De silveren rinkelbel
- Niveau
- Niveau 4
- Jaar uitgave
- 1856 [8ste pr. 2003]
- Uitgeverij
- Telenga
- Plaats
- Frjentsjer
- Aantal pagina's
- 141
- Genre
-
- folksferhaal
- histoaryske roman
- Tags
-
- 18de iuw
- doarpslibben
- fûnlingferhaal
- Stiens
- stânsferskil
- Taalniveau
- C1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Waling Dykstra (1821-1914) wie de soan fan in bakker út Froubuorren. Doe't er de saak fan syn heit oernaam, fernaam er al rillegau dat er eins gjin bakker wêze woe. Hy skreau al langer fersen en ferhalen en stadichoan waard dat syn nije kostwinning. Hy troude twa kear. Mei syn twadde frou krige er alve bern. Bysûnder oan Waling Dykstra is dat er de kost fertsjinne mei de pinne. Hy moast in soad skriuwe om in ynkommen te krijen foar syn grutte húshâlding. Hy skreau in protte lektuer en toaniel en wie de makker fan it earste grutte Fryske wurdboek. Fierders wie er ien fan de earsten dy't foar bern skreau. Hy jildt as in moraliserearjend dichter en taalbefoarderer. Waling Dykstra is ek bekend wurden fan it saneamde 'Winterjounenocht', optredens mei Fryske foardrachten dy't er organisearre mei oare Fryske skriuwers.
Inhoud
By skuonmakker Pabe Roukes wurdt in poppe foar de doar lein. It is net dúdlik wêr't it bern weikomt. Yn it doarp tinke de lju dat it bern in bûtenechtlike soan is fan de skuonmakker, mar dy ûntkent dat. De jonge krijt de namme Wouter en groeit op by de skuonmakker. As Wouter âlder wurdt, wol er witte wêr't er weikomt en wa't syn heit en mem binne. As er fereale wurdt op Tsjamke, de dochter fan de skuonmakker, wurdt dy fraach noch folle wichtiger. Yn dit boek giet it om de syktocht fan Wouter nei syn heit en mem. In silveren rinkelbel spilet dêr in wichtige rolle yn.
Leesaanwijzingen
De silveren rinkelbel is in spannend ferhaal dat flot lêst, mar der komme wol wat wurden en útdrukkingen yn foar dy'tst wierskynlik noch net faker tsjinkaam bist. It duorret even foardatst der yn sitst. Lês yn alle gefallen troch oant side 21, dan begjint it ferhaal op gong te kommen. It taalgebrûk fan it boek stiet relatyf fier fan ús ôf en dat makket it lestich te lêzen, mar silst fernimme datst gau troch de spanning yn it ferhaal meinaam wurde silst. It kin helpe om drege wurden te ûnderstreekjen en op te sykjen. Tink derom, guon personaazjes yn dit boek ha twa nammen, sadat je net fuortdaliks snappe dat it om deselde persoan giet.
Om over na te denken
Is in minske fan minder goede komôf in minder goed minske as ien mei in goede komôf? Hoe is it om net te witten wa't je heit en mem binne? Hoe wie it libben yn Fryslân foardat der auto's, treinen en elektrysk ljocht wie?
Waardering
'Yn it begjin moatst eefkes trochbite, mar letter lêst it boek hiel flot. It ferhaal leit wol hiel bot foar de hân, dat is wol in minpuntsje.'
Sjoerd (6v)
'Yn it begjin is it boek saai, letter komt der mear spanning. Foar in âld boek is it goed te lêzen.'
Fenna (6v)
'Dat falt op yn dit boek: dat Waling Dykstra de keunst ferstie om moai, rêstich, kalm te fertellen en as dan de aksje yn de hanling kaam, dan ek as in soad filmskriptskriuwer alle mooglike beweech en kleur en fleur nei mekoar ta te bringen. (...) No noch, hûndertfyftich jier letter, in alderaardichst boekje mei hiele moaie sfearbeskriuwingen (...).'
Klaas Jansma yn 2003 op Omrop Fryslân
Opmerkingen
It ferhaal is online te besjen op de DBNL. Yn 1858 ferskynde de oersetting yn it Hollânsk (De zilveren rinkelbel) en yn 1995 yn It Biltsk (De sulverne Rinkelbel). Yn it 'heldeëpos' Leffert fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra út 2013 stiet in fermaaklike ferwizing nei de frijerij fan Wouter en Tsjamke, it leafdespear út De silveren rinkelbel.
