Bak
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2012
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 110
- Genre
-
- misdiedroman
- Tags
-
- moard
- polityk
- sjoernalistyk
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Sietse de Vries waard yn 1955 berne op De Tynje. Hy wurke oant 2015 as sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Tsjintwurdich is er selsstannich sjoernalist. De Vries stiet bekend om syn plysjeromans. Yn 1998 debutearre er mei De boargemaster, letter folgen noch in oantal. Syn boeken binne skreaun yn in flotte, lêsbere styl en hy komt yn syn wurk faak op hjoeddeiske tema's en maatskiplike kwestjes.
Inhoud
Sjerp Bak is al tweintich jier stedsferslachjouwer fan in regionale krante dêr't er foaral de lokale polityk foar folget. As er op in dei rûzje krijt mei in VVD-gemeenteriedslid en him deaslacht, wit er út hannen fan 'e plysje te bliuwen. Mar hy komt wol hieltyd fierder yn it nau.
Leesaanwijzingen
Bak fan Sietse de Vries is tagonklik skreaun, der steane in protte dialogen yn en de struktuer is ienfâldich. Silst sjen dat it ferhaal dy hiel gau meinimt. It wurdt hieltyd spannender. De Vries syn styl is bytiden iroanysk.
Om over na te denken
Kinst dy yntinke wêrom't ien nei in moard-per-ûngelok út 'e hannen fan de plysje bliuwe wol? Wat seit dat oer dy persoan?
Waardering
'In ferrassend boek, fyn ik. Want Bak giet nerges oer, wat ik as komplimint bedoel. In man mei in hiel werkenber minderweardichheidskompleks, in man ek dy't fan it libben genietet, sûnder skrupules de saak oan inoar liicht en heim oeral út rêdt, dat binne de perfekte yngrediïnten fan in spannend ferhaal sûnder mjitte.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad
'Al mei al fûn ik it in leuk ferhaal om te lêzen, dat kaam trochdat it sa flot ferteld waard en it ûnderwerp my wol boeie koe.'
Sjoerd Arendsz, 5v
'De ein fan it boek is knap betocht en lit nochris de macht fan it wurd sjen.'
Doeke Sijens yn de Leeuwarder Courant
'Ek hat it boek in iepen ein. Wêrom soe men in boek in iepen ein jaan, wylst je witte dat in hiele protte minsken dat freeslik fine?'
Tialda Brouwer, 5v
Opmerkingen
Bak waard yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Friese Pers Boekerij, ta gelegenheid fan de Moanne fan it Fryske Boek 2012. Yn 2015 is it boek ferfilme, sjoch hjir foar it earste part.
Leestips/meer weten
Oer de skriuwer: biografyske skets op tresoar.nl
Besprek Bak yn Friesch Dagblad
Besprek yn Leeuwarder Courant
Samengesteld door
Bart TemmeAanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Vries, Sietse de Bak |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 2 |
Wurkfoarm | yndividueel (twatal kin ek) |
Fokus | ferhaalline |
Learst | om nei te tinken oer de ferhaalline |
Opdracht | Yn it telefyzjeprogramma Opsporing verzocht wurdt elke wike oandacht bestege oan net-oploste misdieden. Troch op de telefyzje oandacht te besteegjen oan dizze misdieden freget de plysje tips fan it publyk en hopet sa de dieders flugger opspoare te kinnen. It programma hat ek in eigen YouTube-kanaal. |
Bronnen | |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Vries, Sietse de Bak |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 3 |
Wurkfoarm | yndividueel (kin ek yn twatal) |
Fokus | ferfilming |
Learst | om nei te tinken oer de ferskillen tusken boek en film |
Opdracht | Bak is ferfilme troch Auke de Witte mei Joop Wittermans en Joke Tjalsma yn de haadrol. De film wurdt yn maaie 2015 yn fjouwer dielen útsjoerd troch Omrop Fryslân telefyzje en is de rest fan it jier op toernee troch de provinsje. |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Vries, Sietse de Bak |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | realiteitsgehalte |
Learst | om te reflektearjen op it realistyske karakter fan it ferhaal |
Opdracht | 1. Notearje fiif gebeurtenissen dy't in belangrike rol spylje yn it ferhaal. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Vries, Sietse de Bak |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | spanning |
