
Swarte ingels
- Niveau
- Niveau 2
- Jaar uitgave
- 2004 [4de pr 2011]
- Uitgeverij
- Frysk en Frij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 238
- Genre
-
- psychologyske roman
- Tags
-
- broer-susterrelaasje
- jeugdkultuer
- jierren '70
- leafde
- ynsest
- Taalniveau
- B1
- Lenen bij de bibliotheek
- https://wiseweb.bfrl.nl/cgi-bin/bx.pl?event=tdetail;var=portal;titcode=186345
Over de auteur
Willem Schoorstra waard yn 1959 berne yn Ternaard. Yn 2001 debutearre er mei de dichtbondel Ynwijing. Syn roman Swarte ingels (2004) waard bekroane mei de Fedde Schurerpriis. Dêrnei ferskynde de roman De ôfrekken (2007). Schoorstra syn lêste boek is in histoaryske roman, Rêdbâd, kronyk fan in kening.
Inhoud
Swarte ingels is it ferhaal oer in ûnmooglike leafde. Troch de minne relaasje tusken har âlden, sykje Hilbrand en syn suske Fardou feilichheid by elkoar. Broer en sus wurde stadichwei ferlyfd, se krije in ferhâlding. Dat kin net geheim bliuwe en it ferhaal kriget in dramatysk ein.
Leesaanwijzingen
Swarte ingels is maklik skreaun: de sinnen binne koart, der binne net folle lestige wurden en de struktuer is ienfâldich. It ferrin fan de leafde tusken broer en sus is in spannend elemint yn dit wat broeierige ferhaal.
Om over na te denken
Wat soesto dwaan ast sljocht wiest op in ûnberikbere leafste? Mei wa soest dyn gefoel diele? Of soest der net oer prate?
Waardering
'Schoorstra jout it tema fan de ynsestueuze leafde op in knappe manier foarm. Op fernimstige wize wit er de lêzer hieltyd wer yn spanning te hâlden. (…) En ek as de leafde tusken Hilbrand en Fardou in beklonken saak is, hâldt er de spanning fêst. No komt it spanningsaksint wer op oare dingen te lizzen. Sil it geheim ûntdutsen wurde?'
Jabik Veenbaas yn de Ljouwerter Krante
'De skriuwer beskikt net allinne oer in moaie natuerlike styl; de komposysje doocht ek hielendal.'
Jetske Bilker yn Farskskrift
Opmerkingen
Foar dizze roman krige de skriuwer yn 2005 de Fedde Schurerpriis. De folsleine tekst is opnommen yn de dbnl.
Leestips/meer weten
Oer de skriuwer
Jabik Veenbaas, besprek, Leeuwarder Courant 13-02-2004
Aanbevolen
Opdrachten
Niveau 1 - Opdrachten
Boek | Schoorstra, Willem Swarte ingels |
Nûmer | N1/1 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | titel |
Learst |
om nei te tinken oer de titel en it omslach |
Opdracht |
Hjirûnder steane trije ferskillende omslaggen fan it boek Swarte ingels: twa omslaggen fan de Fryske edysje en it omslach fan de Nederlânske oersetting.e
|
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Schoorstra, Willem Swarte ingels |
Nûmer | N1/2 |
Nivo | 1 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | personaazjes |
Learst |
om hanlingen en eigenskippen fan it haadpersonaazje te beskriuwen |
Opdracht |
Jim sitte in de redaksje fan it BNN-programma Je zal het
maar zijn, in programma oer jongerein mei in bysûnder ferhaal.
De redaksje wol graach Hilbrand yn de útstjoering, syn ferhaal sil
sintraal stean. |
Bronnen |
BNN programma Je zal het maar zijn |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 2 - Opdrachten
Boek | Schoorstra, Willem Swarte ingels | ||||||||||||
Nûmer | N2/1 | ||||||||||||
Nivo | 2 | ||||||||||||
Stúdzjelêst | 1 slu | ||||||||||||
Wurkfoarm | yndividueel | ||||||||||||
Fokus | personaazjes | ||||||||||||
Learst |
om it gedrach fan personaazjes te begripen | ||||||||||||
Opdracht |
1. Hjirûnder steane fiif sitaten uit Swarte ingels. Wat is dyn miening oer it sitaat? Is it sitaat typysk foar it personaazje Hilbrand of jildt it ek foar jongerein yn it algemien? Set de letter fan it sitaat yn it skema hjirûnder, yn de rigel foar Hilbrand en ek yn de rigel foar jongerein yn it algemien.
