Under wetter
- Niveau
- Niveau 4
- Jaar uitgave
- 2009
- Uitgeverij
- Friese Pers Boekerij
- Plaats
- Ljouwert
- Aantal pagina's
- 239
- Genre
-
- distopyske roman
- ideeëroman
- psychologyske roman
- Tags
-
- frijheid
- Fryske beweging
- klimaatferoaring
- leafde
- takomst fan it Frysk/Fryslân
- identiteit
- Taalniveau
- C1
- Lenen bij de bibliotheek
Printe boek fan Biblioteek Fryslân (foar leden fan Biblioteek Fryslân)
Sprutsen boek fan Passend lêzen (foar ast dyslektysk bist)
Over de auteur
Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Hy die de pedagogyske akademy en wurke sûnt 1975 yn Kollumersweach yn it basisûnderwiis. Sûnt 2014 is er mei pinsjoen. Foardat er as skriuwer begûn spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Dêrnei folgen noch fiif, de lêste allinne as e-book. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Under wetter is wat de opbou oangiet syn meast tagonklik wurk. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy't de lêzer hyltyd wer ferrast.
Inhoud
Dizze roman spilet oer fyftich jier. De seespegel stiet in stik heger as no en earder al hat 'de Kommisje' besletten de helte fan Nederlân priis te jaan oan it wetter. Der wurdt in grutte nije seedyk boud, Fryslân leit oan de ferkearde kant. In groepke studinten wennet yn Ljouwert, dat al heal ûntfolke is, en wol net samar fuortgean. Se binne fan doel om in oanslach te plegen op ien fan de betinkers fan de plannen. Op 2 oktober 2065 begjint haadpersoan Sil Posset oan in deiboek. Dy dei marsjearje Poalske soldaten de stêd yn om de oarder te hanthavenjen. De lêzer folget Sil yn de lêste trije moannen fan 2065: syn leafde foar Ynke, syn fraach hoe't it komt mei de Friezen en it Frysk, de ferhâlding mei syn freonen dy't hyltyd minder wurdt, allegear tsjin de achtergrûn fan in stêd dy't ferfalt en ûntmantele wurdt. As op 1 jannewaris 2066 alles ûnder wetter komt te stean wit Sil yntusken wêr't syn takomst leit.
Leesaanwijzingen
Koos Tiemersma hat in tige byldzjende en literêre styl en seit de dingen soms oars as sljochtwei. Dêr moatte je op betocht wêze en miskien oan wenne. Sa skriuwt haadpersoan Sil daliks oan it begjin al yn syn deiboek: 'Hjoed foar it earst in oarlochsboek bewenne', as er de Poalske soldaten de stêd ynkommen sjocht. Fierder moatte je wenne oan de sprongen dy't it ferhaal bytiden makket.
Alle wichtige personaazjes wurde yn de earste tolve siden neamd sûnder folle útlis oer hoe't se har ta elkoar ferhâlde. Ek dat kin dreech oankomme. Ast de earste tritich siden lêzen hast nimt it ferhaal dy wol mei, mar it bliuwt los fan gearhing omdat it in deiboek is.
Waardering
'Ik haw dit boek mei in protte nocht lêzen. Tiemersma brûkt sa'n styl dat je hielendal yn Sil syn persoan sitte en de wrâld troch syn eagen besjogge.'
Jetske Bilker yn de Leeuwarder Courant
'Betizing is miskien wol it grutte tema fan Under wetter. It ferhaal spilet him dan wol ôf yn de takomst, de ynstruminten om dy te skilderjen hâldt Tiemersma hiel werkenber.'
Jaap Krol yn it Friesch Dagblad
'Under wetter is, hoewol net sûnder tekoartkommings, lykwols ien fan 'e opmerklikste Fryske proazawurken fan 'e lêst pear jier (…).'
