Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 3 | Wolken fan wol

Wolken fan wol

Wolken fan wol

Dykstra, Lida
Niveau
Niveau 3
Jaar uitgave
2000
Uitgeverij
Bornmeer
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
126
Genre
  • ramtfertelling
Tags
  • humor
  • mytology
Taalniveau
B1
Lenen bij de bibliotheek

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Lida Dijkstra (1961) groeide op yn in lyts doarp yn Fryslân. Se studearre oan de Reinwardt Academie yn Leien, hbû foar museummeiwurkers, keunstskiednis en argeology. Se wurke by de Stichting Monument van de Maand yn Ljouwert en wie konservator yn it Museum Joure.
Nei de berte fan har dochter naam se it beslút om har te setten ta kreatyf skriuwen. Yn 1994 ferskynde har earste berneboek en no is skriuwen har berop. Lida Dykstra skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har earder fakgebiet. Har boeken hawwe in soad fantasij en humor. Lida Dykstra hat gâns prizen krigen foar har wurk, dêrby twa kear de Simke Kloostermanpriis, de wichtichste Fryske priis foar jeugd- en berneboeken.

Inhoud

Ut de Metamorphosen fan de Romeinske skriuwer Ovidius (43f. Kr. - 17 n. Kr.) hat Lida Dykstra yn Wolken fan wol seis myten bewurke. Ut de striid tusken goaden en minsken blykt wol dat der net folle ferskil yn karakter is en de goaden neat better binne as minsken. Se binne krekt like jaloersk, dom, erchtinkend, opljeppend en tinke dat se hiel wat binne en kinne. Ferskil is dat de goaden it de minsken hiel dreech meitsje kinne yn har libben. In feroaring yn in bist is samar klear. Dat de measten net bliid binne mei sa'n 'feroaring fan stal' (metamorfoaze) lit him riede. It hoe, wat, wêrom beskriuwt Lida Dykstra yn har eigen wurden, fol humor, mei ûnferwachte kearen en nije sydpaden.

Leesaanwijzingen

De skierroek Cornix fertelt de ferhalen wylst se op it skouder fan in hardersjonge wachtet foar de timpel fan Apollo. Dy stikken tekst binne troch it hiele boek hinne yn proaza en hawwe in gewoane blêdspegel. De metamorfoazen binne yn fersfoarm. Yn it begjin is it wennen om't de sinnen oer ferskillende rigels trochrinne. Dat went gau genôch, krekt as de dichterlike wurden. Achter yn it boek wurde (Grykske) goaden, persoanen en saken yn registers útlein.

Om over na te denken

Hasto ek ien (of miskien mear) karaktereigenskippen dy't dy wol ris dwers sitte of problemen mei oaren feroarsaakje? Watfoar eigenskippen binne dat? Mei watfoar persoanen liede se ta konflikten? Mei wa soarget it foar problemen? Hast itselde ek wolris troch it karakter fan oaren? Soest harren soms wol wat dwaan wolle, en wat dan?

Waardering

'Ast Wolken fan wol lêst, fynst de earste siden miskien saai, oant dat de fûgel ferhalen fertellen giet, dan ferdwynst hielendal yn in oare wrâld mei goaden en sjochst alles foar dyn eagen gebeuren.'
Ron, learling

'Wolken fan wol is spannend en grappich skreaun en geskikt foar alle leeftiden.'
Dosint

'Door de vorm, de taal en de verhalen zelf is dit een boek geworden met mythologische verhalen die de moderne jeugd zeker zullen aanspreken.'
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

'De âlde Romeinske dichter soe grif gnyske hawwe om dizze pleagerige, geastige metamorfoaze fan syn ferneamd wurk'.
Jabik Veenbaas, Ljouwerter Krante

Opmerkingen

Wolken fan wol is te krijen as harkboek. It is oerset yn it Nederlânsk ûnder de titel Wachten op Apollo. Wolken fan wol waard bekroand mei de Welpeprint yn 2001 en krige in fermelding op de IBBY honourlist yn 2002.




Leestips/meer weten

- Webside fan de skriuwster
- Lida Dykstra op tresoar.nl

Samengesteld door

Lieukje Leistra-Reidsma

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 2 - Opdrachten

Boek Dykstra, Lida Wolken fan wol
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokustitel
Learst

om nei te tinken oer de titel

Opdracht

In titel fan in boek ferwiist nei de ynhâld fan it boek. Eins is it in hiele koarte gearfetting. De titel moat nijsgjirrich wêze en de oandacht fêstigje op it boek.
De titel fan it boek is Wolken fan wol. De titel fan de oersetting yn it Nederlânsk is Wachten op Apollo.

