De Freon
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2023
- Uitgeverij
- Afûk
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 144
- Genre
-
- jeugdroman
- Tags
-
- Freonskip
- koroanatiid
- famylje
- spanning
- plysje
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Over de auteur
De Freon is de tredde Young Adult-roman fan I.E. Bloem. Yn 2020 ferskynde it earste boek Eudaimoania fan syn hân. Mei It neidiel fan ‘e twivel wûn de skriuwer yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar it bêste Fryske jongereinboek. Sûnt 2022 is ek bekend dat de skriuwer Jan Minno Rozendal skûlgiet efter it pseudonym I.E. Bloem. Histoarikus Rozendal is berne yn 1979. Hy is bekend wurden troch ferskate histoaryske romans: Drift, De fluchste blanke en De masine. Fierder hat er ûnder de titel Yn eigen taal in biografy skreaun fan de dichter Anders Minnes Wybenga.
Yn 2024 hat Jan Minno Rozendal it boek Tie / Break skreaun foar it LêsNo-projekt.
Inhoud
Dit boek giet oer Jeroen, Emma en Samira. Midden yn de koroanatiid mei jûnsklok organisearret Jeroen mei syn freonen in yllegaal feest yn it bosk. It bosk is sûnt in jier in gefaarlik plak doe’t der in oanrander aktyf wie yn it bosk. Mar der is al in skoft neat fan fernaam. It boek folget de trije haadpersoanen yn harren eigen haadstikken. Alle trije hawwe sy in geheim dat sy mei harren meidrage. It feest yn it bosk giet troch, mar ferrint net sûnder problemen.
Leesaanwijzingen
Ast begjinst mei lêzen, lêst earst de prolooch. Dy bringt de spanning nei in heech nivo. Dêrnei begjint it boek mei it ferhaal fan Jeroen, Emma en Samira. Der binne perspektyfwikselingen tusken ferskate haadstikken. Sa komst in soad te witten fan de trije haadpersoanen.
Om over na te denken
Hoe giest om mei in jûnsklok? Hoe fertelst dyn famylje en freonen dyn grutste geheim? Wa kinst fertrouwe?
Waardering
“De lêzer komt yn oanrekking mei ferskate ûnderwerpen dêr’t je faaks sels net mei yn oanrekking komme yn it eigen libben. Datst troch dit boek dêr mei yn ’e kunde komst is weardefol.” – Studint twaddegraads learareoplieding dosint Frysk.
“Der bart in hiel soa dyn it boek, mar it is net te dreech om te lêzen.” - Studint twaddegraads learareoplieding dosint Frysk.
Opmerkingen
Leestips/meer weten
Biografie Jan Minno Rozendal – LêsNo (lesno.nl)
Audioboek wurdt ferwachte.
Samengesteld door
Sibrecht VeenstraAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel |
Fokus | Ynlibbingsfermogen |
Learst | om dy yn te byldzjen hoe’t in haadpersoan him/har fielt en dêr passende muzyk by te finen. |
Opdracht | It ferhaal fan De Freon soe in goede basis foar in film wêze. Tink dy yn datsto de muzyk/in nûmer kieze meist dy’t / dat ûnder de film komt.