Leestips/meer weten
Waling Dykstra, biografyske skets
Mear oer De silveren rinkelbel
Achteryn de nijste útjefte fan it boek (2003) stiet in ynformatyf neiwurd fan Ph. Breuker oer de skriuwer en it boek, sjoch op DBNL
Samengesteld door
Gerbrich de JongAanbevolen
Opdrachten
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Dykstra, Waling De silveren rinkelbel |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 alu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | ynhâld |
Learst | om te reflektearjen op de ynhâld fan it boek |
Opdracht | 1. Op side 53 stiet: |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Dykstra, Waling De silveren rinkelbel |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | personaazjes |
Learst |
om nei te tinken oer de personaazjes yn De silveren rinkelbel |
Opdracht |
Personaazjes yn in boek learst allinnich kennen troch wat de
skriuwer der oer fertelt. Kinst se net in fraach stelle ast se net
begrypst. Stel dy foar dat dat wol koe en datsto fragen stelle
koest oan ien fan de personaazjes út De silveren
rinkelbel. |
Bronnen |
Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 106-107. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Dykstra, Waling De silveren rinkelbel |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | perspektyf |
Learst |
om nei te tinken oer it effekt fan fertelperspektyf |
Opdracht |
Hjirûnder sjochst inkelde fragminten út De silveren
rinkelbel. |
Bronnen |
Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins, 2009, side 101-106. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Dykstra, Waling De silveren rinkelbel |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | bewurking |
Learst | om nei te tinken oer de (ûn)mooglikheden om it ferhaal om te setten nei teater of film |
Opdracht | Fan De silveren rinkelbel is yn 1991 in toanielstik makke. Under boarne 1 fynst in resinsje fan dat stik. |
Literaire theorie | In skript is skreaune tekst foar toaniel of film. Yn in skript stiet hoe't it dekôr derút sjocht, hoe't de personaazjes oanklaaid binne, wat se tsjin inoar sizze en hoe't se der by sjen moatte. Ast by Google Afbeeldingen 'filmscript' yntypst, krijst ferskillende foarbylden te sjen fan hoe't in skript der útsjen kin. |
Bronnen | 'De sulveren rinkelbel: in pracht'. LC 20 juny 1991. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Dykstra, Waling De silveren rinkelbel |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | romtebeskriuwing |
Learst |
wat de funksje is fan romtebeskriuwing en couleur locale |
Opdracht |
1. Beskriuw de romte fan haadstik alve (side 89-93). Brûk net
mear as fyftich wurden. |
Bronnen |
Van Balen, Joosten en Peppelenbos. Basisboek Literatuur, Grins 2009, side 39 en side 109-110. |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Boek | Dykstra, Waling De silveren rinkelbel |
Nûmer | N5/2 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | resepsje |
Learst | om te reflektearjen op de resepsje fan De silveren rinkelbel |
Opdracht | 1. Beskriuw yn 250 wurden watsto fynst De silveren rinkelbel. |
Bronnen | Opname besprek Klaas Jansma yn petear mei René Koster, Omrop Fryslân 29-09-2003 (op tresoar.nl) |
Makke troch | Gerbrich de Jong |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Waling Dykstra (1821-1914) wie de soan fan in bakker út Froubuorren. Doe't er de saak fan syn heit oernaam, fernaam er al rillegau dat er eins gjin bakker wêze woe. Hy skreau al langer fersen en ferhalen en stadichoan waard dat syn nije kostwinning. Hy troude twa kear. Mei syn twadde frou krige er alve bern. Bysûnder oan Waling Dykstra is dat er de kost fertsjinne mei de pinne. Hy moast in soad skriuwe om genôch ynkommen te krijen foar syn grutte húshâlding. Hy skreau in protte lektuer en toaniel en hy wie ek de makker fan it earste grutte Fryske wurdboek. Fierders wie er ien fan de earsten dy't foar bern skreau. Hy jildt as in moraliserearjend dichter en taalbefoarderer. Waling Dykstra is ek bekend wurden fan it saneamde 'Winterjounenocht', optredens mei Fryske foardrachten dy't er organisearre mei oare Fryske skriuwers.
Ynhâld
By skuonmakker Pabe Roukes wurdt in poppe foar de doar lein. It is net dúdlik wêr't it bern weikomt. Yn it doarp tinke de minsken dat it bern in bûtenechtlike soan is fan de skuonmakker, mar dy ûntkent dat. De jonge krijt de namme Wouter en groeit op by de skuonmakker. As Wouter âlder wurdt, wol er witte wêr't er weikomt en wa't syn heit en mem binne. Yn dit boek draait it om it ûntraffeljen fan in riedselachtige situaasje dy't oplost wurdt. Oan de ein folle alle puzzelstikjes op har plak. In silveren rinkelbel spilet dêr in wichtige rolle yn.