1. Kinst betinke wêr't de titel Wolken fan wol nei ferwiist? Lis dyn antwurd út.

2. Kinst betinke wêr't de titel Wachten op Apollo nei ferwiist? Lis dyn antwurd út.

3. Gean nei wat op side 26, de sechste rigel fan ûnderen stiet. Tinksto dat de titel dêr wei komt? Lis dyn antwurd út.

4. Kinst noch in oare betsjutting fan de titel Wolken fan wol fine? Soe de skriuwster hjir keazen hawwe foar in titel dy't nijsgjirrich is? Lis dyn antwurd út.

5. De titel Wachten op Apollo wurdt op de earste siden al dúdlik. Makket dizze titel ek nijsgjirrich nei it boek? Lis dyn antwurd út.

6. Watfoar titel fynsto better: Wolken fan wol of Wachten op Apollo? Wêrom?

7. Betink sels in titel dy't ferwiist nei de ynhâld fan it boek en nijsgjirrich makket om it te lêzen. Lis dyn titel út.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Dykstra, Lida Wolken fan wol
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel (kin ek yn twatal)
Fokusomslach en yllustraasjes
Learst

om nei te tinken oer de funksje fan omslach en yllustraasjes

Opdracht

   

Hjirboppe sjochst it omslach fan Wolken fan wol en dat fan de Nederlânske oersetting Wachten op Apollo.
 
1. Lis it omslach fan Wolken fan wol út. Ferwiis dêrby nei in ferhaal of part fan in ferhaal yn it boek. Jou ek de sidenûmers oan.

2. Lis it omslach fan Wachten op Apollo út. Ferwiis ek dêrby nei it ferhaal dat der by heart en jou ek hjir de sidenûmers.

3. Watfoar omslach nûget neffens dy learlingen it meast út om it boek te lêzen? Lis dyn antwurd út.

4. Yn Wolken fan wol fynst op side 11, 19, 29, 39, 45, 51, 54, 66, 83, 100 en 111 yllustraasjes. Wa hat de yllustraasjes makke?

5. Fynst de yllustraasjes passen by de tekst fan it boek en by it omslach? Lis dyn antwurd út.

6. Sykje de yn dyn eagen trije moaiste yllustraasjes út. Skriuw de sidenûmers op en jou oan wêrom'tst se moai fynst.

7. Kies de yn dyn eagen minst slagge/passende yllustraasje út. Jou it sidenûmer. Lis út wêrom'tsto dat fynst en meitsje sels in yllustraasje foar dit sidenûmer.

8. Yn in soad boeken komme gjin yllustraasjes foar. Wêrom sille se foar dit boek wol makke wêze, tinksto?

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 3 - Opdrachten

Boek Dykstra, Lida Wolken fan wol
NûmerN3/1
Nivo3
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusmotto
Learst

om nei te tinken oer de tematyk fan de ferhalen

Opdracht

Lida Dykstra hat twa rigels út de song 'One of Us' fan Joan Osborne brûkt op de side foarôfgeand oan it ferhaal.

1. Lês dy twa rigels yn it boek. Sykje yn in wurdboek op wat it Ingelske wurd slob betsjut en skriuw dat op.

2. Lida Dykstra hat dat wurd oerset yn it Frysk as slokkert. Sykje dit wurd op yn it Fryske wurdboek.
Meist ek sykje yn it online Wurdboek fan de Fryske Taal, WFT (sjoch boarne hjirûnder)
Kinst it net fine sykje dan it wurd slokke op. Jou mei help fan de betsjutting dêrfan in omskriuwing foar slokkert. Lis út wêrom'tst dy omskriuwing joust. Komt it oerien mei de betsjutting fan it Ingelske wurd? Lis út.

3. Wat fynst fan it brûken fan it wurd slokkert hjir? Lis dyn antwurd út.

Underoan dizze opdracht stiet de tekst fan it liet 'One of Us' yn syn gehiel.
Gean nei it liet op YouTube.
Beharkje de song en lês de tekst mei.
Slagget it net mei de muzyk, lês de tekst dan sa troch.

