Nei de klap
- Niveau
- Niveau 3
- Jaar uitgave
- 1999 [2de pr. 2014]
- Uitgeverij
- Koperative Utjowerij
- Plaats
- Boalsert
- Aantal pagina's
- 235
- Genre
-
- distopyske roman
- ûndergongsroman
- Tags
-
- adolesinsje
- morele fragen
- oerlibje
- útsichtsleazens
- Taalniveau
- B2
- Lenen bij de bibliotheek
E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't bysûnder wie fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Trinus Riemersma eksperimintearre wol mear yn syn boeken. In foarbyld dêrfan is roman De hite simmer (1969) dêr't itselde ferhaal beskreaun wurdt út trije ferskillende perspektiven wei. Dat is ek te sjen oan de manier wêrop't de bledsiden printe binne. Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Nei 1980 brûkte er gauris syn eigen stavering. Riemersma syn wurk is bekroand. Hy krige seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk (1967) en De Reade Bwarre (1995) ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam, as letterkundedosint oan NHL Hogeschool en as kollumnist foar de Leeuwarder Courant.
Inhoud
De roman is in ferhaal oer in oerlibbingstocht troch in treasteleaze wrâld sân jier nei 'de klap'. Wat krekt bard is wurdt net hielendal dúdlik. Miskien is der in atoomsintrale ûntploft, in atoombom fallen of in meteoryt delkaam.
De haadpersoan fan de roman is Ake, in jonge fan 14 jier út Drachten. Weromsmiten op himsels moat er him rêde yn in nije sitewaasje sûnder ûnderdak, sûnder iten en klean, sûnder syn famylje en freonen mei minsken dy't him net eigen binne.
Leesaanwijzingen
Yn de earste haadstikken fan de roman freget de lêzer him hieltyd ôf wat der no eins bard is, hoe't Ake yn dizze aaklige sitewaasje telâne kommen is. It ferhaal makket nijsgjirrich.
Yn it boek komt in soad ellinde en negativiteit foar. Dat makket miskien datst net folle nocht hast om it boek hielendal út te lêzen.
Oan de oare kant is it nijsgjirrich om in boek te lêzen oer hoe't in jonge fan 14 oerlibbet yn in wrâld dêr't alles weifallen is. Ake moat oerlibje sûnder hûs, famylje en freonen. Oer hoe't er dat docht, kinst allerhande fragen stelle.
Om over na te denken
Kinst dy foarstelle dat der in ramp bart en datst alles kwyt bist? Fielt Fryslân noch as in thús as der gjin famylje en freonen mear wenje? En as it doarp der net mear is? Wat betsjut Fryslân foar dy?
Waardering
'De inhoud van de roman is boeiend door de harde en genadeloze uitbeelding van de mens in een situatie waarin elke poging tot overleven uiteindelijk uitzichtloos blijkt.'
Elske Schotanus op www.elskeschotanus.nl.
'8 september 2009 | UTRECHT
Ik moest er even in komen, maar vond het een erg aardig boek. Een vaak gebruikte setting, maar toch weet de schrijver een 'ander' verhaal te vertellen. Het is ook wel bijzonder dat de hoofdpersoon een Fries is. Ik heb het in een paar dagen uit gelezen.'
Nederlânske lêzer fan de roman op de webside fan bol.com. De lêzer hat de Nederlânske oersetting fan de roman lêzen.
