16 maart 2011. Henk van der Veer |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Riemersma, Trinus De fûgel | ||||||||||||
Nûmer | N3/2 | ||||||||||||
Nivo | 3 | ||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slû | ||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel en mei oare learlingen | ||||||||||||
Fokus | personaazjes | ||||||||||||
Learst | de personaazjes as doarpstypes te sjen | ||||||||||||
Opdracht | It doarp as gehiel bestiet út yndividuele ynwenners. Riemersma skriuwt: ‘In doarp hat in stikmannich rollen dy’t troch persoanen spile wurde moatte, lykas de swetshals, de dogeneat, de stille, it knypkoekje, de stinder. Foar froulju binne der it nijsblêd, de rabbelskûte, de gleone, it fiiske, it flittergat, de hittepetit.’ (s. 39). 1. Meitsje in tabel mei 12 rigels en trije kolommen. Skriuw yn de earste kolom de alve wurden dy’t kursyf hjirboppe stean ûnderinoar. Sykje op taalweb.frl de betsjutting op en skriuw dy derachter yn kolom 2.
3. Komme by dy yn it doarp ek minsken foar dy’t sa bekend steane? Betink trije foarbylden, mar dy hoechst net op te skriuwen. Dat is bygelyks te sjen by de begraffenistsjinst fan Luigi as de kapelaan sprekt (haadstik 9): ‘Wat wol dy fint te lekskoaien!’ klonk it ynienen. Der waard lake en in oarenien foel de sprekker by: ‘Lit him syn bek hâlde!’ […] ‘Bliuw mei dyn smoarge bek fan Luigi ôf!’. Beskriuw yn 5-10 rigels de begraffenis fan Luigi. 5. Witst út dyn eigen libben ek foarbylden fan doarps- of stedsbewenners dy’t grutsk binne op har doarp of stêd en gjin krityk fan bûtensteanders ferneare kinne? Lis dyn antwurd út yn 5 rigels. | ||||||||||||
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Trinus Riemersma is ien fan ús grutte Fryske skriuwers. Hy hat in soad titels op syn namme stean: proaza, poëzy, toaniel, essees, wittenskiplik wurk en kollums. Hy skriuwt faak eksperiminteel en dat kin dan ‘alle kanten opgean.’ De novelle De fûgel is lyts en ienfâldich, mar likegoed sfearfol en spannend. It ferhaal is foarsjoen fan kryttekeningen. Mindere oefene lêzers sille it ferhaal en de taal goed benei komme kinne. Wa’t nocht hat oan it wurk fan Riemersma, kin fierder lêze yn syn wurk oant en mei nivo 6 ta. De roman is in moai opstapke nei oar wurk fan Riemersma.
Ynhâld
It ferhaal spilet him ôf yn in typysk Noard-Italjaansk doarpke dat idyllysk boppe-op in heuvel leit. Hiel lang lyn wie it in plak fan oansjen, mar no is it der wat ynsliept en stil. Op in dei hinget der in hiel grutte fûgel yn de loft. De ynwenners witte wol dat dat net folle goeds bringt, want de âlderen kenne dy kolossale fûgel noch út harren bernetiid.
Swierte
De fûgel spilet him ôf yn in wrâld dy’t in protte learlingen fan N1 oant N6 wol kenne fan har eigen fakânsjes of út film- en tv-bylden fan de Toskane. N1-lêzers sille har net gau werkenne kinne yn de personaazjes, want dêr is it ferhaal net foar bedoeld. N1-lêzers sille har grif fermeitsje mei De fûgel as meinimmend skreaun ferhaal mei wat aksje deryn. N2-lêzers werkenne de doarpske types en sille har oansprutsen fiele troch de spanning dy’t it ferskinen fan de fûgel by de minsken opropt. N3-lêzers kinne reflektearje op it doarp dat as ien organisme op de fûgel reagearret, want dêr leit de djippere laach yn it ferhaal. Yn it wurk fan Riemersma is de beskriuwing fan in doarp as ien organisme in faker foarkommend ûnderwerp. De fûgel hat in beheind tal bledsiden en dat jout begjinnende lêzers de kâns om ek wat fan Trinus Riemersma te lêzen.
Didaktyske en letterkundige analyze
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It boek begjint pakkend en is opdield yn haadstikken. It ferhaal is foarsjoen fan tekeningen dy’t it ferhaal ‘lucht’ jouwe en dat is noflik foar N1-lêzers. De N1-, N2- of N3-learling sil it net dreech fine om deryn te begjinnen. |
Ynteresses |
It boek is nijsgjirrich foar N1-learlingen dy’t fan in ferhaal mei wat aksje hâlde dat ek kwa taal net al te dreech is. N2-lêzers kinne mei De fûgel in positive lêsûnderfining opdwaan mei’t se de sitewaasjes dy’t Riemersma delset maklik foar har sjogge. N3-lêzers kinne op syk nei djippere lagen yn in skynber oersichtlik ferhaal. |
|
Algemiene kennis |
Der is gjin algemiene kennis fereaske om it ferhaal nei te kommen. It is wol fan belang om jin te realisearjen dat it net spesjaal in jongereinboek is. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske om dit boek te begripen. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It boek is skreaun yn natuerlik en geef Frysk. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne skreaun yn natuerlik Frysk, ek wol sprektalich. |
|
Styl |
De styl is soms lichtiroanysk. Dat kin lestich wêze foar mindere oefene lêzers op N1 en N2. Se misse net folle oan ynhâld as de iroany net pakke. Foar N3-lêzers bringt de irony wat nijs om oer nei te tinken. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn it boek sit wol aksje en dat sil benammen de lêzers op N1- en N2-nivo helpe om troch it ferhaal hinne te lêzen. |
Gronology |
It ferhaal is gronologysk ferteld mei koarte en langere flashbacks. Dy binne net steurend foar begjinnende lêzers om de ferhaalline beet te hâlden. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is mar ien grutte ferhaalline, dy fan it doarp en de grutte fûgel. Der wurde ek libbensferhalen fan doarpsynwenners ferteld en dat binne lytse fragmintsjes. |
|
Perspektyf |
It perspektyf is alwittend. In fiktive ferteller rjochtet him ta in fiktyf publyk fan lêzers dêr’t wy ek by hearre. It ferhaal is tradisjoneel ferteld, hast as in folksferhaal. |
|
Betsjutting |
N1-lêzers sille dit boek beskôgje as in spannende ferhaal oer in doarpke yn Noard-Itaalje. N2-lêzers sille it noflik fine dat de lokaasje werkenber is. Se kinne har meislepe litte troch it spannende ferhaal. Foar de reflektearjende N3-lêzer sil dit boek betsjutting ha om nei te tinken oer doarpske ferhâldingen dêr’t bygelyks bûtensteanders in eigen rol yn hawwe. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Der komme yn De fûgel is soad nammen foar, mar it is net needsaaklik om dy allegearre te ûnthâlden. |
Hoemannichte |
In tal karakters yn dit boek is frij heech. It giet om ‘doarpstypes.’ It giet der net om om de nammen te ûnthâlden. Eins spilet it doarp de haadrol. |
|
Untjouwing fan de karakters |
De personaazjes binne mear types as útwurke karakters, it binne by wize fan sprekken doarpsfigueren yn ‘sketches’. |
|
Ferantwurding |
|
|
Relevante boarnen foar dosinten |
- Besprek fan Jelle van der Meulen, De fûgel. Yn: Besprekingen van het werk van de Friese auteur Trinus Riemersma (frieseliteratuur.nl) |