4. Fynst de tekst fan it liet yn syn gehiel passen by it boek? Lis dyn antwurd út.

5. Fynst de twa rigels dy't Lida Dykstra keazen hat it bêst passen by it boek? Lis dyn antwurd út.

6. Sykje út de tekst twa oare rigels dy'tsto ek goed of miskien wol better by it boek passen fynst. Lis út wêrom oftst dy twa rigels kiest.

One of us  by Joan Osborne

If God had a name what would it be?
And would you call it to his face?
If you were faced with Him in all His glory
What would you ask if you had just one question?

And yeah, yeah, God is great
Yeah, yeah, God is good
And yeah, yeah, yeah-yeah-yeah

What if God was one of us?
Just a slob like one of us
Just a stranger on the bus
Tryin' to make his way home?

If God had a face what would it look like?
And would you want to see if, seeing meant
That you would have to believe in things like heaven
And in Jesus and the saints, and all the prophets?

And yeah, yeah, God is great
Yeah, yeah, God is good
And yeah, yeah, yeah-yeah-yeah

What if God was one of us?
Just a slob like one of us
Just a stranger on the bus
Tryin' to make his way home?

Just tryin' to make his way home
Like back up to heaven all alone
Nobody callin' on the phone
'Cept for the Pope maybe in Rome

And yeah, yeah, God is great
Yeah, yeah, God is good
And yeah, yeah, yeah-yeah-yeah

What if God was one of us?
Just a slob like one of us
Just a stranger on the bus
Tryin' to make his way home?

Just tryin' to make his way home
Like a holy rolling stone
Back up to heaven all alone
Just tryin' to make his way home

Nobody callin' on the phone
'Cept for the Pope maybe in Rome

Songwriter: Eric M. Bazilian

Bronnen

Wurdboek fan Fryske Taal op ynternet: www.taalweb.frl

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Dykstra, Lida Wolken fan wol
NûmerN3/2
Nivo3
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Lês it ferhaal oer de metamorfoaze fan Cornix (siden 10 o/m14) en fan Arachne (siden 108 o/m 110).

1. Hjoeddei ûndergean minsken ek wol in metamorfoaze of in make-over. Wat is faak de reden foar sa'n metamorfoaze en wat hâldt dy dan yn?

2. Wat is de oarsaak en wa is ferantwurdlik foar de metamorfoaze fan Cornix en fan dy fan Arachne?

3. Wat is Cornix earst en wêr feroaret sy yn?

4. Wat is Arachne earst en wêr feroaret sy yn?

5. Lês nochris goed hoe't de metamorfoaze by beiden giet. Beskriuw no sels in metamorfoaze fan dysels (of fan in oar) yn in bist. Lis út wêrom'tst krekt keazen hast foar dat bist.

6. Cornix wit, oan 'e ein fan it boek, net wat se mei it boadskip fan de Pythia oanmoat. Stel dat se dat wol witten hie en dat it makke hie dat se har eigen gedaante weromkrige. Beskriuw hoe't dy metamorfoaze werom nei har eigen stal om en ta gean soe, neffens dy.

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Niveau 4 - Opdrachten

Boek Dykstra, Lida Wolken fan wol
NûmerN4/1
Nivo4
Stúdzjelêst1 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokuswize fan fertellen
Learst

om ynsjoch te krijen yn it literêre begryp ramtfertelling

Opdracht

Yn Wolken fan wol komme mear ferhalen foar: it sintrale ferhaal yn proaza troch it hiele boek hinne en de ferhalen oer û.o. metamorfoazen dy't troch de skierroek Cornix út dat ferhaal wei ferteld wurde.
Yn it ferhaal oer Arachne sit noch in ramtfertelling: de ferhalen fan de kleden dy't weefd wurde.

1. Sykje op wikipedia of yn materiaal dat op skoalle brûkt wurdt de betsjutting fan it begryp ramtfertelling (raamvertelling) op en skriuw dy op.

2. Meitsje op in A4 de trije ramtfertellings dúdlik. Doch dat sa:
tekenje in ramt sawat sa grut as it hiele blêd;
set in lytser ramt yn it earste grutte, sa dat der in râne fan it grutste ramt oerbliuwt om yn te skriuwen;
doch datselde mei in noch lytser ramt, sa datst ek noch skriuwe kinst yn it ien nei grutste ramt.