André Looijenga op Ensafh
Leestips/meer weten
Oer de skriuwer: biografyske skets
Besprekken fan it boek by it boekprofyl
Website fan Froon Akker (Koos Tiemersma)
Samengesteld door
Bart TemmeAanbevolen
Opdrachten
Niveau 3 - Opdrachten
Boek | Tiemersma, Koos Under wetter |
Nûmer | N3/1 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | sjenre |
Learst | om nei te tinken oer it sjenre |
Opdracht | A Beäntwurdzje dizze fraach foardatst mei de roman begjinst |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Tiemersma, Koos Under wetter |
Nûmer | N3/2 |
Nivo | 3 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | twatal |
Fokus | tematyk |
Learst | om te reflektearjen op morele fraachstikken út de roman |
Opdracht | Diskussiearje mei in klasgenoat oer de folgjende stelling: |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 4 - Opdrachten
Boek | Tiemersma, Koos Under wetter |
Nûmer | N4/1 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | auteursyntinsje |
Learst |
om de auteursyntinsje te analysearjen |
Opdracht |
1. Lês it fraachpetear fan Sietse de Vries mei Koos Tiemersma út
de boarne (sjoch hjirunder). |
Bronnen |
Sietse de Vries, LC 27-02-2009 |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Tiemersma, Koos Under wetter |
Nûmer | N4/2 |
Nivo | 4 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | motto |
Learst | om it motto te analysearjen |
Opdracht | 1. It motto fan Under wetter is ûntliend oan Hessel Miedema. |
Bronnen | [1] Biografyske skets Hessel Miedema op tresoar.nl |
Makke troch | Bart Temme |
Niveau 5 - Opdrachten
Boek | Tiemersma, Koos Under wetter |
Nûmer | N5/1 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 1 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | styl |
Learst | om de styl fan de auteur te analysearjen |
Opdracht | Yn Under wetter hat Koos Tiemersma gebrûk makke fan twa stylregisters: byldspraak (sjoch boarne [1]) en irony (sjoch boarne [2]). |
Literaire theorie | 'Stijl', yn: Joke van Balen e.a., Basisboek literatuur, Grins 2009, side 127-129. |
Bronnen | [1] Elske Schotanus oer Under wetter, eigen webside. |
Makke troch | Bart Temme |
Boek | Tiemersma, Koos Under wetter |
Nûmer | N5/2 |
Nivo | 5 |
Stúdzjelêst | 2 slu |
Wurkfoarm | yndividueel |
Fokus | oeuvre |
Learst | om te reflektearjen op de kultuerhistoaryske betsjutting fan it oeuvre fan de auteur |
Opdracht | Skriuw in skôging fan sa'n 450 wurden oer it oeuvre fan Koos Tiemersma en de betsjutting fan syn skriuwerskip foar de Fryske literatuer. Behannelje de trije punten dy't hjirûnder neamd binne. |
Bronnen | [1] tresoar.nl, biografyske skets |
Makke troch | Bart Temme |
Docenteninformatie
Yntroduksje
Koos Tiemersma (1952) is berne te Frjentsjer. Hy die de pedagogyske akademy (no de PABO) en wurke sûnt 1975 yn Kollumersweach yn it basisûnderwiis. Sûnt 2014 is er mei pinsjoen. Foardat er as skriuwer begûn, spile er in skoft yn de band Skift. Yn 2002 ferskynde syn debútroman De Ljedder. Dêrnei folgen noch fiif, de lêste allinne as e-book. Hy publisearret sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Syn proaza hat komplekse en trochtochte konstruksjes. Under wetter is kwa opbou syn meast tagonklik wurk. Tiemersma spilet in ferrifeljend spul mei de lêzer en mei de taal. Hy hat in boartlike en rike styl dy't de lêzer hyltyd wer ferrast.
Ynhâld
Dizze roman spilet oer fyftich jier. De seespegel stiet in stik heger as no en earder al hat 'de Kommisje' besletten de helte fan Nederlân priis te jaan oan it wetter. Der wurdt in grutte nije seedyk boud, Fryslân leit oan de ferkearde kant. In groepke studinten wennet yn Ljouwert, dat al heal ûntfolke is, en wol net samar fuortgean. Se binne fan doel om in oanslach te plegen op ien fan de betinkers fan de plannen. Op 2 oktober 2065 begjint haadpersoan Sil Posset oan in deiboek. Dy dei marsjearje Poalske soldaten de stêd yn om de oarder te hanthavenjen. De lêzer folget Sil yn de lêste trije moannen fan 2065: syn leafde foar Ynke, syn fraach hoe't it komt mei de Friezen en it Frysk, de ferhâlding mei syn freonen dy't hyltyd minder wurdt, allegear tsjin de achtergrûn fan in stêd dy't ferfalt en ûntmantele wurdt. As op 1 jannewaris 2066 alles ûnder wetter komt te stean wit Sil yntusken wêr't syn takomst leit.