Opmerkingen
Fan de roman is in Nederlânske oersetting (2001)
Leestips/meer weten
Dokumintêre oer Riemersma op Omrop Fryslân, maart 2011
Ynformaasje oer de skriuwer op tresoar.nl
Samengesteld door
Babs Gezelle MeerburgAanbevolen
Opdrachten
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Riemersma, Tr. Nei de klap |
Nûmer | N2/1 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel, kreative opdracht |
Fokus | sfear |
Learst | om dy bewust te wurden hoe't de sfear út de roman op dy oerkomt |
Opdracht | Oan de ein fan it ferhaal, op de lêste bledsiden, komt Ake yn de buert fan Fryslân: 'Lofts fan my is it allegearre wetter, ik sjuch it iderkear as ik oer in heuvel klatterje.' Lês de lêste siden fan de roman nochris goed troch. |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Riemersma, Tr. Nei de klap |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel, skriuwopdracht |
Fokus | identifikaasje |
Learst | om dy bewust te wurden fan hoe'tst dy identifisearrest mei it haadpersonaazje |
Opdracht | Hoe giet it fierder mei Ake? |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Riemersma, Tr. Nei de klap |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | karakters |
Learst | om troch de eagen fan oare personaazjes nei de hanneling te sjen en dêr dyn eigen oardiel oer te foarmjen |
Opdracht | 1. Do krijst trije sênes út de roman foarlein. Giest nei wat Ake kiest te dwaan en beoardielst oftsto dat in goede kar fynst. |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Riemersma, Tr. Nei de klap |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sojale, estetyske en morele fragen |
Learst | om te sjen nei hanlingen fan de haadpersonaazjes, te sjen nei dysels en de tiid dêr't wy yn libje |
Opdracht | Wat soesto dwaan as… |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Riemersma, Tr. Nei de klap |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenres |
Learst | om wat breder te sjen nei oare romans en keunstfoarmen mei itselde ûnderwerp |
Opdracht | Der binne mear boeken, films, muzykstikken dy't geane oer it libben 'nei de klap', dus nei it fallen fan de atoombom of nei it ûntploffen fan in atoomsintrale. Se geane oer de ein fan de wrâld (of in part dêrfan). Boektitels kinst fine by de lêssuggestjes op de learlingeside. |
Bronnen | Schooltv Atoombom 1 |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Boek | Riemersma, Tr. Nei de klap |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | it begryp ‘sublym’ |
Learst | de ynhâld fan it begryp 'sublym' kennen en learst om mei it begryp te wurkjen |
Opdracht | Lês earst it stik oer de literêre teory hjirnei. |
Literaire theorie | Ride oer iis dat eins net fertroud is, in fleantúch stoart del (mar net dat dêr'tsto krekt yn siest), Russyske rûlette. Fan gefaarlike sitewaasjes en geweld yn boeken en films giet soms in bepaalde fassinaasje út. Fynst it spannend en grizelich, mar tagelyk lêst wol troch en sjochst der wol nei. In ierdbeving, kroadzjend iis of in ûntploffing fan in fulkaan kin geweldich, majestueus wêze. De natuer lit de spierballen sjen en dat is spannend en oanloklik tagelyk. Itselde jildt foar in horrorfilm. It is hast té spannend, mar sjochst wol. |
Makke troch | Babs Gezelle Meerburg |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Trinus Riemersma (1938-2011) is ien fan de bekendste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1964 mei de roman Fabryk, dy't bysûnder foar Fryslân achte waard fanwege de iepenheid oer psychyske sykte, seksualiteit en leauwen. Dy iepenheid waard gauris opfetten as ûnfatsoenlik en ûnfrysk. Behalve mei boppeneamde ynhâldseksperiminten droech Riemersma mei foarmeksperiminten by oan de modernisearring fan de Fryske literatuer. In foarbyld dêrfan is de 'trijeslachtige' roman De hite simmer (1969). Riemersma skreau ek gedichten en koarte ferhalen. Nei 1980 brûkte er gauris syn eigen stavering. Riemersma syn wurk is bekroand. Hy krige seis kear in Rely Jorritsmapriis foar koarte ferhalen. Foar de romans Fabryk (1967) en De Reade Bwarre (1995) ûntfong er elk in Gysbert Japicxpriis. Riemersma wurke as skoalmaster en letter as literatuerûndersiker oan de VU-Amsterdam (proefskrift Proza van het platteland), as letterkundedosint oan NHL Hegeskoalle en as kollumnist foar de Leeuwarder Courant.
Ynhâld
It ferhaal fertelt oer in oerlibbingstocht troch in treasteleaze wrâld sân jier nei 'de klap'. Fan de wrâld sa't wy dy kenne, is net folle mear oer. De haadpersoan fan de roman is Ake, in jonge fan 14 jier út Drachten. Weromsmiten op himsels moat er him rêde sûnder ûnderdak, sûnder iten en klean, sûnder famylje en freonen.