3. Set boppe yn it grutste ramt: it wachtsjen foar de timpel fan Apollo, boppe yn it twadde ramt: it ferhaal fan Arachne, en yn yn it lytste tredde ramt: de ferhalen fan Arachne en fan Minerva.

4. Yn alle trije kaders tekenst it ikoantsje dat hieltyd by (it begjin fan) it ferhaal stiet. Sjoch side 7, side 18 en side 28.

5. Set yn de elk ramt de haadpersoanen en yn it lytste ramt mei de fjouwer ferhalen earst wêr't it ferhaal oer giet en dan de haadpersoanen.

6. Meitsje yn elk ramt ek in hiel koarte gearfetting fan de ynhâld.

7. Kinst it ferhaal fan Cornix oer himsels (side 10 o/m 14) ek beskôgje as ûnderdiel fan it grutste ramt? Lis dyn antwurd út.

 

Bronnen

Wikipedia, raamvertelling

Makke trochLieukje Leistra-Reidsma
Boek Dykstra, Lida Wolken fan wol
NûmerN4/2
Nivo4
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmyndividueel
Fokusbewurking
Learst

om nei te tinken oer de bewurking fan in ferhaal

Opdracht

Yn 2010 ferskynde Feroarings fan stal, Klaas Bruinsma syn Fryske oersetting fan de Metamorphosen fan Ovidius. It is in prachtich útfierd boek fan de hân fan foarmjouwer Gert Jan Slagter, útjûn by Steven Sterk.

Feroarings fan stal hat 15 haadstikken, dy't elk ek as 'boek' oantsjut wurde. Elk 'boek' hat sa'n 800 dichtrigels. Foar dizze opdracht moatst Feroarings fan stal liene yn de biblioteek, by jim op skoalle of by Tresoar yn Ljouwert (sjoch boarne) - dat hat as foardiel datst it hiele boek besjen kinst.
It alternatyf is: brûk de pdf fan de siden dêr't it om giet. Dy pdf is by de boarne bylevere, mei tastimming fan de útjouwer.

Lês yn Wolken fan wol de siden 42 o/m 48 op de lêste twa rigels nei en lês Feroarings fan stal, boek I rigel 747 oant boek II rigel 49.
Rigel 747 begjint mei it wurd 'Har'. Dat slacht op de nimf Io, oer wa't it foarôfgeande stik giet.

1. Ferlykje de bewurking fan Metamorphosen troch Lida Dykstra mei de tekst fan Ovidius yn de oersetting fan Klaas Bruinsma. Skriuw trije ferskillen op, dy't dy daliks opfalle.

2. Lês nochris yn Wolken fan wol side 42 o/m 45 '...mei withoefolle wiete tútsjes.'
En lês yn Feroarings fan stal boek I rigel 747 oan de ein fan boek I ta.

a. Is de beskriuwing yn Wolken fan Wol langer of koarter?
b. Neam trije dingen yn dit fragmint dy't Lida Dykstra beskriuwt mar dy't net yn de Feroarings fan stal foarkomme.
c. Neam fan beide fragminten it stik dat it meast oerien komt. Jou fan Wolken fan wol it sidenûmer en begjin- en einwurden fan it sitaat en jou fan Feroarings fan stal de rigelnûmers.

3. Lês yn Wolken fan wol side 45 fan de rigel dêr'tst by fraach 2 einige bist o/m side 48 op de lêste twa rigels nei. En lês yn Feroarings fan stal fan it begjin fan boek II oan rigel 49 ta.

a. Is de beskriuwing yn Wolken fan Wol langer of koarter?
b. Neam ien stik yn dit fragmint dat Lida Dykstra beskriuwt mar dat net yn de Feroarings fan stal foarkomt.
c. Neam twa stikken dy't net yn Wolken fan wol foarkomme mar wol yn Feroarings fan stal.
d. Fertel yn it koart wat de kearn is dy't sawol yn de bewurking fan Lida Dykstra as yn de yntegrale tekst yn Feroarings fan stal beskreaun wurdt.

4. Ferlykje it taalgebrûk yn Wolken fan wol en Feroarings fan stal. Komt it mei elkoar oerien of binne der ferskillen? Fynsto de ferskillen hiel grut, grut of net sa grut? Lis dyn antwurd út.

5. Beskriuw oan de hân fan it ûndersyk datst dien hast yn hûndert wurden wêr't de bewurking fan Lida Dykstra yn ferskilt fan Metamorphosen sa as werjûn yn Feroarings fan stal.

