Lezen voor de Lijst

Fries

 | niveau 1 | De keet fan Annawâld

De keet fan Annawâld

De keet fan Annawâld

Scheltema, Freddy
Niveau
Niveau 1
Jaar uitgave
2012
Uitgeverij
Elikser
Plaats
Ljouwert
Aantal pagina's
128
Genre
  • jongereinboek
Tags
  • doarpslibben
  • freonskip
  • Greidhoeke
  • jeugdkultuer
Taalniveau
A2
Lenen bij de bibliotheek

E-book fan de online Biblioteek (foar alle biblioteekleden)

Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)

Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)

Over de auteur

Freddy Scheltema waard yn 1960 berne yn Easterein. Hy wie boarder by de NAM, barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. Hy is no amtner en spilet yn in punkband. Yn 2010 ferskynde syn debútroman De reüny, oer de opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Twa jier letter kaam er mei De keet fan Annawâld. It boek wie yn 2014 ien fan de fiif nominaasjes foar de Rink van der Veldepriis.

Inhoud

De keet fan Annawâld spilet him ôf ûnder in ploech jongeren út it fiktive doarp Annawâld. Annawâld is saai. As ien fan de jongeren op it idee komt om de ôfdankte karavan fan syn âlden as keet yn te rjochtsjen, fynt er byfal by syn leeftydsgenoaten. Yn de ferskate haadstikken lêst oer de avontoeren fan de jongeren dy't by elkoar komme yn de keet.

Leesaanwijzingen

De keet fan Annawâld is maklik skreaun: de sinnen binne koart, der steane in protte dialogen yn en de struktuer is ienfâldich. It ferhaal wurdt beskreaun út ferskillende personaazjes wei.

Om over na te denken

Wat soesto dwaan ast opgroeie soest yn in saai plak? Soest mei dyn freonen ek in keet ynrjochtsje en wat soest dan yn sa'n keet dwaan? Kinne freonen dy helpe ast it dreech hast?

Waardering

'De keet fan Annawâld is in ûnderhâldend ferhaal, dêr't humor en tragyk hân yn hân geane. Scheltema hat each foar de ûnwisse, oerdreaune en ferbiten hâlding fan pubers, sa eigen oan dizze libbensfaze.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

'Hoewol't it boek in jongereinboek liket te wêzen is it ek seker oansprekkend foar folwoeksenen. It is echt, suver en emosjoneel heftich, sa't elkenien de puberteit ûnderfûn hat; it ferhaal lit gjin lêzer ûnoandien.'
Sjuery Rink van der Veldepriis 2014

Opmerkingen

Omrop Fryslân hat yn 2013 de searje ‘De Keet’ útstjoerd. De regisseur fan de dramasearje wie Mirjam de With. 
De lokaasje fan de tsiendielige searje is ferlykber mei dy yn de roman De keet fan Annawâld, mar it ferhaal is oars. Op it Noordelijk Film Festival yn novimber 2013 wie de premiêre. Mear by Omrop Fryslân.




Leestips/meer weten

Oer de skriuwer, op tresoar.nl/literatuer
Besprek yn it Friesch Dagblad

Samengesteld door

Bart Temme

Aanbevolen

Opdrachten


Niveau 1 - Opdrachten

Boek Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld
NûmerN1/1
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal of yndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om dy te identifisearjen mei de personaazjes

Opdracht

1. Mei wat foar personaazje út De keet fan Annawâld soest goed befreone wêze kinne? Lis út wêrom.

2. Meitsje in Instagramprofyl oan foar dit personaazje. Folje safolle mooglik ynformaasje oer him of har yn (âldens, berteplak, ynteresses, ensafh).

3. Freegje in klassegenoat om in ynhâldlik berjocht op it 'Prikbord' fan it Instagramprofyl te pleatsen.

4. Meitsje in print screen fan it profyl, plak de print by de oare antwurden fan dizze opdracht en ferwiderje it profyl fan Instagram.

