Fries | niveau 4 | Fabryk

Fabryk

Fabryk

Riemersma, Tr.
Niveau
Niveau 4
Jaar uitgave
1964 [7de pr. 2014]
Uitgeverij
TDE
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
146
Genre
  • psychologyske roman
Tags
  • antyheld
  • psygoaze
  • skuldgefoel
  • útsichtsleazens
  • yndustrialisaasje
Taalniveau
B2
Lenen bij de bibliotheek

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Fabryk is syn earste roman en is bysûnder fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard yn de tiid fan ferskinen gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. It boek waard lykwols bekroane mei de Gysbert Japicxpriis, de belangrykste literêre priis fan Fryslân. Letter krige Riemersma dy priis nochris, doe foar De reade bwarre. Fierders hat er mar leafst seis kear de Rely Jorritsmapriis wûn foar koarte ferhalen. Riemersma kin sjoen wurde as in eksperiminteel en fernijend skriuwer. Guon boeken, sa as De reade bwarre, skreau er yn syn eigen stavering. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU yn Amsterdam, as letterkundedosint oan de learareoplieidngen Frysk NHL Hogeschool en as kollumnist foar de Leeuwarder Courant.

Inhoud

De haadpersoan yn dit boek wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoe't syn kollega's har deljouwe ûnder de twang fan it fabryk. Foar syn gefoel is hy de iennichste dy't sjocht hoe't it fabryk misbrûk makket fan him en syn kollega's. Syn kollega's wolle him net hearre. Hy rekket psychysk hieltyd mear yn 'e war en krijt lêst fan wanen. Syn ideeën wurde in obsesje foar him dêr't er geastlik oan kapotgiet.

Leesaanwijzingen

It hiele ferhaal wurdt ferteld troch de haadpersoan. Wurdst dielgenoat fan wat hy meimakket en de gedachten dy't er hat. Silst fernimme dat hy hiel wat ôf prakkesearret. Wat oaren ynstinktyf dogge, moat hy earst bot oer neitinke. It is foar de haadpersoan dreech om goed sosjaal te funksjonearjen. Stel dy der op yn dat dit boek foar in grut part bestiet út wat der yn de haadpersoan omgiet.

Om over na te denken

Hoe fielt it as net ien dy begrypt? Hoe is it om foar gewoane, deistige dingen bang te wêzen? Kin in minsk loskomme fan wat er earder leard of meimakke hat?

Waardering

"Hjir is in skriuwer oan 'e gong fan in statuer sa't Fryslân noch net earder sjoen hat."
Fedde Schurer yn de Friese Koerier

"De stand van de Friese literatuur is in één slag veranderd en wel door zo'n wonder, waarop wij steeds hebben gehoopt. Het is tot ons gekomen in de vorm van een roman, de roman Fabryk van Trinus Riemersma. Zelden of nooit heeft een Friese roman mij zo geboeid."
Jo Smit foar de Rono

Opmerkingen

Trinus Riemersma hat foar dit boek de Gysbert Japicxpriis krigen. De tekst stiet op de DBNL.




Leestips/meer weten

Biografyske skets fan de skriuwer
tresoar.nl boekprofyl

Samengesteld door

Gerbrich de Jong

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 3 - Opdrachten

Boek Riemersma, Tr. Fabryk
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersonaazje
Learst

om te reflektearjen op it gedrach fan it haadpersonaazje

Opdracht

1. Hjirûnder sjochst in pear stellingen oer de haadpersoan. Jou per stelling oan oft dy neffens dy wier is of net, en jou hieltyd twa foarbylden út it boek om dyn miening mei te ûnderbouwen.

1. Syts is foar de haadpersoan hiel wichtich.
2. De haadpersoan en Syts ha in lokkich houlik.
3. De haadpersoan is in sloppeling.
4. De haadpersoan fielt him minderweardich.