6. Kinne je sizze dat Lida Dykstra in hiel oar, nij boek skreaun hat, dat allinne mar yn de fierte liket op de Metamorphosen, of moatte je Wolken fan wol sjen as in bewurking fan de Metamorphosen, op in eigentiidske wize neiferteld?
Motivearje dyn antwurd.

Bronnen

Ovidius, Feroarings fan stal, oersetting Klaas Bruinsma, Bornmeer, Ljouwert 2010, katalogus Tresoar.
Siden 46-53 út it boek. Pdf troch de útjouwer beskikber steld en mei tastimming hjirûnder te finen.

Downloads Feroarings_fan_stal_fragmint.pdf
Makke trochLieukje Leistra-Reidsma

Docenteninformatie

Yntroduksje

Lida Dijkstra (1961) groeit op yn in lyts doarp yn Fryslân. Op har achttjinde ferhuzet se nei Leien. Dêr studearret se oan de Reinwardt Academie, hbû foar museummeiwurkers, keunstskiednis en argeology. Yn 1986 komt se werom nei Fryslân dêr't se projektmeiwurkster by de Stichting Monument van de Maand wurdt en dêrnei konservator yn it Museum Joure.
Nei de berte fan har dochter nimt se it beslút om har te setten ta kreatyf skriuwen. Yn 1994 ferskynt har earste berneboek. No is skriuwen har berop. Lida skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk en set har eigen boeken oer fan de iene nei de oare taal. Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere jeugd en folwoeksenen. By dy boeken lit se har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis, har earder fakgebiet. Har boeken hawwe in soad fantasij en humor. Lida hat mear as ien priis krigen foar har wurk, sa as in Vlag en Wimpel, de Welpeprint en twa kear achter elkoar de Simke Kloostermanpriis. Twa fan har boeken komme foar op de IBBY honourlist.

Ynhâld

Yn dit boek fertelt Lida Dykstra op humoristyske en orizjinele wize seis klassike mytologyske ferhalen nei. It is orakeldei yn Delphi. In lange rigel minsken stiet te wachtsjen foar de Apollotimpel om de god ried te freegjen of tank te sizzen. Cornix, in deawurge skierroek (dy't eins in betsjoende prinsesse is) lânet op de holle fan in hardersjonge. Om't se hiel lang wachtsje moatte oant se oan bar binne, begjint Cornix ferhalen te fertellen oan de jonge. Yn dy ferhalen witte de minsken kear op kear de lilkens fan de goaden oer har ôf te roppen. Se wurde op allerhanne wizen omtovere yn bisten of sels planten. Mar de goaden ha likegoed sa har problemen....

Swierte

Wolken fan wol is basearre op de Metamorphosen fan de Romeinske skriuwer Ovidius ( 43 f. Kr. - 17 n. Kr.). Lida Dykstra hat dêr seis myten út bewurke. It is lykwols net in letterlik neifertellen fan Ovidius syn wurk, mar in folslein nij boek en net dreech te lêzen. Wolken fan wol sit fol humor, ûnferwachte kearen en nije sydpaden. It boek is yn tagonklik Frysk. Dregere histoaryske en dichterlike wurden meitsje it net swier foar N2, N3 en N4 lêzers. Grykske persoansnammen en ûngebrûlike termen wurde yn in register achter yn it boek útlein.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De lêzer moat ree wêze en ferpleats him yn it tinken fan de klassike âldheid,  mei syn (heal)goaden, har hâlden en dragen en dat fan de gewoane minsken.   

Ynteresses

Ynteresse yn goadewrâld en yn dy fan de minsken yn de âldheid en hoe't sy libje en elkoar beynfloedzje, is in pree.

Algemiene kennis

Kennis fan de klassike âldheid is net perfoarst nedich. De ferhalen yn Wolken fan wol litte har ek sûnder dy kennis goed lêze.

Spesifike literêre en kulturele kennis

Spesifike literêre en kulturele kennis is net nedich.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

It wurdgebrûk is net dreech, útsein wurden dy't te krijen hawwe mei Grykske nammen fan persoanen en foar saken, mar dy wurde yn in register útlein. It poëtysk taalgebrûk is gjin behindering foar lêzers. De mear betûftere sille mear niget ha oan de sels betochte wurden. It wêrom fan it brûken fan bepaalde wurden troch Lida Dykstra sille N3- en seker N4-lêzers begripe. Oars is it gjin behindering foar it lêzen en begripen fan de ferhalen.  