Makke trochBart Temme
Boek Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld
NûmerN1/2
Nivo1
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusynhâld
Learst

om nei te tinken oer de ynhâld

Opdracht

Yn it twadde haadstik fan it boek betinke de jongeren fan Annawâld in namme foar har keet. Se komme op 'De Keet'.

1. Betink in namme dy't dy better liket foar de keet.

2. Lis út wêrom't dizze namme neffens dy better is.

3. Letter yn it ferhaal komt der noch in oare keet te praat: 'De Wipkip'. Neam in oerienkomst en in ferskil tusken De Keet en De Wipkip.

4. Wêr giet de konfrontaastje tusken 'De Keet' en 'De Wipkip' oer?

5. Falt dy konfrontaastje te begripen? Lis út.

Makke trochBart Temme

Niveau 2 - Opdrachten

Boek Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld
NûmerN2/1
Nivo2
Stúdzjelêst2 slû
Wurkfoarmtwatal of yndividueel
Fokusferhaalline en personaazjes
Learst

om de ferhaalline en de hannelingen fan personaazjes te analysearjen

Opdracht

Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Tryater in dramarige makke: 'De Keet'. It ferhaal fan dy dramasearje liket op De keet fan Annawâld. It giet ek oer in groep freonen dy't faak gesellich byinoar komme yn har keet.

1. Hokker ferhalen út de jeugdroman fan Freddy Scheltema soene gaadlik wêze foar in dramasearje? Lis út.

2. Hokker personaazje út it boek soe de haadrol hawwe moatte? En wêrom? 

3. Hokker personaazjes út de jeugdroman soest caste foar in dramasearje? Lis út.

4. Betink mei in klasgenoat de earste twa ôfleveringen fan in dramasearje dy't basearre is op De keet fan Annawâld. Skriuw de ferhaalline fan de haadpersoan fan ‘dyn’ dramasearje út yn in skript. 

Bronnen

Omrop Fryslân, De keet

Makke trochBart Temme
Boek Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld
NûmerN2/2
Nivo2
Stúdzjelêst1 slu
Wurkfoarmtwatal of yndividueel
Fokuspersonaazjes
Learst

om personaazjes en relaasjes te analysearjen

Opdracht

1. Meitsje in list mei de nammen fan de acht personaazjes út De keet fan Annawâld.

2. Set de nammen fan de personaazjes yn ûndersteande blokken. Lûk linen tusken de personaazjes dy't mei-inoar te meitsjen hawwe.


Sosjogram 8Ps 640x 270


3. Beneam yn stekwurden (rûzje, fereale, ensafh) de relaasje dy't de personaazjes mei-inoar hawwe. Bygelyks: Amber hat 'knipperljochtferkearing' mei Rinze.

4. Skriuw yn it koart op hoe't it ôfrint mei de acht personaazjes yn it boek.

Makke trochBart Temme
Boek Scheltema, Freddy De keet fan Annawâld
NûmerN2/3
Nivo2
Stúdzjelêst2 slu
Wurkfoarmyndividueel
Fokusperspektyf
Learst

om nei te tinken oer de ferteltechnyk

Opdracht

Bestudearje it ûnderdiel oer 'perspektyf' yn it Basisboek literatuur (sjoch boarne) en skriuw de trije meast foarkommende soarten perspektyf op.

1. Hoe hjit it perspektyf dat brûkt wurdt yn De keet fan Annawâld?

2. Lês side 20 (it begjin fan haadstik 3) noch in kear en skriuw dy op 'en nij, mar no út in ik-perspektyf wei.

3. Wat soe der yn de tekst fan it boek feroarje as Freddy Scheltema it hiele boek skreaun hie út it ik-perspeftyf wei?

4. Wat tinkt dy, soe De keet fan Annawâld mei sa'n ik-perspektyf in moaier of in minder boek wêze? Lis út.

Bronnen

Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur, Grins 2009, s. 101-106

Makke trochBart Temme

Docenteninformatie

Yntroduksje 

Freddy Scheltema waard yn 1960 berne yn Easterein. Hy wie boarder by de NAM, barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. Hy is no amtner en spilet yn in punkband. Yn 2010 ferskynde syn debútroman De reüny, oer de opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Twa jier letter kaam er mei De keet fan Annawâld.

