Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 2 | Cap Sud

Cap Sud

Cap Sud

Leest, R.R.R. van der
Niveau
Niveau 2
Jaar uitgave
1980 [2de pr. 2010]
Uitgeverij
Koperative Utjowerij
Plaats
Boalsert
Aantal pagina's
163
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • fantasy
  • ferantwurdlikheid
  • Frankryk
  • freonskip
  • spanning en aventoer
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Reinder Rienk van der Leest is yn 1933 berne yn Drachten. Hy besocht de HBS en de Kweekskoalle yn Ljouwert. Graach hie er yn Amsterdam nei de Keunstakademy gien mar de finansjele middels dêrfoar ûntbrutsen. Hy gie oan it wurk as ûnderwizer en soe dat oant syn pensjoen ta dwaan.
Earst nei syn tritichste begûn Van der Leest te skriuwen, yn it earstoan poëzy, letter ek proaza. Hy boarte dêryn mei taal en foarm. Om't de Fryske lêzers it wat ôfwitte lieten, besleat Van der Leest op te hâlden yn it Frysk te skriuwen. Nei in fiiftal jier kaam er dêr op werom doe't Deputearre Steaten opdracht joegen ta it skriuwen fan in jongereinboek. Dat waard Cap Sud, de earste moderne Fryske jeugdroman. Yn 1983 krige Van der Leest dêr de Simke Kloostermanpriis foar. Yn 1981 hie er ek al de Gysbert Japicxpriis krigen foar syn dichtbondel Keunst en fleanwurk. De skriuwer hjit Reinder Rienk van der Leest. Wêr't dy tredde R yn syn skriuwersnamme weikomt is in riedsel. Miskien in grapke fan de auteur?

Inhoud

Cap Sud giet oer de freonskip tusken Diderik en Gerl. Dy freonskip komt ûnder druk te stean troch de relaasje tusken Diderik en Karola. Mar Gerl hat ek fisioenen en sjocht dat syn maat in slimme bedriging boppe de holle hinget. Hy sil en moat him warskôgje. Mar hoe en wêr? Want Diderik is yntusken mei syn famylje en Karola op fakânsje op in ûnbekend plak yn Frankryk. Sil Gerl op 'e tiid komme? En noch belangriker, sil Diderik leauwe wat Gerl him fertelle wol en syn warskôging serieus nimme?

Leesaanwijzingen

Planksile, frjemde fisioenen, in motortocht dwers troch Frankryk, driigjend ûnheil. Ast fan aksje, spanning en drama hâldst, silst dit boek mei nocht lêze. Ast meilibbest mei de haadfigueren en dy yn har ynlibje kinst, dan silst Gerl begripe kinne. Hy docht alle war en warskôgje syn freon Diderik foar wat him oerkomme kin. Ast net yn foarsizzings leaust, silst dy Diderik syn hâlding hiel goed begripe kinne. Yn dit boek steane in protte dialogen dy't flot lêze. De beskriuwende teksten tuskentroch binne wat dreger, omdat de skriuwer út en troch wat minder gongbere wurden brûkt. Meastal blykt út de kontekst wol wat er bedoelt.

Om over na te denken

Stel datst witst dat dyn freon wat oerkomme sil, hoe fier soest gean om him dêrfoar te behoedzjen? Hoe trou bisto yn in freonskip? Hast wolris meimakke dat in freon of freondinne tusken in freonskip yn kaam? Hoe fielt dat? Leausto yn boppenatuerlike saken lyk as fisioenen, it twadde gesicht of in sechsde sintúch?

Waardering

'Spannend, út en troch benearjend, aventoerlik. Byldzjende en boartlike beskriuwingen'.
Tineke Steenmeijer-Wielinga yn de Ljouwerter Krante

'Spannend om te lêzen. Meinimmend ferhaal. Fertsjinnet in Nederlânske oersetting'.
Bauke Oldenhof yn Hjir

'Humor en speelse stijl. Vlotte dialogen.'
W. van der Schaaf, NBLC

Opmerkingen

Deputearre Steaten joegen Van der Leest de opdracht om in Frysk jeugdboek te skriuwen. Dat waard dizze roman. It boek waard yn 1983 bekroand mei de Simke Kloostermanpriis. Cap Sud is der ek as e-book en yn te sjen op de dbnl.