Sinskonstruksjes

De sinnen yn de proazastikken binne ienfâldich sûnder al te lange bysinnen. Yn de oare dielen kin it trochrinnen fan sinnen op mear rigels yn it begjin foar N2-lêzers wat lestich wêze.

Styl

De styl lit jin soms noch tinke oan de Metamorphosen fan Ovidius sa't dy oerset binne troch M. d'Hane-Scheltema. Foar de N2-lêzers sille dat de dreechste stikken wêze. Folle faker is de styl fan Wolken fan wol lykwols humoristysk, koart om 'e hoeke, fol ûnferwachte kearen en noflik om te lêzen.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

Yn de ferhalen fan Wolken fan wol sit in soad aksje dy't ûntstiet troch de ynteraksje fan goaden en minsken of fan goaden ûnder inoar. Sy sette elkoar de foet op ferskillende wizen dwers. Aksje út jaloerskens, dommens en erchtinken ropt allerhanne reaksje op. Wat foar reaksje it is, is hiel ferskillend, mar fansels wol passend by de tiid en de goadewrâld.

Gronology

It ramtferhaal oer wat der bart by it wachtsjen foar de timpel fan Delphi is gronologysk. Cornix, de skierroek, fertelt seis ferhalen oer metamorfoazen. Dy fan harsels is dêr ien fan. De ferhalen op harsels binne ek wer gronologysk opboud.

Ferhaalline(n)

Der binne ferskillende ferhaallinen. It ramtferhaal yn proaza en mei in gewoane blêdspegel giet oer wat der bart wylst de skierroek Cornix op it skouder fan in hardersjonge sit. It ferhaal oer Arachne foarmet wer it ramt foar de fjouwer ferhalen dy't ferteld wurde (en útbylde yn de kleden) yn de striid tusken Arachne en de goadinne Minerva. It is in ramtfertelling yn in ramtfertelling. Dat is miskien yn it begjin dreech foar N2-lêzers mar wurdt wol dúdlik, ek troch de ikoantsjes by it begjin fan de ferhalen.

Perspektyf

It ferhaal wurdt ferteld fan út it perspektyf wei fan de alwittende ferteller.

Betsjutting

Lida Dykstra jout oan dat Wolken fan wol bestimd is foar lêzers fan 9 jier ôf. It is net allinne foar bern mar ek foar folwoeksenen. It pleatsen fan de klassike ferhalen sil foar al dy lêzers dy't net folle kennis fan de Grykske mytology hawwe dreech wêze. It brûken fan in neislachwurk kin dêr handich yn wêze. De Fryske ferzje en de Nederlânske Wachten op Apollo (2001) meitsje de ferhalen fan Ovidius tagonklik foar in grut publyk.

Fertroudheid mei literêre personaazjes

Karakters

Yn alle ferhalen spylje ferskillende karakters. Ien hat dêr meast de haadrol yn. Cornix yn it kearnferhaal, Arachne yn har ferhaal. Yn alle ferhalen spylje meardere karakters in (haad)rol.

Oantal karakters

It oantal karakters dat der ta docht is yn elk op him sels steand ferhaal beheind. It draait meast om twa, dy't mei elkoar yn konflikt komme. It oantal karakters yn in ferhaal leveret gjin problemen.

Untjouwing fan de karakters

It karakter fan de haadpersoan of -persoanen hat de grutste ûntjouwing. Troch harren aard en hanneljen komme se yn konflikt mei in god of goadinne. Meast wurde se foar it útdaagjen fan de goaden straft mei in metamorfoaze.

Ferantwurding

Website Lida Dykstra
Lida Dykstra op tresoar.nl

Relevante  boarnen foar dosinten

* Jelle van der Meulen op syn Friese literatuursite.
* Jabik Veenbaas, LC 09-06-2000.
* G. Schwab & J.K. van den Brink, Griekse mythen & sagen Spectrum, Utrecht 2014.
* Ovidius Metamorhosen vertaling door M. d'Hane-Scheltema, Atheneum- Polak & Van Gennep, Amsterdam 2002.
* Ovidius Feroarings fan stal oersetting troch Klaas Bruinsma, Bornmeer, Ljouwert 2010.
Wikipedia Metamorfosen en Griekse mythologie van A tot Z
(foar achtergrûnynformaasje).