Learst | om nei te tinken oer hoe't spanning opboud wurde kin |
Opdracht | 1. Skriuw trije mominten út Bak op dy'tst hiel spannend fynst. |
Literaire theorie | Spanning yn in ferhaal In wichtige reden dat je as lêzer trochlêze wolle is dat je witte wolle hoe't it ferhaal fierdergiet en hoe't it ôfrint. Dat betsjut net foar elke lêzer itselde. |
Bronnen | 'Spanning', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 99-100. |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Vries, Sietse de Bak |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel (twatal kin ek) |
Fokus | sjenre |
Learst | om nei te tinken oer it sjenre |
Opdracht | De measte boeken ha skaaimerken fan mear as ien sjenre. Kinst se dêrom net altyd maklik ûnderbringe by ien sjenre. |
Bronnen | 'Genres', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009, side 30 en fierder |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Vries, Sietse de Bak |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | iepen plakken |
Learst | om iepen plakken te werkennen en te reflektearjen op de wurking dêrfan |
Opdracht | In skriuwer docht syn bêst om spanning te skeppen in syn ferhaal. In manier om dat te dwaan is te boartsjen mei iepen plakken. |
Literaire theorie | Iepen plakken en spanningsbôge |
Bronnen | 'Open plekken', yn: Joke van Balen e.o., Basisboek literatuur. Grins, Uitgeverij kleine Uil, 2009. |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Sietse de Vries waard yn 1955 berne op De Tynje. Hy wurke oant 2015 by de Ljouwerter Krante. Tsjintwurdich is er selsstannich sjoernalist. De Vries stiet bekend om syn plysjeromans. Yn 1998 debutearre er mei De boargemaster, letter folgen noch de thrillers De dea fan Nico Dekema (1999), Kûgels foar Kant (2002) en Potstro Fongers (2009). Hy skreau ek in berneboek dêr't wat oplost wurde moat, Homme en it geheim fan pake (2003). Syn boeken binne skreaun yn in flotte, lêsbere styl en hy komt yn syn wurk faak op hjoeddeiske tema's en maatskiplike kwestjes.
Ynhâld
Sjerp Bak is al tweintich jier stedsferslachjouwer fan in regionale krante dêr't er foaral de lokale polityk foar folget. As er op in dei rûzje krijt mei in VVD-gemeenteriedslid en him deaslacht, wit er út hannen fan 'e plysje te bliuwen. Mar hy komt wol hieltyd fierder yn it nau.
Swierte
De plysjeroman Bak fan Sietse de Vries is net dik en de struktuer is ienfâldich nei te kommen. Dêrneist is it boek tagonklik skreaun: De Vries syn sinnen binne net koart, mar syn wurdgebrûk is keazen yn gongbere taal. Yn de roman steane boppedat in protte dialogen. Foar N1- en N2-lêzers is dat allegear oantreklik. Foar N3-lêzers binne de styl en struktuer minder útdaagjend. N1- en N2-lêzers sille ek de plot fan Bak wurdearje; it ferhaal fan De Vries wurdt hieltyd spannender. Jonge lêzers kinne har wierskynlik net sa goed identifisearje mei it haadpersonaazje: in man fan fyftich, in stedsferslachjouwer mei politike ynteresse. Foaral N1-lêzers sille dêrtroch lestiger yn 'e hûd krûpe kinne fan Sjerp Bak; allinne dat makket Bak ta in N2-boek. It boek hat in pear iepen plakken. Dat is oantreklik foar N3-lêzers, de iroanyske humor fan De Vries sil har ek útdaagje, lykas de maatskiplike en politike tema's dy't yn it boek op it aljemint komme.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De jongere N1- en N2-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan it haadpersonaazje fan fyftich dat stedsferslachjouwer is en politike ynteresses hat. Dêr moat de dosint rekken mei hâlde. Foar N3-lêzers sit dêr krekt de útdaging. |
Ynteresses |
N1- en N2-lêzers hâlde fan spannende, meinimmende ferhalen. De Vries jout har sa'n ferhaal. It ferhaal is in echte thriller; dat is oantreklik foar N1- en N2-lêzers. |
|
Algemiene kennis |
Kennis oer de wrâld is net wier nedich. Der komme wol politike (gemeenteried) en maatskiplike saken (ynternasjonale misdiedorganisaasje) oan bod, mar dy binne goed te begripen út de kontekst. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der steane net folle lestige wurden yn de roman. Bak is yn gongber Frysk skreaun. |