Leestips/meer weten

Oer de skriuwer
Tekst fan it boek op de dbnl

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Leest, R.R.R. van der Cap Sud
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer wat de foarkant fan it boek seit oer de ynhâld

Opdracht



1. Besjoch de foarkant fan de útjefte fan it boek fan 1980 (sjoch de ôfbylding). Kinst de ûnderdielen dêrop thúsbringe? Skriuw trije dingen op en lis út wêr't se op slagge.

Yn de resinsje fan de NB(CL) Den Haag, dienst boek en jeugd, seit de resinsint W. van der Schaaf: 'De omslagillustratie is weinig aantrekkelijk'.

2. Besjoch de foarkant nochris.
Fynsto de foarkant oantreklik of net? Lis dyn antwurd út.

3. Fynst de kleuren moai en tapaslik? Lis dyn antwurd út.

4. Meitsje sels in nije foarkant foar it boek, mar wol sa dat dy de ynhâld fan it boek dekt. Lis dyn ûntwerp yn fiif sinnen út. Ferwiis dêrby nei fragminten en de betreffende siden yn it boek.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Leest, R.R.R. van der Cap Sud
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel of twatal
Fokusferhaal
Learst

om nei te tinken oer it ferrin fan it ferhaal

Opdracht

Gerl docht alle war syn freon Diderik te sykjen om him te warskôgjen foar wat him boppe de holle hinget. Hy rydt by Ruerd achterop de motor dwers troch België en Frankryk nei Cap Sud oan de Middellânske See.

1a. Yn watfoar jier hat R.R.R. van der Leest Cap Sud skreaun?
1b. Neam twa dingen yn it boek dy't dy opfallen binne, omdat dy foar ús no âlderwetsk binne.

2. Gerl soe syn sykjen om Diderik mei de moderne middels fan hjoeddedei hiel oars dwaan kinne. Hy soe der net iens foar op 'en paad hoege. Op watfoar manieren soe Gerl Diderik warskôgje kinne?

3. Do en dyn buorman binne Gerl en Diderik. Oerlis wa't wa is.
Gerl wol Diderik warskôgje en fertelt syn fisioen en de útlis en Diderik reagearret dêr as yn it boek op (side 122 - 124 en 129 - 130). Jimme diskusjearje der tegearre oer. Dy diskusje fiere jimme mei jim beiden mei help fan moderne kommunikaasjemiddels. Bewarje de diskusje, sadat jim de teksten foarlêze kinne.

4. Feroaret troch jim diskusje Diderik syn hâlding? Wol er ek no net lústerje nei Gerl en bliuwt de ôfrin fan it boek itselde? Lis út wat der feroaret en wêrom. Feroaret der neat, lis út wêrom't der neat feroaret.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Leest, R.R.R. van der Cap Sud
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusromte
Learst

in oantal aspekten fan romte yn it boek

Opdracht

By syn tocht mei Ruerd op de motor makket Gerl gebrûk fan kaarten en in campingboekje. Hjoed-de-dei binne der rûteplanners, navigaasje-apparatuer en Google Earth dêr't je gebrûk fan meitsje kinne.

1. Meitsje mei help fan in rûteplanner in kaartsje fan de reis fan Gerl en Ruerd. Nim dyn wenadres as begjinpunt en La Grande Motte as einpunt. Kinst dêr it kaartsje op side 152 by brûke. Set alle plakken dy't dêr op steane ek op dyn kaart. (Sjoch oer de reis yn it boek side 73 oant 112.)

2. Sykje by de plakken op dyn kaart in ôfbylding op ynternet en slaan dy op.

3. Meitsje in beskriuwing fan de reis fan Gerl en Ruerd oan 'e hân fan de plakken. Doch it sa: plaknamme, ôfbylding, foarfal(len). Dyn wenplak is de earste plaknamme mei in ôfbylding. It is it fertrekpunt fan de reis.

4. It einpunt fan de reis is La Grande Motte, it plak dêr't de camping is. Fertel yn tsien rigels wat dêr foarfalt.

5. It eigenlike einpunt is Cap Sud, dêr't it drama dat Gerl foarsjoen hat útkomt en Diderik ferûngemakket. Wat fynst ast Cap Sud opsikest op ynternet? Beskriuw it fisioen fan Gerl en wat de dingen dy't dêr yn foarkomme yn wurklikheid binne.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Leest, R.R.R. van der Cap Sud
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om te reflektearjen op de hannelingsrollen fan personaazjes

Opdracht

1.   Meitsje in listje fan de seis belangrykste personaazjes út Cap Sud

2a. Wa is fan dy seis personaazjes de haadpersoan en wat is syn doel?
2b. Berikt de haadpersoan it doel?