Foarbyld: In wichtich momint foar Emma is as sy har geheim doart te fertellen oan Dami. Op side 142 wurdt dat beskreaun. It giet oer in leafde dy’t no bekend makke wurdt. Sy sitte op dat momint ferstoppe yn it bosk. Sy wolle net fûn wurde troch de plysje. Dêrom haw ik it liet ‘We found love’ fan Rihanna en Calvin Harris keazen. Dêryn wurdt beskreaun dat se de leafde fûn hawwe op in hopeleas plak. Emma har hopeleaze plak wie ferstoppe yn it bosk. |
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Boek | Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel |
Fokus | Fisualisearje |
Learst | Om in beskriuwing en dyn miening te jaan oer it boek oan de hân fan foto’s |
Opdracht | It boek is skreaun op byldzjende wize. Troch de wurden dy’t de skriuwer kiest, kinst dy al gau ynbyldzje hoe’t de lokaasje derút sjen moat. Mar, it boek befettet fansels gjin foto’s. Kinst dy troch alle beskriuwingen fan de lokaasjes wol yntinke hoe’t it derút sjen moat. Sjoch op dizze webside foar mear ynformaasje oer byldzjend skriuwe: Beeldend schrijven, wat is dat? Simpel: gebruik plaatjeswoorden (deblogacademie.nl)
Foarbyld: Der wurdt beskreaun dat Jeroen yn in grut hûs wennet. Op side 171 kinst lêze hoe’t Samira oer sa’n hûs tinkt: “Ik beseach fol bewûndering de huzen/ Hjir wenne Jeroen dus, yn ien fan dy kasten. Wat toch ik earder fan ’e jûn ek alwer: koe ik hjir mar wenje. Mar it libben yn in grut hûs wie net per definysje maklik. Koest trochdraaie, de wei kwytreitsje, ûngelokkich wêze.” In foto dy’t dêrby past is: Dizze foto past derby omdat it in typysk grut Nederlânsk hûs is, in kast fan in hûs. Kinst dy wol yntinke datst ferdwale kinst en ek goed ferstopje. Ik tink dat Jeroen him graach ferstoppe foar syn heit. |
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel |
Fokus | Ein fan it ferhaal |
Learst | om dy te ferpleatsen yn in haadpersoan |
Opdracht | It ferhaal einiget nei’t der op ien jûn in hiel soad bard is. Alle gebeurtenissen sille in grutte yndruk makke hawwe op de haadpersoanen.
|
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Boek | Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel |
Fokus | Karakters |
Learst | om karakters út it boek te begripen |
Opdracht | 1. Notearje fan dysels fjouwer karaktereigenskippen. Witst net goed wat karaktereigenskippen wêze kinne? Sjoch dan eefkes op de folgjende webside: https://wikikids.nl/Karaktereigenschap
3. Jou by elk karaktereigenskip 1 sitaat út it boek dy’t in foarbyld is foar dy karaktereigenskip. 4. Lis út wêrom oft dat sitaat by de karaktereigenskip past. Foarbyld: In karaktereigenskip fan Samira is dat se soarchfâldich is. Dat docht bliken út bygelyks: “Ik die myn uterste bêst en it húswurk hie ik altyd kreas op ’e tiid ôf. Alles die ik om it paad fan Ronny net te folgjen.” (side 70). 5. Beskriuw oft dy haadpersoan op basis fan de fjouwer karaktereigenskippen in freon/freondinne fan dy wêze kinne soe. Ljochtsje yn sa’n 50 wurden ta wêrom wol of wêrom net.
|
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel |
Fokus | Tema’s |
Learst | om de ympakt fan tema’s te analysearjen |
Opdracht | Yn it ferhaal wurdt in ferskaat oan maatskiplike tema’s behannele. Foar de iene lêzer sille dizze tema’s werkenber wêze en foar in oar minder. Foarbylden fan maatskiplike tema’s binne de spjalt tusken earm en ryk, kânsen yn it ûnderwiis en soarch. Sjoch foar mear foarbylden op de folgjende webside: https://thaesis.nl/maatschappij100/
Foarbyld: De spjalt tusken earm en ryk komt yn it boek ek nei foaren. Dat wurdt dúdlik troch Samira dy’t it hat oer it grutte hûs fan Jeroen en oer hoe’t sy en har mem der smûk bysitte. Dat lit sjen dat der minsken binne dy’t op ferskillende wizen wenje omdat de ien mear jild hat as de oar. Hat it boek dyn sjoch op ien fan dizze maatskiplike tema’s feroare? Hast der bygelyks wat fan leard? Wêrom wol of wêrom net? Skriuw per tema dyn antwurd op yn ûngefear 50 wurden. |
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Boek | Bloem, I.E. (ps. Jan Minno Rozendal) De Freon |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | Yndividueel |
Fokus | Tekstanalyze |
Learst | om de funksje fan taal te analysearjen |
Opdracht | Yn it boek binne in soad spannende mar ek grappige en moaie mominten te lêzen.