Sinskonstruksjes |
De lingte fan de sinnen yn Bak fariearret sterk. De Vries brûkt bygelyks lange bysinnen, mar syn sinnen binne soms ek 'staccato'. Foar N2- en N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen. |
|
Styl |
De styl fan De Vries is frij tagonklik, yn Bak steane hast gjin metafoaren. Foar N1- en N2-lêzers is dat tige oantreklik. De tema's wurde troch De Vries eksplisyt beskreaun. De goede N2-lêzer en de N3-lêzer wolle miskien mear útdaging. De Vries skriuwt bytiden wol iroanysk. Dat kin lestich wêze foar N1- en N2-lêzers, mar foar N3-lêzers is it útdaagjend. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn Bak is wol sprake fan aksje, ek al is it gjin typyske whodunnit. Yn it begjin is fuortdaliks dúdlik wa't de moard begien hat, mar dêrtroch is it boek net minder spannend om fierder te lêzen. De grutste fraach fan it boek is nammentlik: is Sjerp Bak snoad genôch om út hannen fan 'e plysje te bliuwen? Hoe rint it ôf? Dat makket Bak oantreklik foar N1- en N2-lêzers. Uteinliken is dit ferhaal dus taskreaun op de plot. De dialogen soargje ek foar tempo yn it ferhaal. |
Gronology |
De struktuer fan de roman is ienfâldich. Yn Bak sitte net folle werom- of foarútferwizings. De gronology slút dêrtroch oan by de N1- en N2-lêzers. De fraach oft Sjerp Bak út hannen bliuwt fan 'e plysje wurdt net beantwurde. Dizze iepen ein sille N3-lêzers mear wurdearje as N1- en N2-lêzers. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaalline fan De Vries is goed te folgjen foar N1- en N2-lêzers: in man dy't úteinlik twa minsken deaslacht en út hannen bliuwe wol fan 'e plysje. Der binne net in protte sydlinen binnen it ferhaal (de yllegale drankhannel fan Remco Beets bygelyks, mar dat heart ek wer by de haadline fan it ferhaal). Bak is dêrtroch net kompleks foar N1- en N2-lêzers. Der sitte wol in pear iepen plakken yn it ferhaal dy't foar N3-lêzer in útdaging binne. Bygelyks, hoe bedarret de auto mei it lyk fan Remco Beets in Beetstersweach? |
|
Perspektyf |
Der binne gjin perspektyfwiksels yn it ferhaal. Bak wurdt ferteld út in personaal perspektyf wei. We lêze allinnich de gedachten fan Sjerp Bak en folgje syn hannelings. De lêzers wurde dêrtroch wol twongen om har te identifisearjen mei in karakter fan fyftich jier en him te folgjen yn syn prakkesaasjes en hannelings. Foar N1-lêzers sil dat net maklik wêze. |
|
Betsjutting |
It tema fan de roman is dúdlik. De Vries beskriuwt it frij eksplisyt. De N2-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. Oare betsjuttings, bygelyks fan de motiven, wurde ek frij eksplisyt útlein. In foarbyld dêrfan binne de twa leidmotiven yn it ferhaal: de giele moffen en it krat fan Dirk van der Broek. Der steane yn Bak wol ferwizings nei de polityk, dy ferwizings ha gjin djipere betsjuttingslagen. Se hearre mear by de setting fan it ferhaal. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
De lêzer folget de hannelings fan ien personaazje. Dat is maklik te oersjen. Sjerp Bak stiet kwa karakter allinnich net tichtby de jongerein. Foar N1- en N2-lêzer sil dat lestiger wêze as foar N3-lêzers dy't har miskien better ferpleatse kinne yn de haadpersoan. |
Hoemannichte |
De hoemannichte personaazjes yn Bak is net grut. Sjerp Bak is de sintrale persoan, en fierder spylje CDA-wethâlder Geke Jensma (mei wa't Bak in relaasje krijt) en it gemeenteriedslid Remco Beets in rol, de lêzer krijt oer de lêste te lêzen troch it ûndersyk fan Bak. De oare minsken om Sjerp Bak hinne binne byfigueren. N2-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes maklik oersjen. |
|
Untjouwing fan karakters |
De ferhâldingen tusken personaazjes yn Bak binne net kompleks, psychologyske ferdjipping ûntbrekt. Se binne foar N2-lêzers maklik nei te kommen. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Doeke Sijens, 'De macht fan it wurd', Leeuwarder Courant, 7 septimber 2012. |