Ynhâld

De keet fan Annawâld spilet him ôf ûnder in ploech jongeren út it fiktive doarp Annawâld. Annawâld is saai. As ien fan de jongeren op it idee komt om de ôfdankte karavan fan syn âlden as keet yn te rjochtsjen, fynt er byfal by syn leeftiidsgenoaten. Yn de ferskate haadstikken wurdt ferteld oer de avontoeren fan de jongerein. De keet dêr't se byelkoar komme is it ferbinende elemint.

Swierte

Foar N1-lêzers is it boek tige oantreklik skreaun: de sinnen binne koart, der steane in protte dialogen yn. De roman is net dik en de struktuer is ienfâldich. Foar N2-lêzers is der dêrom minder útdaging. De N1- en N2-lêzers sille har identifisearje kinne mei de haadpersonaazjes: jongerein. Ek de ferwizings nei de hjoeddeiske jeugdkultuer (muzyk, moderne apparatuer) binne oantreklik foar de lêzers fan beide nivo's. Elk haadstik is skreaun út in oar perzonaasje wei. Dat mearfâldich perspektyf is foar N1-lêzers miskien lestich, foar N2-lêzers sit dêr krekt de útdaging. It boek hat gjin iepen plakken, alles wurdt eksplisyt beskreaun.

Diminsjes

Yndikatoaren

Taljochting | komplisearjende faktoaren

Algemien fereasken (om tekst begripe te kinnen)

Reewilligens

De N1-lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in roman mei in protte personaazjes. It boek bestiet út ferskate ferhalen, yn elk ferhaal stiet in oar personaazje sintraal. De lêzer moat dêr foar iepen stean. Foar N2-lêzers sil dat minder in probleem wêze.

Ynteresses

De ferskillende tema's (jongerein, earste leafde, freonskip) út De keet fan Annwâld sille N1-lêzers ynteressearje. Se sille har maklik identifisearje kinne mei de jonge haadpersonaazjes. N1-lêzers hâlde fan realistyske ferhalen. De keet fan Annawâld jout har sokke ferhalen.

Algemiene kennis

Kennis oer de wrâld is net nedich, De keet fan Annawâld spilet yn it no. Dat is foar N1- en N2-lêzers tige oantreklik. Se sille de ferwizingen nei it hjoeddeiske libben (muzyk, televyzje, film, moderne apparatuer as iPods en BlackBerry's) maklik begripe kinne. Psychyske kennis is net belangryk: de personaazjes binne flat characters: de N1- en N2-lêzer kin se maklik bedjipje, se hawwe in ienfâldich karakter.

Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks)

Spesifike literêre kennis is net fereaske.

Fertroud mei literêre styl

Wurdgebrûk

Der steane gjin lestige wurden yn 'e roman. De keet fan Annawâld is yn hjoeddeiske taal skreaun. Foar N1- en N2-lêzers is de skriuwer syn wurdgebrûk tige tagonklik.

Sinskonstruksjes

De sinnen yn De keet fan Annawâld binne faak koart: Scheltema brûkt hast gjin bysinnen. De sinskonstruksjes yn it ferhaal binne dêrom ienfâldich foar sawol N1- en N2-lêzers.

Styl

De styl is tige tagonklik foar N1 en N2-lêzers. De roman is skreaun yn praattaal, Scheltema brûkt gjin metafoaren. De ferhalen ûnderskiede har troch dialogen, foar N1-lêzers is dat oantreklik. De tema's binne troch Scheltema eksplisyt beskreaun. De stof wurdt de lêzer optsjinne. Foar de N1-lêzer is dat fijn, de goede N2-lêzer wol miskien mear útdaging.