a. 'Freonen en freondintsjes hiene wy net as bern, wy kamen inkel fan 'e pleats om nei skoalle ta yn 't doarp. Moarns stutsen wy ôf, in stik bôle en in apel yn 'e bûse. Mem brocht ús oant 'e homeie ta, dêr't se stean bleau oant wy har net mear sjen koene.' (side 9) b. 'Ik ha útfûn dat se my ek aardich fine, fammen. Se wolle
graach mei my frije. Yn 't begjin hie 'k dêr noed mei, hoe't dat no
krekt moast en sa. (…) Mar it giet fansels, je hoege der net by nei
te tinken.' (side 64) | ||||||||||||
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Schoorstra, Willem Swarte ingels |
Nûmer | N2/2 |
Nivo | 2 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | personaazjes |
Learst |
om nei te tinken oer de identifikaasje mei personaazjes |
Opdracht |
1. Hilbrand sit op Twitter. Folgje him op
@HilbrandSwingel en stjoer him in privee-berjocht. Fertel
him hoe't er mei syn leafde foar syn sus omgean moat. Doch dat op
basis fan trije ferskillende foarfallen út de roman. Beneam dy
foarfallen ek yn dyn brief (mei it sidenûmer derby). |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Schoorstra, Willem Swarte ingels |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | personaazjes |
Learst |
om it gedrach fan personaazjes te analysearjen en te
ferklearjen |
Opdracht |
Yn de Hitkrant besprekt de redaksje yn de rubryk
Real-Life fragen van lêzers. De fragen geane oer leafde,
seks, freonen en famylje. Klik hjir om
de rubryk te sjen. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Schoorstra, Willem Swarte ingels |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | fjouwertal |
Fokus | tematyk |
Learst |
om te reflektearjen op morele fraachstikken út de roman |
Opdracht |
Der wurdt een debat organisearre oer de folgjende
stelling: |
Bronnen | |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Willem Schoorstra waard yn 1959 berne yn Ternaard. Mei it ferhaal 'Trettjin dagen' wûn er yn 1999 de Rely Jorritsmapriis. Yn 2001 debutearre er mei de dichtbondel Ynwijing, folge troch de ferhalebondel Berjochten út Babel (2002). Syn roman Swarte ingels (2004) waard by de kritisy goed ûntfongen. 'Op fernimstige wize wit er de lêzer hieltyd wer yn spanning te hâlden,' skreau de Leeuwarder Courant. It boek waard bekroand mei de Fedde Schurerpriis. Dêrnei ferskynden de romans De ôfrekken (2007) en de histoaryske roman Rêdbâd, in kronyk oer de kening fan Fryslân.
Ynhâld
Swarte ingels is it ferhaal oer in ûnmooglike leafde. Troch de minne relaasje tusken har âlden sykje Hilbrand en syn suske Fardou feilichheid by elkoar. Broer en sus wurde stadichwei ferlyfd, se krije in ferhâlding. Dat kin net geheim bliuwe, it ferhaal kriget in dramatysk ein.
Swierte
Foar N1-lêzers en N2-lêzers is it boek oantreklik skreaun: net folle lestige wurden, de sinnen binne koart. Ek de struktuer is ienfâldich. Se sille har identifisearje kinne mei de haadpersonaazjes: jongerein. De tematyk ynsest sil net oanslute by eltse lêzer fan N1- en N2-nivo. Ek de ferwizings (muzyk, films, televyzje) nei de santiger jierren, de tiid dat ferhaal spillet, is minder oantreklik foar N1-lêzers en N2-lêzers. Foar N3-lêzers is der minder utdaging. It boek hat gjin iepen plakken. Der binne gjin perspektyfwiksels, der is gjin iepen ein, alles wurdt eksplisyt beskreaun. Wol behannelt de roman in moreel fraachstik: ynsest. N3-lêzers kinne har dêr goed yn fêstbite.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De N2-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan it haadpersonaazje dat prakkesearret oer de 'ferbeane' ferhâlding mei syn suske. It wynt him yn 'e holle om. De lêzer moat dêr foar iepen stean. |
Ynteresses |
N2-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen.Swarte ingelsjout har sa'n ferhaal. Se sille har maklik identifisearje kinne mei de haadpersoan, in adolesint. Dat is foar in N2-lêzer belangryk. It tema ynsest sil net elke lêzer ynteressearje, dêr moat de dosint rekken mei hâlde. |
|