Swierte
De roman Under wetter fan Koos Tiemersma is skreaun yn deiboekfoarm: de sinnen yn de roman binne faak koart, de styl is stakkato. N3-lêzer sille dêr gjin muoite mei hawwe. Wol steane der in protte lestige wurden yn it boek. N4- en N5-lêzers kinne har fêstbite yn dit geve Frysk. It ferhaal wurdt gronologysk ferteld. N3-lêzers sille dat wurdearje. Foar N3-lêzers is der genôch útdaging. Sy hâlde fan ferhalen oer psychologyske en morele kwestjes. Tiemersma jout har sa'n ferhaal. Hoefier geane minsken foar it behâld fan de Fryske taal en identiteit? It plot fan it boek is, nettsjinsteande it 'Foaropwurd', net foarsisber. N4-lêzers sille dat wurdearje. De personaazjes en tematyk fan Under wetter stean fier ôf fan de jongerein; foar N5-lêzers leit hjir wer de útdaging, mar foar N3-lêzer kin dat in blokkade wêze.
Diminsjes |
Yndikatoaren |
Taljochting | komplisearjende faktoaren |
Algemiene fereasken (om tekst begripe te kinnen) |
Reewilligens |
De lêzer moat ree wêze om him oer te jaan oan in detaillearre skreaun ferhaal, dat op bepaalde flakken net realistysk is, mar earder yn it sjenre fan de distopyske roman falt. |
Ynteresses |
Under wetter is geskikt foar lêzers dy't hâlde fan ferhalen oer psychyske, sosjale en morele fraachstikken, sa as klimaatferoaring, de posysje fan de Fryske taal en de striid foar behâld fan de Fryske identiteit. Tiemersma biedt de lêzer genôch om oer te prakkesearjen. |
|
Algemiene kennis |
De lêzer moat basale kennis ha fan klimaatferoaring en de gefolgen dêrfan foar de minsken en de ierde. Psychologyske kennis is ek wichtich: de lêzer sit yn de holle fan Sil Posset. Wêrom slút hy him oan bij de aksjegroep FRL? Yn Under wetter wurdt bytiden subtyl ferwiisd nei oare boeken, sa as Nietzsche en Shakespeare. Mar ek sûnder dy ferwizings kin de lêzer it ferhaal begripe. |
|
Spesifike literêre kennis (teory, streamingen, auteurs en mear soks) |
Under wetter kin rekkene wurde ta it sjenre fan de distopyske roman. Foar N3-lêzers is it miskien moai as se mear ynformaasje krije oer dit sjenre. De distopyske roman is in roman oer ûntminskliking fan it libben troch rampen of apokalyptyske sitewaasjes. Distopy is it tsjinoerstelde fan utopy. |
|
Fertroud mei literêre styl |
Wurdgebrûk |
Yn Under wetter steane in protte lestige wurden. De roman is yn literêr Frysk skreaun (gnaude, betûftste, wiggelje, tekrommelje, sluere, lea, mankelikens). Trochdat wurden yn in kontekst stean hoecht it wurdboek der net altyd fuortendaliks by pakt te wurden. |
Sinskonstruksjes |
Tiemersma hat syn boek yn in deiboekfoarm getten. Dêrtroch brûkt hy nea lange, yngewikkelde bysinnen en hâldt er syn sinnen meastal koart. Foar N3-lêzers binne de sinskonstruksjes goed te begripen. |
|
Styl |
De styl fan Tiemersma is net echt tagonklik foar minder betûfte lêzers. De roman befettet in protte byldspraak, bgl 'It fersûpen sit ús yn de genen', 'Hjoed foar iets earst in oarlachsboek bewenne', 'De snein is in luchtsek tusken twa wiken'. N4- en N5-lêzers sille dat wurdearje. It ferhaal wurdt bytiden ek iroanysk ferteld; dêrneist brûkt Sil Posset oare stylmiddelen yn syn deiboek, sa as selskorreksje. N3-lêzers sille dêr miskien op stinne moatte. |
|
Fertroud mei literêre prosedees |
Aksje |
Yn Under wetter is net echt sprake fan in soad aksje. Lêzers dy't dat sykje yn dizze roman sille teloarsteld wurde. Allinne de oanslach op Folkert Wigge soarget foar spanning. It ferhaal hat wol in soarte fan plot (hoe rint it ôf mei de aksjegroep FRL, sille Sil Posset en syn freonen Fryslân ferlitte?), mar it boek is folle mear in ideeëroman. It ferhaal is ûnderskikt oan it boadskip. |