3.  Notearje fan de fiif oare personaazjes dy'tst by fraach 1 opskreaun hast, de relaasje dêr't se yn steane ta de haadpersoan.

4.  Notearje de rol dy't sy spylje nei de haadpersoan ta. (Sjoch de útlis by de literêre teory.)

5.  Watfoar rol soesto yn it boek spylje wolle en wêrom?

Literaire theorie

Beskriuwing fan rollen
In beskriuwing fan de rollen dy't de ferskillende personaazjes yn in ferhaal spylje, kin soms mear ynsicht yn it ferhaal opleverje. De neikommende rollen wurde ûnderskieden:
Haadpersoan: wol in bepaald doel berikke.
Helper: helpt de haadpersoan om syn doel te berikken.
Tsjinstanner: besiket it berikken fan it doel fan de haadpersoan te kearen.
Begeunstige: helpt de haadpersoan net om it doel te berikken, mar profitearret der wol fan.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Leest, R.R.R. van der Cap Sud
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokuspersonaazjes en tematyk
Learst

om it boek te fergelykjen mei in liet mei itselde soarte ûnderwerp

Opdracht

It liet 'Voorspellende dromen' spilet yn Yndonesië. Ajo pergi, ajo, pergi is Maleis.

'Ajo pergi, ajo, pergi!'

Er zijn voorspellende dromen
in mijn hoofd opgekomen.
Ik wil het niet weten
wat mij wordt verteld.
Ik wil vergeten
wat mij wordt voorspeld.

Ik ben het waarzegbeest.
Ik ben er onverwacht
in je hoofd, in de nacht.
Ik ben in je droom geweest.
Ik ben je stille kracht,
dat had je niet gedacht,
die in de toekomst leest.

Ik maak je superbang
met wat gebeuren gaat.
Op een keer, vroeg of laat,
jaag ik je op stang.
Een oude oom die sterven gaat
of onvoldoendes inderdaad:
dat weet ik al lang.

'Ajo pergi, ajo, pergi!'

Toen maakte tante mij wakker
en ze zei: 'Kassian, arme stakker,
ben jij zo geschrokken
van wat je wordt verteld?
Zit jij met de brokken
die dat spook had voorspeld?

Dat moet je maar verdragen,
leg je er maar bij neer,
ongelukken en zo meer.
Zit niet met al die vragen.
Dat komt wel een volgende keer,
dat zien we dan wel weer
en laat dat spook maar plagen.'

'Ajo pergi, ajo, pergi!'

Tekst: Karel Eykman
Muziek: Harry Bannink


Lês de tekst fan it liet 'Voorspellende dromen'.

1.  Gerl hat gjin dreamen, mar fisioenen dy't him de takomst sjen litte. Kinst syn gefoelens fergelykje mei dy fan de ik-figuer yn kûplet 1? Lis dyn antwurd út.

2.  Is de 'ik' yn kûplet 2 deselde as 1? Lis dyn antwurd út.

3a. Watfoar personaazje yn it boek soe de 'je' wêze yn kûplet 3 rigel 1?
3b. Watfoar persoan út it boek soest ynfolje kinne foar de omke dy't stjert (rigel 5)?

4a. Watfoar persoan út it boek is te fergelykjen mei de tante út kûplet 4?
4b. Reagearret dy persoan op deselde wize as de tante yn it liet? Lis dyn antwurd út.

5.  Gedraacht Gerl him sa't de tante yn it liet foarstelt oan de persoan dy't de foarsizzende dreamen hat?  Lis dyn antwurd út

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Leest, R.R.R. van der Cap Sud
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusplot
Learst

om nei te tinken oer de opbou fan it ferhaal

Opdracht

Do hast it boek lêzen. Lês no haadstik XIII (side 131 - 140) nochris.

Stel, dit is it lêste haadstik en it boek einiget op side 140.
1.  Jou yn fjouwer sinnen oan watst goed fynst as dit haadstik de ein fan it boek wêze soe.

Lês haadstik XIV (side 141- 151) nochris.
2.  Ferlykje dit haadstik mei haadstik XIII. Watfoar haadstik fynst moaier as slot fan it ferhaal? Lis dyn antwurd út.

Haadstik XIII hie ek wol út it boek kinnen.
3a. Wat tochtste doe'tst dit haadstik foar de earste kear liest? Wat die it mei dy?
3b. Tochtst dat hjirmei it fisioen fan Gerl útkommen wie? Sa ja, foel dy dat ta of ôf?
3c.  Hiest tefreden west mei de ôfrin as haadstik XIII it lêste haadstik west hie? Wêrom wol of wêrom net?
3d.  Wêrom tinkst dat de skriuwer haadstik XIII der yn setten hat?