Swierte
De beskriuwingen fan kealheid, geweld en in libben sûnder feilige relaasjes, dus in libben werombrocht op de essinsje fan oerlibjen binne konfrontearjend. Ut dit ferhaal sprekt net folle hope. It is tematysk in swier boek. De learling fan nivo 2 kin him identifisearje mei haadpersonaazje Ake, want it ferhaal is meislepend skreaun. Foar learlingen fan nivo 2 is it tal bledsiden frij heech. Utdaagjend foar de learling fan nivo 2 en passend by de learling fan nivo 3 is dat it boek gjin ûntspanning is, mar jin yn de kunde bringt mei in nije, oare wrâld boud op oare morele prinsipes as wy wend binne. Ake is ûnderdiel wurden fan in frjemde groep en moat him oanpasse oan de regels fan dy groep, wol er oerlibje. De learling fan nivo 4 sil ferskillende lagen yn de roman bleatlizze kinne, him ferdjipje kinne yn referinsjele saken as de 'ein fan de wrâld' of yn it ûnderwerp 'oerlibjen nei in ramp' dat yn folle mear boeken en films tematisearre wurdt.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze om him meinimme te litten troch it ferhaal fan Ake, dat soms konfrontearjend is yn de iepen en rauwe beskriuwing fan minsklik lijen. Der binne lêzers dy't har ôfstjitte litte troch de 'negativiteit' yn de roman. |
Ynteresses |
Psychyske, sosjale en morele fraachstikken: hoefier giet ien dy't oerlibje moat? Wat is minsklikheid? Wêr lizze de grinzen fan in minske? |
|
Algemiene kennis |
Basale kennis fan 'de klap', de atoombom en de gefolgen dêrfan foar de minsken en de ierde. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Is net fereaske. Nei de klap kin rekkene wurde ta it sjenre fan de distopyske roman. Dat is in roman oer ûntminskliking fan it libben troch natuerrampen en oare apokalyptyske sitewaasjes. Distopy is it tsjinoerstelde fan utopy. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
De taal fan Riemersma is flot en linich. It Frysk is idiomatysk geef. Syn Frysk is literêr en wykt ôf fan Frysk as omgongstaal. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen wurde útsprutsen en tocht troch in jonge fan 14. Se binne relatyf koart en ienfâldich opboud. |
|
Styl |
Tagonklik, mar geef. Sjoch opmerking by Wurdgebrûk. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn it boek bart in soad. Dêr wurdt troch Ake op in rêstige nofteren manier ferslach fan dien. N2-lêzers sille har oansprutsen fiele troch de aksje en it avontuer. Foar N3- en N4-lêzers is de aksje minder fan belang. Sy kinne har rjochtsje op djippere betsjuttingslagen fan it ferhaal. N3-lêzers kinne harsels en it boek fragen stelle oer sosjale, morele en psychyske fraachstikken (grinzen fan minsklikheid). Se kinne har ek ferdjipje yn it groepsgedrach fan Ake. N4-lêzers kinne har ferdjipje yn it sjenre fan de distopyske roman troch it te ferlykjen mei oare keunstfoarmen (film, muzyk) en it beskôgjen fan tema's, sfear / kleur en hope / takomstperspektyf yn dit sjenre. |
Gronology |
It ferhaal wurdt gronologysk ferteld mei weromferwizingen en langere flashbacks. Foar N2-lêzers is it grif soms lestich om de tried fan it ferhaal goed beet te hâlden. Lêzers fan nivo 3 en 4 sille minder muoite mei hawwe mei it pleatsen fan de flashbacks yn de gronology. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaalline is de reis fan Ake nei it suden (Frankryk) en werom nei Fryslân. Dêr trochhinne ferfrissele sitte weromferwizingen en flashbacks nei it ferline (ûnder oare Ake syn bernejierren yn Drachten) en it oerlibjen fuort nei de klap. Sjoch opmerkingen by gronology. |
|
Perspektyf |
Ferteld wurdt út it personaazje Ake wei. It is in ik-roman. Dat freget fan de lêzer ynlibbingsfermogen en makket it ferhaal dreger foar lêzers fan nivo 2. Se sille gauwer de tried fan it ferhaal kwytreitsje kinne. Lêzers fan nivo 3 en heger sille Ake syn sitewaasje makliker rekonstruearje en pleatse kinne. |
|
Betsjutting |
De learling fan nivo 2 kin him dwaande hâlde mei de benearjende sfear yn de roman en him werkenne yn de stimmingen fan Ake. De learling fan nivo 3 sil by steat wêze om in soarte fan 'libbensles' of libbensfizy út it boek te heljen en om fragen te stellen by de besluten dy't Ake nimt en de dieden dêr't er foar kiest om te oerlibjen. De learling fan nivo 4 kin neitinke kinne oer foarneamde kwestjes, mar konkrete romanfragminten mei it each op morele fragen te ynterpretearjen. Hy kin in link lûke troch beskriuwingen fan de 'eintiid' yn Nei de klap en films, oare romans muzyk yn it dystopyske sjenre. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
Ake is de sintrale persoan. Him leare wy kennen en wy sjogge syn ûntjouwing. De minsken om him hinne binne types of flat characters. Se hawwe de rol fan figurant yn it libben fan Ake. |
Oantal karakters |
Der binne in soad personaazjes. Har nammen en rollen binne net fan grut belang foar it ferhaal, mar troch har mannichte komplisearje se it ferhaal foar lêzers fan nivo 2. |
|
Untwiklingen fan de karakters |
It giet yn de roman benammen om Ake syn ferhâlding ta de wrâld en ta minsken yn in feroare wrâld. |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Sjoch foar besprekken, tresoar.nl, boekprofyl. |