Foarbyld:
Beskriuw dyn befiningen/it effekt yn sa’n 50 wurden per fragmint. |
Makke troch | Sibrecht Veenstra |
Docenteninformatie
Yntroduksje
De Freon is de tredde Young Adult-roman fan I.E. Bloem. Yn 2020 ferskynde it earste boek Eudaimoania
fan syn hân. Mei It neidiel fan ‘e twivel wûn de skriuwer yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar it bêste
Fryske jongereinboek. Sûnt 2022 is ek bekend dat de skriuwer Jan Minno Rozendal skûlgiet efter it
pseudonym I.E. Bloem. Histoarikus Rozendal is berne yn 1979. Hy is bekend wurden troch ferskate
histoaryske romans: Drift, De fluchste blanke en De masine. Fierder hat er ûnder de titel Yn eigen taal
in biografy skreaun fan de dichter Anders Minnes Wybenga.
Yn 2024 hat Jan Minno Rozendal it boek Tie / Break skreaun foar it LêsNo-projekt.
Ynhâld
Dit boek giet oer Jeroen, Emma en Samira. Midden yn de koroanatiid mei jûnsklok organisearret Jeroen
mei syn freonen in yllegaal feest yn it bosk. It bosk is sûnt in jier in gefaarlik plak doe’t der in oanrander
aktyf wie yn it bosk. Mar der is al in skoft neat fan fernaam. It boek folget de trije haadpersoanen yn harren
eigen haadstikken. Alle trije hawwe sy in geheim dat sy mei harren meidrage. It feest yn it bosk giet troch,
mar ferrint net sûnder problemen.
Swierte
Foar N1-lêzers en N2-lêzers is it in oantreklik boek, omdat it giet oer trije ferhaallinen dêr’t foar elkenien,
op grutte of lytse skaal, wol wat werkenbers yn sit. Der bart in soad yn it libben fan de trije haadpersoanen.
Dêrneist spilet it ferhaal him ôf yn in werkenbere wrâld en ek de gedachten, problemen en keuzes sille
werkenber wêze foar de lêzer. Troch de trije perspektiven hat it boek ek in bepaalde opbou. Der binne
perspektyfwikselingen tusken de haadstikken. Dat wurdt net oanjûn yn de titel fan it haadstik. De lêzer
moat der sels efterkomme yn in pear sinnen dat hy/sy no it ferhaal fan ien fan de oare haadpersoanen
oan it lêzen is. Dat went en nei in pear wikselingen giet dat flugger, ek omdat der dan al mear details
bekend binne. In N3-lêzer kin troch it boek oan it tinken set wurde oer hoe’t ferskillende libbens
yn elkoar gripe en hoe’t ferskillende karakters omgean mei tsjinslaggen en ûntwikkelingen.
It boek is skreaun yn in flotte en eigentiidske styl dy’t makket dat de lêzer net stroffelje sil oer
drege wurden of ûnbekend taaleigen.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
It lettertype yn it boek is oan de lytsere kant, |
Ynteresses |
Op basis fan de flaptekst en foarmjouwing wurdt it |
|
Algemiene kennis |
Der is gjin algemiene kennis fereaske om dit boek te lêzen. De jûnsklok wie yn de tiid fan de koroanalockdowns in maatregel |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
Der is gjin spesifike literêre en kulturele kennis fereaske |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It boek is skreaun yn goed neifolchber Frysk. Sa út en troch sitte |
Sinskonstruksjes |
De sinnen binne net lang. Tinzen en fertellingen fan de haadpersoan |
|
Styl |
Foar alle haadpersoanen brûkt de skriuwer deselde skriuwstyl. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Der bart in soad yn it boek. De trije haadpersoanen meitsje |
Gronology |
It boek wurdt net alhiel gronologysk ferteld. Dat komt troch de |
|
Ferhaalline(n) |
Der binne trije ferhaallinen, dat kin foar de N1-lêzer yngewikkeld |
|
Perspektyf |
Der binne trije perspektiven, dat kin foar de N1-lêzer |
|
Betsjutting |
Foar N1-lêzers sil it in spannend boek wêze dêr’t de haadpersoanen |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
Troch de perspektyfwikselingen duorret it langer foardat der in soad |
Oantal karakters |
It oantal karakters neist de trije haadpersoanen is oersichtlik |
|
Untjouwing fan de karakters |
De haadpersoanen meitsje elk op harren eigen wize in ûntwikkeling |
|
Ferantwurding |
Ensafh makket skriuwer efter pseudonym I.E. Bloem buorkundich | It Nijs |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
|