Lês haadstik XV (side 155 - 163)
4.  It boek hie ek wol ophâlde kinnen mei haadstik XIV en einigje yn Frankryk. Wat is neffens dy de funksje fan it lêste haadstik? Watfoar bedoeling hat de skriuwer dêr mei?

5.  Fynsto it moai dat haadstik XV yn it boek stiet? Lis dyn antwurd út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Reinder Rienk van der Leest (Drachten, 1933) gie nei de HBS en de kweekskoalle yn Ljouwert. Graach hie er yn Amsterdam de Keunstakademy folge, mar dêr ûntbrieken de finansjele middels foar. Hy gie oan it wurk as ûnderwizer en soe dat oan syn pensjoen ta dwaan. Wol folge er noch in oplieding ta grafysk ûntwerper. Sa waard er free-lance grafikus. Yn syn wurk as skriuwer komt syn foarleafde foar grafyk ek nei foaren mei't er eksperimintearret mei de foarmen fan syn teksten. Earst nei syn tritichste begûn Van der Leest te skriuwen, poëzy, letter ek proaza. It boartsjen mei taal en foarm wie it sterkst yn de gedichten, mar it is likegoed ek werkenber yn syn proaza lykas de romans oer it speurdersduo Dynte Planteit en Nier Hinnebruier. Om't it frij tradisjonele Fryske lêzerspublyk it ôfwitte liet, besleat Van der Leest op te hâlden yn it Frysk te publisearjen. Nei in fiiftal jier kaam er dêr op werom. Yn opdracht fan Deputearre Steaten skreau er in jongereinboek: Cap Sud, de earste moderne Fryske jeugdroman. Hy neamde himsels doe even R.R.R. van der Leest, in grapke, want hy hat mar twa foarnammen. Yn 1983 krige er foar Cap Sud de Simke Kloostermanpriis. Yn 1981 hie Van der Leest ek al de Gysbert Japicxpriis krigen foar syn dichtbondel Keunst en fleanwurk.

Ynhâld

Cap Sud giet oer de freonskip tusken Diderik en Gerl. Dy wurdt bedrige troch de relaasje tusken Diderik en Karola. Tagelyk is der noch in bedriging. Gerl hat soms fisioenen oer de takomst fan syn maat en hy foarsjocht grut gefaar foar Diderik. Hy moat him warskôgje. Mar hoe en wêr? Want Diderik is yntusken mei syn famylje en Karola op fakânsje yn Frankryk. Sil Gerl op 'e tiid komme en noch belangriker, sil Diderik him leauwe?

Swierte

Foar de N1-learlingen binne de dialogen yn it boek goed lêsber. De beskriuwende teksten binne dreger troch it byldzjend taalgebrûk. Mar it ferhaal is goed te folgjen, ek al komme der wolris wat ûnbekende wurden yn foar. It boek is opboud út trije dielen, dy't spylje yn Fryslân, Frankryk en wer yn Fryslân. It hat in hânsume yndieling yn fyftjin haadstikken fan acht oant tsien siden. Dat ferdielt de stof moai yn lêsbere brokken.
De fisioenen fan Gerl en syn krewearjen om dêr in goede útlis oan te jaan binne net sljochtweihinne allinne foar de jongerein mar komme hjoeddei ek faak foarby yn de media. In N2-lêzer sil meilibje mei Gerl en syn hâlden en dragen om Diderik te warskôgjen en mei dy syn hâlding dat er it net leauwe wol. De N3-lêzer kin him ferdjipje yn hoe't it is om sokke fisioenen te krijen en te begripen, en oer hoe't ien ompakt mei it ûnbegryp fan oaren. Foar har kin it ek de fraach wêze oft in ûngemak of slimmer foar te kommen is troch fisioenen oer de takomst.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

Fan de gemiddelde N2-lêzer freget Cap Sud gjin grutte reewilligens. De lêzer moat wol ree wêze en lit him meinimme yn Gerl syn fisioenen en it sykjen om dy te begripen, wylst Diderik der neat fan ha moat. Dat ferget fan in N1-lêzer it ien en oar.