Gronology |
It deiboekferhaal wurdt gronologysk ferteld: it begjint op 2 oktober 2065 en it einiget op 1 jannewaris 2066. Wol sitte der lytse tiidsprongen yn it ferhaal en flashbacks, dy't net altyd dúdlik markearre binne. Dat slút wol oan by de N3-lêzer, foar de N4- en N5-lêzer is der folle minder útdaging yn de gronology. Mar it boek hat ek noch in 'Foaropwurd' (skreaun in 2140) en in 'Tankwurd' (skreaun in 2077). Yn it ferhaal sels wurdt dêr bytiden, hiel ymplisyt, nei ferwiisd; dat is foar N4- en N5-lêzer wol in útdaging om dy ferwizings troch te sjen. |
|
Ferhaalline(n) |
It ferhaal befettet ferskillende ferhaallinen. De moard op Folkert Wigge is ien fan de ferhaallinen út it boek. Foaral N3-lêzers sille dy ferhaalline wurdearje. In oare ferhaalline is de ûntjouwing fan de relaasjes tusken de freoneklub fan FRL. Dêrneist is in ferhaalline de delgong fan de stêd en de wederwaardichheden fan Sil, dy't by einsluten dochs evakuearje moat en yn Dútslân telâne komt. Foar N4- en N5-lêzers sit de ferdjipping yn de fjirde ferhaalline: Wat dogge wy mei ús Fryske kultuer, mear yn it bysûnder mei taal en literatuer? Se kinne har ek fêstbite yn de 'iepen plakken' dy't it ferhaal biedt. |
|
Perspektyf |
Under wetter wurdt ferteld út Sil Posset wei, hy is de ik-ferteller. De lêzer folget syn tinkwize en hannelings. Troch dat perspektyf stiet de ferteller net op ofstân, foar N3-lêzers sil dat makliker wêze. |
|
Betsjutting |
Ien fan de tema's fan Under wetter is 'ferfal'. Tiemersma beskriuwt it tema hiel subtyl yn de ferskate ferhaallinen, stadich wurde de ferhaallinen mei-inoar ferbûn. De N3-lêzer sil it ferfal fan Fryslân, de Fryske taal en identiteit snel werkenne, mar N4- en N5-lêzers sille it tema op oare plakken yn de roman ek oanwize kinne, bygelyks: de teloargong fan de stêd, ûndergong fan West-Europa, de Alzheimer fan Reja, ensfh. De psychyske betsjuttingslagen (fuortgean of yn Fryslân bliuwe, de ûntjouwing fan de freonerelaasje) en de morele (stride foar Fryslân, sels mei geweld) meitsje Under wetter ta in útdaagjend boek foar N4- en N5-lezers. |
|
Fertroud mei literêre personaazjes |
Karakters |
De lêzer folget de hanlings fan Sil Posset, troch de deiboekfoarm fan it ferhaal sit de lêzer echt yn de holle fan de haadpersoan. De N3-lêzer sil dêrtroch miskien makliker de hanlings en prakkesaasjes fan Sil Posset begripe kinne. Posset is gjin personaazje dat tichtby de jongerein stiet: mei syn literêre aktiviteiten en aktivistyske ideeën sille N3-lêzers lestiger identifisearje kinne as de N4- en N5-lêzers. |
Hoemannichte |
It tal personaazjes yn Under wetter is grut. In protte personaazjes wurde yn it begjin fan it boek yntrodusearre. De personaazjes wurde yn it begjin meast allinne mei foarnamme neamd, sûnder útlis. Oan 'e iene kant jout dat betizing; it kin N3-lêzers ek tsjinstean. Omdat de personaazjes net allegear útdjippe wurde, sille de N3-lêzers ek harren bêst dwaan moatte om de karakters te begripen. Binnen it ferhaal biede de personaazjes wol 'iepen plakken'; N4- en N5-lêzers kinne dêrmei oan de slach. |
|
Untjouwing fan karakters |
Yn it ferhaal makket Sil Posset in ûntwikkeling troch, foar lêzers is it ynteressant om dat te ûntdekken. It giet yn de roman benammen om syn ferhâlding ta de wrâld en ta de minsken yn in feroare wrâld. N4- en N5-lêzers sille it hâlden en dragen fan Sil ynterpretearje en keppelje oan de tema's fan de roman. Wat dogge wy mei ús Fryske taal en literatuer? |
|
Relevante boarnen foar dosinten |
Jetske Bilker, 'Ferdwynt Fryslân?', Leeuwarder Courant, 6 maart 2009 |