Fertroud mei literêre prosedees

Aksje

De roman bestiet út ferskate ferhalen, der bart in soad yn de ferhalen. Dat is oantreklik foar N1-lêzers. De dialogen soargje dêrneist foar tempo. Der is ien reade tried: de keet as moetingsplak. Troch de ferskate ferhalen is der net echt sprake fan in plot. Ek krijt net elke ferhaalline in ferfolch binnen de roman. Foar N1-lêzers is dat miskien lestich.

Gronology

De struktuer fan de roman is op himsels ienfâldich. It begjint mei it ynrjochtsjen van de keet en dêrnei folget de lêzer ferskate fan de jongeren. Guon ferhaallinen binne gronologysk en komme letter werom yn de roman, lykas it ferhaal fan Pieter. De roman hat koarte haadstikken en der is in dúdlik ein: de keet wurdt ûntbûn, elk giet syn eigen wei. Foar de N1-lêzer is dat goed. Yn it ferhaal sitte net folle werom- of foarútferwizings.

Ferhaalline(n)

De ferhaallinen yn De keet fan Annawâld is goed te folgjen foar N1-lêzers: de avontoeren fan ferskate jongerein. It ferhaal is net kompleks foar N1- en N2-lêzers. Se sille har identifisearje mei de jonge personaazjes, ek al is net elk karakter útdjippe.

Perspektyf

It boek hat in auktoriale fertelsituaasje. De lêzers wurde twongen om har te identifisearjen mei in protte personaazjes, foar guon lêzers is dat miskien lestich. Se moatte meigean yn de prakkesaasjes fan alle personaazjes.

Betsjutting

Scheltema beskriuwt yn De keet fan Annawâld de tema's eksplisyt (selsmoard, freonskip, leafde, rûzje). De N1-lêzer hoecht der net op sitte te stinnen. It boek befettet gjin djippere betsjuttingslagen: der steane yn de roman gjin ferwizings nei de polityk, literatuer of filosofy.

Fertroud mei literêre personaazjes

Karakters

It binne jonge minsken; de N1-lêzer sil in soad fan har hannelings begripe kinne (earste ferkearing, op stap gean mei freonen, striid tusken groepen jongeren). De karakters meitsje gjin ûntwikkeling troch, it binne flat characters. De redenen fan har hannelings wurde net echt útwurke. Dêrtroch binnen sommige ferhaallinen ûnfoarsisber (de dea fan Pieter). Guon karakters krije mear oandacht, sa as Halbe (de keet is fan syn âlden), Rinze en Pieter. De fammen yn de freonegroep komme in bytsje oan bod.

Hoemannichte

Der komme in protte personaazjes foar yn De keet fan Annawâld. Dêrtroch is der net echt in ûnderskied tusken haadfigueren en byfigueren. Sawol N1-lêzers as N2-lêzers moatte dêr rekken mei hâlde.

Untjouwing fan karakters

De prakkesaasjes fan de karakters steane ticht by de belibbingswrâld fan N1- en N2-lêzers. De ferhâldingen tusken de karakters (in groep freonen) is har net frjemd. Dy ferhâldingen binne net kompleks (net folle psychologyske ferdjipping), se binne maklik te befetsjen. De N1-lêzers sille har de prakkesaasjes fan de karakters en har ûntjouwing maklik yntinke kinne.

Relevante  boarnen foar dosinten

 

Jaap Krol, 'Kete yn 'e karavan', Friesch Dagblad, 17 novimber 2012, te finen op tresoar.nl by it boekprofyl.
Sjueryrapport fan de Rink van der Veldepriis 2014 jout op siden 5 en 6 in moaie karakteristyk fan it boek, sjoch pdf.