Swierte
Foar in N3-lêzer is De silveren rinkelbel in spannend ferhaal dat yn in oare wrâld spilet as dy fan de learling sels. Hy ûntdekt mei dit boek it folkslibben yn it Fryslân fan de achttjinde iuw. Ek kin de N3-lêzer neitinke oer de libbensles dy't út it boek nei foaren komt. It njoggentjinde-iuwske taalgebrûk kin foar de N3-lêzer problemen opleverje, lykas de kompleksiteit fan it plot. In N4-lêzer sil yn dit boek syn ynteresse foar ferteltechnyk kwyt kinne. It alwittende-fertellersperspektyf, dat yn hjoeddeiske boeken net faak mear sa dúdlik foarkomt, kin foar in N4-lêzer aardich wêze om te ûnderfinen en te analysearjen. Foar de N4-lêzer is it gjin probleem dat der ûnbekende wurden en útdrukkingen yn it boek foarkomme, dy't út en troch wat ynspanning fergje fan de lêzer. In N5-lêzer sil dit boek lêze as in klassiker út de Fryske literatuer, fan de hân fan in wichtich taalbeweger yn de njoggentjinde iuw. De N5-lêzer kin him ferdjipje yn de literêr-histoaryske kontekst dêr't dit boek yn ferskynd is en it yn ferbân bringe mei oare literatuer út dy tiid.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De learling moat ree wêze om him oer te jaan oan in ferhaal dat him ôfspilet yn in earder tiidrak en iepenstean foar de kultuer en de gebrûken dy't by dy tiid passe. In N3-lêzer kin ûntmoedige reitsje troch it âldere Frysk en de lange sinnen en sil dus even trochbite moatte. Foar in N4-lêzer is soks al minder in probleem. In N5-lêzer sil reewillich wêze om dit boek te lêzen troch it feit dat it in literêre klassiker is. |
Ynteresses |
Foar learlingen dy't hâlde fan histoary is dit in geskikt ferhaal. Ek leafhawwers fan spannende boeken kinne har hjir wol mei ferdivedearje: de lêzer sit hieltyd mei in fraach dy't stadichoan oplost wurdt. |
|
Algemiene kennis |
It kin handich wêze foar de learling om te witten dat it yn dy tiid wichtich wie om as frou in goede partij te trouwen en dat ear en ôfkomst hiel wichtich wienen. Dy kennis sil de learling helpe om it ferhaal better te begripen, mar is net perfoarst needsaaklik. |
|
Spesifike literêre en kulturele kennis |
De learling hoecht gjin literêr-histoaryske kennis te hawwen om it ferhaal te begripen. De grutste útdaging is it wurdgebrûk. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
It wurdgebrûk fan it boek is oan de drege kant. Der komme allerhande (âlde) wurden en útdrukkings yn it boek foar dy't foar de jonge lêzer fan no ûnbekend wêze sille. Tink oan wurden as liep, jit, sjeas, sprissel, pams. |
Sinskonstruksjes |
It ferhaal is skreaun yn lange sinnen mei in soad bysinnen. Foar in N3-lêzer, dy't boeken oankin dy't skreaun binne yn ienfâldige taal, kin dat problemen opsmite. |
|
Styl |
In libbene fertelstyl mei in soad folkske wurden en útdrukkingen. De personaazjes ha in ymplisite, yndirekte manier fan kommunisearjen en dy kin lestich te begripen wêze. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
It ferhaal is koart en de hanneling giet ridlik flot, mar hjir en dêr wurdt wiidweidich ferteld oer bygelyks de kleandracht fan de froulju. Der is in soad oandacht foar romtebeskriuwing. |
Gronology |
It ferhaal is gronologysk opboud. Haadstik trettjin oer de opstân fan de patriotten yn Stiens spilet him tagelyk ôf mei haadstik fjirtjin, fierder folget elk haadstik op it foargeande. |
|
Ferhaalline(n) |
Der is ien ferhaalline mar dy is aardich kompleks, troch alle ferskillende yntriizjes en personaazjes. Kin foar in N3-lêzer útdaagjend wêze. |
|
Perspektyf |
It perspektyf is auktoriaal. Wy hawwe te meitsjen mei in alwittende ferteller dy't geregeld fan him hearre lit en op de gebeurtenissen foarút rint. |
|
Betsjutting |
De N3-lêzer sil it ferhaal lêze as in spannende syktocht fan Wouter nei syn heit en mem. Foar in N4-lêzer is it in boek oer in moreel fraachstik (hoe wichtich is ôfkomst) en in kennismakking mei in 'âlderwetsk' fertelperspektyf. In N5-lêzer sil benammen betsjutting hechtsje oan dit ferhaal as in literêre klassiker út de njoggentjinde iuw. |
|
Fertroudheid mei literêre personaazjes |
Karakters |
It giet yn dit boek mear om it ferhaal as om de karakters. It binne typen, flat characters, dy't yn tsjinst steane fan it ferhaal. It gedrach fan de personaazjes kin foar N3-lêzers sa no en dan lestich te begripen wêze, sa as it gedrach fan Doutsen. Wêrom giet in mem samar by har bern wei? |
Oantal karakters |
Der binne aardich wat personaazjes, mar dy ha allegearre in wichtige rol en dy leverje gjin problemen op. Wol kin it letter yn it ferhaal lestich wurde as Wouter ynienen Jildert blykt te hjitten en Jildert ynienen Hans. |
|
Untjouwing fan de karakters |
Pabe Roukes bliuwt yn it ferhaal gelyk. Doutsen wurdt fan jonge blom in deprimearre, ferbittere frou en lûkt oan de ein wer wat by. Wouter en Tsjamke wurde folwoeksen en binne oan de ein fan it ferhaal man en frou. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Sjoch it neiwurd 'Oer skriuwer, boek en útjeften' fan Ph. Breuker by de útjefte yn de rige 'Fryske Klassiken II' op de DBNL. |