2. Wat fynsto fan it gedrach fan de haadpersoan? Kinst dy goed mei him meifiele? Wannear wol of net? Lis dyn antwurd út.

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Riemersma, Tr. Fabryk
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusôfrin
Learst

om nei te tinken oer it slot fan it ferhaal

Opdracht

1. Fynst it belangryk dat in boek in happy end hat? Wêrom wol of net?

2. Oan 'e ein fan Fabryk wurket de haadpersoan net mear yn it fabryk, mar op it jiskelân. Hy neamt himsels 'de god fan stront en jiske'. Fynst dat Fabryk in happy end hat? Lis út.

3. Riemersma wist net goed hoe't er it boek ôfbreidzje moast. Dat witte wy trochdat er yn de earste ferzje fan Fabryk in stik skreaun hat dêr't er kommintaar leveret op syn eigen ferhaal (in saneamd skriuwerskommintaar). Op advys fan de útjouwer is dy tekst úteinlik net yn it ferhaal opnaam. Mar yn in lettere útjefte fan de roman is dat skriuwerskommintaar opnaam as taheakke. It stiet ek op de DBNL (sjoch boarne 1). Hjirûnder sjochst in sitaat út it skriuwerskommintaar. De 'ik' is hjir dus Trinus Riemersma sels, en 'hy' is de haadpersoan fan Fabryk.
        
'No is de opdracht útfierd en it boek ôf, ik moat allinne noch, sa't dat gebrûklik is, wat sizze oer de nije situaasje fan de haadfiguer. En hoe't dat moat, dêr sit ik mei (...).
Ik soe wol wolle dat er no wat minder briederich waard en in goede ferstânhâlding mei Syts fûn. Of dat er yn God bigûn te leauwen en fanút de opdracht fan it leauwe besocht om fan de minsken te hâlden, sa't se binne. Mar dat is net mooglik, sa'n ommeswaai kin ik noait oannimlik meitsje, dan soe ik him (...) op in oar spoar sette moatte.'

Soe Riemersma it slot as happy end bedoeld ha? Lis dyn antwurd út.

4. Riemersma wraksele mei de ein fan it boek. Stel datsto de skriuwer wiest. Hoe hiest dan in happy end oan it boek jûn? Hoechst de ein net te werskriuwen; fertel yn eigen wurden hoe'tsto it boek in happy end jaan soest.

Bronnen

Skriuwerskommintaar, side 174 ûnderoan oant 179, op de DBNL

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Riemersma, Tr. Fabryk
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer morele tema's

Opdracht

1. De haadpersoan fielt him faak skuldich. Fielsto dy wolris skuldich? Yn wat foar situaasjes is dat?

2. Neam trije foarbylden út it boek dêr't de haadpersoan him skuldich fielt en lis koart út wêr't er him skuldich oer fielt (sjoch bygelyks side 79, 80-81, 92).

3. Fynst it terjochte dat er him skuldich fielt yn de situaasjes dy'tst by fraach 2 neamd hast?

4. Op side 96 tinkt de haadpersoan:

'As ien wat ferkeards docht, dan is dat ferkeard, mar as achthûndert ferkeard dogge, neamt men dat net mear ferkeard: de wet jildt foar de inkeling, net foar de massa.'

Fynst dat de haadpersoan dêr gelyk oan hat? Underbou dyn miening.

5. De haadpersoan is leaver in ferliezer as in winner. Lês bygelyks it sitaat hjirûnder.

'Skerp steld: myn rjocht gong te'n koste fan in oar sines, myn rjocht om frij te wêzen gyng te'n koste fan in oar syn rjocht om my lestich te fallen. De iene libbe de oare yn 'e wei, óf ferlieze moast men, óf oerwinne. Men kin net noch it iene noch it oare. Wat my oanbelange, ik ferlear leaver, as ik dan út twa minne dingen it bêste kieaze moast, want it fielen in oar bekronken te hawwen yn syn dwaan en litten wie my ûnfernearber.' (side 93)

Hoe kin it dat it foar de haadpersoan sa ûndraachlik is om in oar te bekrinken (= tekoart te dwaan)?