Algemiene kennis |
Kennis oer de wrâld is net nedich, wol steane ynSwarte ingelsferwizinge nei de kultuer út de santiger jieren (David Bowie, T-Rex,Jaws), mar de lêzers kinne har ek rêde sûnder kennis dêrfan. Psychyske kennis is belangriker: de haadpersoan tinkt nei oer morele fraachstikken. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Spesifike literêre kennis is net fereaske. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Der steane net folle lestige wurden yn 'e roman.Swarte ingelsis yn gongber Frysk skreaun. Ut en troch komme literêr oandwaande wurden foar, dat is lestich mar se binne meastal wol te begripen út de kontekst. |
Sinskonstruksjes |
De sinnen ynSwarte ingelsbinne oer it algemien tige koart. De sinsbou is 'staccato', der binne hast gjin bysinnen. De sinskonstruksjes yn it ferhaal binne dêrom ienfâldich foar sawol N1-, N2- as N3-lêzers. |
|
Styl |
De styl is tagonklik foar N2-lêzers. De roman is skreaun yn praattaal. Der stiet net folle byldspraak yn 'e roman, Schoorstra brûkt net folle metafoaren. As hy in fergeliking makket, dan is dat yn natuerbeskriuwings. De tema's binnen eksplisyt beskreaun. Foar N2-lêzers is datmoai, foar N3-lêzers is der te min útdaging. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn de haadstikken bart in soad, maar fan echte askje is gjin sprake. Dat is minder oantreklik foar N2-lêzers. De ferhaallinen wurde wiidweidich ferteld. De dialogen soargje foar bespegelingen fan it karakter Hilbrand, miskien lêstich foar N2-lêzers, maar se soargje ek foar tempo. Uteinlik is der wol sprake fan in plot: komt de ynsest tusken Hilbrand en syn suske út? |
Gronology |
De struktuer fan de roman is ienfâldich. De gronology slút oan by de N2-lêzer: koarte haadstikken en der is dúdlik in begjin en in ein. Yn it ferhaal sitte net folle werom- of foarútferwizings. Se binne dúdlik oanjûn mei wytrigels. |
|
Ferhaalline(n) |
De ferhaalline ynSwarte ingelsis goed te folgjen foar N2-lêzers: de leafde tusken broer en sus. Ek de ferhalen dêr trochinne (nei de grutte skoalle, fakânsje op It Amelân, ensafh) binnen goed te folgjen. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers. |
|
Perspektyf |
Der binne gjin perspektyfwiksels yn it ferhaal. It ferhaal wurdt ferteld út it ien karakter wei: Hilbrand. Dat makket it tangonklik foar N2-lêzers. De lêzers wurde twongen om har te identifisearjen mei it karakter en him te folgjen yn syn prakkesaasjes. Net foar elke N2-lêzer is dat maklik. |
|
Betsjutting |
It tema, de ynsest tusken broer en sus, is daliks dúdlik. Schoorstra beskriuwt it tema eksplisyt. It wurd falt al gau. De N2-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. Oare betsjuttings (motiven en ideeën) wurde ek eksplisyt útlein. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
YnSwarte ingelsfolget de lêzer de hannelings van ien personaazje. Hilbrand is in adolesint; de N2-lêzer sil in protte fan syn hannelings begripe kinne (nei de grutte skoalle, in nije learomjouwing, earste ferkearing). De morele opfettings fan de haadpersoan (de leafde foar syn suske moat kinne, neffens Hilbrand) sil net else N2-lêzer begripe, in N1-lêzer noch minder. In N3-lêzer kin mei sokke opfettings better út de fuotten. |
Hoemannichte |
De hoemannichte personaazjes is net grut. Hilbrand is de sintrale persoan. Ek syn suske Fardou stiet op 'e foargrûn, fansels beskreaun fan it personaazje Hilbrand wei. De minsken om him hinne binne byfigueren (heit, mem, freon Riemer). Sawol N1-lêzers as N2-lêzers kinne de hoemannichte personaazjes maklik oersjen. |
|
Untjouwing fan karakters |
De prakkesaasjes fan Hilbrand oer de ferhâlding mei syn suske sille N2-lêzers lestich befetsje kinne. Dat is har mooglik frjemd. Dat makket Hilbrand kompleks. De N3-lêzers sille har de prakkesaasjes fan Hilbrand en syn untjouwing makliker yntinke kinne. |
|
|
||
Relevante boarnen foar dosinten |
Jakib Veenbaas, 'Fereale op syn suster,' Leeuwarder Courant, 13 febrewaris 2004. |