Ynteresses

Cap Sud is foar sawol jonges as famkes nijsgjirrich. Jonges miskien wat mear om it aventoer en famkes om it boppenatuerlike. De aventoeren en aksjes sille de N1-lêzers en guon N2-lêzers oansprekke en har sa meinimme troch it boek. Lêzers mei ynteresse foar it boppenatuerlike sille har dêr spesjaal troch oansprutsen fiele. Sa'n N3-lêzer kin him ôffreegje oft je sokke foarsizzings leauwe moatte en oft je der wat mei dwaan moatte. En oft it wol mooglik is om ûnheil sa foar te kommen.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net nedich.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn de dialogen is maklik en tagonklik. Yn de beskriuwende stikken is it taalgebrûk mear byldzjend en dreger. De sa no en dan brûkte en net algemien bekende wurden binne foar alle nivo's lestich. Se liede lykwols net ta ûnbegryplikens fan it ferhaal, ek net foar de N1-lêzer.

Sinskonstruksjes

De sinnen binne koart yn de dialogen en wat langer yn de beskriuwende tekst. Bysinnen wurde net sa folle brûkt. As se der al steane, binne se ienfâldich. Echt te dreech wurdt it net.

Styl

De styl is troch de dialogen mei tagonklik wurdgebrûk foar N1- en N2-lêzers begryplik. N3-lêzers kinne it út en troch brûken fan net sljochtweihinne wurden mooglik wol wurdearje.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Aventoer, aksje en spanning en in ûnferwachtse ûntknoping binne de yngrediïnten fan dit moaie en boeiende ferhaal.

Gronology

It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. De tiid fan spyljen fan it lêste diel (side 156 en fierder) kin foar N1-lêzers lestich wêze, mar is foar it begripen fan it slot fan it boek net sa fan belang.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline dy't him ôfspilet yn trije dielen dy't situearre binne yn Fryslân, Frankryk en ta beslút koart wer yn Fryslân. Diel 1 giet oer de freonskip tusken Gerl en Diderik. Skoalle, planksilen en it ûngemak fan Diderik binne foar alle lêzers werkenber. Diel 2 spilet op ferskate plakken yn Frankryk. De motortocht nei it suden, de fakânsje oan de Middellânske See en it drama dat him dêr ôfspilet sil de N1 lêzer oansprekke. Diel 3 is in hiel koarte epilooch yn Fryslân mei ferwizings nei benammen diel 1.

Perspektyf

It perspektyf is personaal út Gerl wei.

Betsjutting

Foar N1-lêzers in moai ferhaal fol aventoer, aksje, spanning en drama. N2-lêzers sille meilibje mei Gerl, syn tinken oer de fisioenen dy't er hat en de war dy't er docht om syn kammeraat te warskôgjen. Sy sille har ek ferpleatse kinne yn Diderik, dy't eins net leaut yn Gerl syn boadskip. De N3-lêzer sil him ferdjipje yn de fraach oft je soks leauwe moatte of net en wat je dogge as je der wol yn leauwe. Karola, Diderik syn freondinne, soarget foar spanning tusken Gerl en Diderik. Gerl mei Karola wol lije - miskien mear as allinne as freondinne fan syn maat - en Diderik fynt it mar neat dat Karola de kant fan Gerl kiest op it stik fan de fisioenen.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Gerl en Diderik binne de haadpersonaazjes. Gerl syn suster Doutsen is belangryk as Gerl syn riedsfrou en har feint Ruerd as Gerl syn helper yn Frankryk. Karola, de freondinne fan Diderik, spilet in rol yn de relaasje tusken beide kameraden en by it foarkommen fan it drama dat Diderik boppe de holle hinget. Swarte Tryn kin noch neamd wurde as bypersoan dy't Gerl ynsicht jout yn syn fisioenen.

Oantal karakters

Der spylje in grut tal karakters yn it boek. De boppeneamde persoanen spylje de belangrykste. Oaren binne mear sydlings belutsen en flat characters.

Untjouwing fan de karakters

Gerl makket de grutste ûntjouwing troch. Hy moat leare om te gean mei syn fisioenen en alle konsekwinsjes dy't dat hat. By Diderik is it oan 'e iene kant net leauwe wolle yn de fisioenen fan Gerl mar oan de oare kant him der wol troch beynfloedzje litte.

Ferantwurding

Sjoch hjirnei

Relevante  boarnen foar dosinten

Biografyske skets fan de skriuwer
Tekst fan it boek op de dbnl
Aly van der Mark, fraachpetear 1980 nei oanlieding fan it ferskinen fan Keunst en fleanwurk. Jout in moai byld fan Van der Leest syn tinken yn dy tiid. Omrop Fryslân, De Koperen Tún 11-09-1980.