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Riemersma, Tr. Fabryk
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokushaadpersonaazje
Learst

om te reflektearjen op it haadpersonaazje

Opdracht

1. Wat ropt de haadpersoan by dy op? Fynst him sympatyk? Wêrom wol of net?

2. In haadpersoan kin in held wêze, mar ek in antyheld. Lês ûnder boarne 1 wat in antyheld is. Wêrom kin de haadpersoan fan Fabryk sjoen wurde as in antyheld? Lis dyn antwurd út met foarbylden út it boek.

3. De haadpersoan kin lykwols ek as in held sjoen wurde. Lis dat út. Wat foar eigenskip(pen) fan in held hat de haadpersoan?

4. Riemersma wist op in gegeven stuit net goed wat er oanmoast mei syn ferhaal. Dat witte wy trochdat er yn de earste ferzje fan Fabryk in stik skreaun hat dêr't er kommintaar leveret op syn eigen ferhaal (in saneamd skriuwerskommintaar). Op advys fan de útjouwer is dy tekst úteinlik net yn it ferhaal opnaam. Mar yn in lettere útjefte fan de roman is dat skriuwerskommintaar opnaam as taheakke. Kinst it fine yn it neiwurd fan Philippus Breuker yn de útjefte fan 1995, of op de DBNL (sjoch boarne 2).
Lês it skriuwerskommintaar fan Riemersma. Hoe sjocht er sels tsjin syn personaazje oan?

5. Ferlykje de miening fan Riemersma mei dyn eigen antwurd op fraach 1. Ha Riemersma en do deselde gefoelens oer de haadpersoan?


Ekstra fraach

6. Yn in resinsje oer in oar boek hat Trinus Riemersma sein: 'Literatuer - de goede - heart it op te nimmen foar de ferhûddûke minsk (...)'. Docht Fabryk dat, neffens dy? Lis út.

Bronnen

[1] Antyheld op Wikipedy
[2] Skriuwerskommintaar op side 174 ûnderoan oant 179 op de DBNL

Makke trochGerbrich de Jong

Niveau 5 - Opdrachten

Boek Riemersma, Tr. Fabryk
NûmerN5/1
Nivo5
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusresepsje
Learst

om nei te gean hoe't dit boek ûntfongen is yn kritiken

Opdracht

Fabryk is in Fryske literêre klassiker. Yn 1967 krige Trinus Riemersma, dy't ien fan de belangrykste Fryske skriuwers wurde soe, der de Gysbert Japicxpriis foar. Fabryk wie syn earste roman.

1. Wat fynsto fan it boek? Wêrom?

2. Yn de tiid dat it boek ferskynde wienen de reaksjes hiel wikseljend. It Friesch Dagblad woe it boek net iens besprekke. Wêrom net, tinkst?
Kinst ta ynspiraasje it stikje 'Vieze Friese boeken' lêze ûnder boarne 1. Besjoch ek it stikje 'De skamte de kop ôfbiten', ek ûnder boarne 1.

3. Lês it sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis (boarne 2). Neam minstens seis positive punten dy't neamd wurde yn it sjueryrapport.

4. Lês de resinsjes fan Noordmans, Smit (1964), Schurer en De Vries (2003), te finen op tresoar.nl (boarne 3). Folje de list mei positive punten dy'tst by 3 makke hast oan mei positive punten út de resinsjes. Skriuw ek negative punten op.

5. Ferlykje dyn eigen miening mei dy fan de resinsinten en dy fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis.

Literatuurgeschiedenis

De Gysbert Japicxpriis is in priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk. Hy wurdt beskikber steld troch de Deputearre Steaten fan Fryslân. Sy rikke de priis út en wurde advisearre troch in advyskommisje fan minsken dy't doel ha oer literatuer. De priis bestiet sûnt 1947 en wurdt tsjintwurdich [2015] om de twa jier útrikt, ôfwikseljend foar proaza en poëzij. De takkenningsfrekwinsje is in pear kear wiksele. De winner krijt in oarkonde, tsientûzen euro en subsydzje om wurk oersette te litten yn in oare taal. Mear ynformaasje stiet hjir.

Bronnen

[1] Ynstjoerde brief 'Vieze Friese boeken' en artikel fan H. Algra yn it Friesch Dagblad, te finen op side 163 yn dit stik op de DBNL.
[2] Gysbert Japicxpriis 1967, ferslach advyskommisje (yn boekprofyl)
[3] Resinsjes by it boekprofyl op tresoar.nl

Makke trochGerbrich de Jong
Boek Riemersma, Tr. Fabryk
NûmerN5/2
Nivo5
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusopdracht
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan in opdracht

Opdracht

Trinus Riemersma hat syn boek opdroegen oan Anne Wadman. Dat sjochst foaryn it boek, op ien fan de earste siden, foardat it ferhaal begjint. As in skriuwer syn boek oan ien opdraacht, hjit dat in 'opdracht'.

1. Sjoch de dokumintêre dy't ûnder boarne 1 neamd wurdt, dy't giet oer Anne Wadman en syn roman De smearlappen. Tink benammen om de fragminten 3:41 oant 4:02, 10:25 oant 11:10 en 23:52 oant 25:12. Wêrom hat Trinus Riemersma syn boek oan Wadman opdroegen, tinkst?

2. Lês de opdracht oan Wadman. Skriuw yn eigen wurden op wêr't it gedicht oer giet. Wa is de 'ik' yn it gedicht, neffens dy?

3. Lês op de DBNL (sjoch boarne 2) de tekst fan Philippus Breuker, side 156-159. Wat is neffens Breuker de reden dat Riemersma Fabryk opdroegen hat oan Wadman?

4. De betsjutting fan in opdracht is neffens it wurdboek in 'earbewiis, hulde yn 'e foarm fan in boek of tekstfoarm'. Tinkst dat Riemersma syn opdracht yndie sa bedoeld hat? Lis út.

Literatuurgeschiedenis

Anne Wadman (1919-1997) en Trinus Riemersma (1938-2011) hearre by de grutste Fryske skriuwers fan nei 1945. Foardat Fabryk ferskynde, Riemersma syn debút, hie er wol fan him learre litten, ûnder oare yn in literêre krityk oer in boek fan Wadman (De oerwinning fan Bjinse Houtsma, ek op Lezen voor de lijst). Dat wie yn augustus 1962. Riemersma wie doe 24 jier, noch amper as skriuwer bekend, en Wadman wie 42 jier en in respektearre auteur en kritikus.

Bronnen

[1] Oer Anne Wadman en De smearlappen op YouTube, Fryslân DOK
[2] Philippus Breuker oer Fabryk op de DBNL.

Makke trochGerbrich de Jong

Docenteninformatie

Yntroduksje

Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Fabryk is syn earste roman en is bysûnder fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard yn de tiid fan ferskinen gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. It boek waard lykwols bekroane mei de Gysbert Japicxpriis, de belangrykste literêre priis fan Fryslân. Letter krige Riemersma dy priis nochris, doe foar De reade bwarre. Fierders hat er mar leafst seis kear de Rely Jorritsmapriis wûn foar koarte ferhalen. Riemersma kin sjoen wurde as in eksperiminteel en fernijend skriuwer. Guon boeken, sa as De reade bwarre, skreau er yn syn eigen stavering. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU yn Amsterdam, as letterkundedosint oan de learareoplieding Frysk NHL Hogeschool en as kollumnist foar de Leeuwarder Courant.

Ynhâld

De haadpersoan yn dit boek wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoe't syn kollega's har deljouwe ûnder de twang fan it fabryk. Foar syn gefoel is hy de iennichste dy't sjocht hoe't it fabryk misbrûk makket fan him en syn kollega's. Syn kollega's wolle him net hearre. Hy rekket psychysk hieltyd mear yn 'e war en krijt lêst fan wanen. Syn ideeën wurde in obsesje foar him dêr't er geastlik oan kapotgiet.

Swierte

It dreechste oan dit boek is om de haadpersoan te trochfielen. Dy hat wanen en fertoant paranoïde trekken. Hy sjocht dingen dy't oaren net sjogge. Benammen foar in N3-lêzer kin it dreech wêze om sa'n kompleks personaazje nei te kommen. In N4-lêzer kin personaazjes mei ûnfoarspelber gedrach better neikomme. In N5-lêzer, dy't wend is oan personaazjes en tematyk dy't fier ôf steane fan syn eigen libbenswrâld, sil dêr gjin problemen mei hawwe.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

In learling moat ree wêze om te begjinnen oan in ferhaal dat draait om de prakkesaasjes fan in fabryksarbeider, dy't neitinkt oer dingen dy't yn prinsipe fier fan him of har ôf stean.

Ynteresses

De learling moat in sekere ynteresse ha foar psychology, omdat de gefoelens, gedachten en wanen fan de haadpersoan it ûnderwerp fan it boek foarmje.

Algemiene kennis

Algemiene kennis is net fereaske om dit boek goed te begripen.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net fereaske om dit boek te begripen.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk yn dit boek is net dreech foar learlingen fan nivo N4. Der sil hjir en dêr ris in wurd by sitte dat in learling net ken (boarre,tsjoar), mar dat stiet in goed begryp fan it boek net yn 'e wei.

Sinskonstruksjes

Hiele koarte en langere sinnen wikselje inoar ôf. De sinslingte en sinskonstruksjes smite gjin problemen op.

Styl

Fabryk is skreaun yn tagonklik, aktueel Frysk dat goed nei te kommen is. De wize fan fertellen is realistysk en derop rjochte om de wurklikheid autentyk en dúdlik del te setten.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

It boek bestiet foar it grutste part út de gedachten fan de haadpersoan oer de dingen dy't er meimakket. De haadpersoan befynt him yn it fabryk, yn tsjerke of thús, en tinkt op alle plakken in soad nei.

Gronology

It ferhaal wurdt yn gronologyske folchoarder ferteld, mei út en troch flashbacks nei de bernejierren fan de haadpersoan.

Ferhaalline(n)

Der is ien ferhaalline en dy smyt gjin problemen op.

Perspektyf

It ferhaal is skreaun út de haadpersoan wei, yn ik-perspektyf. It perspektyf is net lestich.

Betsjutting

In N3-learling sil betsjutting hechtsje oan dit ferhaal as in boek oer morele tema's. Want de haadpersoan tinkt nei oer it libben en de rjochten dy't er as minsk hat. In N4-lêzer sil besykje om it komplekse personaazje te trochgrûnjen en in djippere betsjuttingslaach te ûntdekken. In N5-learling sil betsjutting hechtsje oan dit boek as in wichtige Fryske klassiker dy't fernijing brocht yn de Fryske literatuer.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

It kin foar in learling dreech wêze om de tinzen fan de haadpersoan te trochgrûnjen. Syn gedachten geane oer dingen dêr't learlingen ornaris net oer neitinke. Hy makket tinkstappen dy't net maklik nei te kommen binne. Benammen foar in N3-lêzer kin dat dreech wêze.  

Oantal karakters

It is foar learlingen net lestich om de ferskillende personaazjes te ûnderskieden. Der is mar ien haadpersonaazje, alle oare figuren (syn frou, syn bern, syn kollega's) binne byfiguren.

Untjouwing fan de karakters

De haadpersoan makket in ûntjouwing troch dy't foar learlingen dreech wêze kin om nei te kommen. De haadpersoan leit ferbannen dy't foar him logysk binne, mar foar de lêzer net. Boppedat sjocht er dingen dy't oaren net sjogge.

Relevante boarnen foar dosinten

Boekprofyl op tresoar.nl
Biografy fan de skriuwer op tresoar.nl